Cork (Ierlân)

Ut Wikipedy
Cork
Corcaigh
Fan boppe ôf, lofts nei rjochts: Stedhûs, de English Market, fjouwerkant yn UCC, de rivier Lee, Shandon Steeple.
Fan boppe ôf, lofts nei rjochts: Stedhûs, de English Market, fjouwerkant yn UCC, de rivier Lee, Shandon Steeple.
Polityk
Lân Ierlân
Provinsje Munster
Greefskip Greefskip Cork
Sifers
Ynwennertal 119.230 (2011)
Oerflak 37,3 km²
Befolkingsticht. 3.194,18/ km²
Hichte 9 m
Oar
Stifting 6e iuw
Tiidsône WET (UTC+0)
Simmertiid (UTC+1)
Offisjele webside
www.corkcity.ie
Statio Bene Fida Carinis
In feilige haven foar skippen

Cork (Iersk: Corcaigh, fan corcach, dat is 'sompe') is de op ien nei grutste stêd yn de Republyk Ierlân. It is ek de haadstêd fan it greefskip Cork en leit yn de provinsje Munster, benei oan de súdkust fan it eilân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cork is in âlde delsetting. Der binne bewizen út 1172 foar in kleaster stichte fan Sint Finbar. De stêd is in de rin fan iuwen iderkear opnij opboud nei oanfallen fan ûnder oaren Wytsingen en Noarmannen.

Prins John joech Cork stedsrjochten yn 1185. Ea wie de stêd folslein bemuorre. In grut part fan de midsiuwen wie Cork in bûtenpost fan Ingelske kultuer, mei frijwat fijannige Gaels yn de omkriten, ofsnijd fan it Ingelsk regear yn the Pale om Dublin hinne.

It bestjoer fan de stêd wie yn hannen fan 12 oant 15 hannelsfamyljes dy't harren kaptaal fertsjinnen mei oerseeske hannel yn Jeropa – benammen mei eksport fan wol en hûden en de ymport fan sâlt, izer en wyn. Cork hie yn de midsiuwen sa'n 2.100 ynwenners. It ynwennertal rûn yn 1349 benei mei de helte werom doe't de Swarte Dea, de pest, tasloech. Cork spile yn 1491 in rol yn de Ingelske Wars of the Roses doe't Perkin Warbeck, gadingmakker foar de Ingelske troan, yn de stêd oankaam en besocht meistanners te rekrutearjen foar syn plan om Hindrik VII fan Ingelân fan de troan te stjitten. De boargemaster (mayor) fan Cork en ferskate pommeranten út de stêd gienen mei Warbeck nei Ingelân. Doe't de rebûlje mislearre waarden sy fêstset en eksekutearre.

Yn de Ierske ûnôfhinklikheidskriich waard it sintrum fan Cork yn de brân (The Burning of Cork) set troch de Britske Black and Tans en waard der fûl fjochte tusken de Ierske guerrillas en troepen fan it Feriene Keninkryk. Yn de Ierske boargerkriich waard Cork in skoft beset troch tsjinstanners fan it Ingelsk-Iersk ferdrach; letter waard it plak út see wei wer ynnaam troch it nasjonale leger dat wol foar it ferdrach wie.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Patrick's Street

De stêd hat twa grutte katedralen: St. Mary's Cathedral en St. Finbar's Cathedral. It moderne Cork Opera House is ien fan mar in pear yn syn soarte yn Ierlân. It sintrum fan Cork kin him wat arsjitektuer oanbelanget mjitte mei Dublin en Belfast.

St. Patrick's Street is de grutte haad- en winkelstrjitte. Grand Parade, ek yn it sintrum, is in brede strjitte mei beammen dy't Patrick Street mei South Mall ferbynt. South Mall leit oan de oare kant fan it eilân yn de Lee, dat it sintrum is. Oan dyn strjitte binne in protte finânsjele ynstellings en kantoaren festige. Fan de âlde stedsmuorren en grêften binne mar stikjes fan oer.

Cork wie yn 2005 de kulturele haadstêd fan Europa.

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cork wie yn it ferline in stêd mei in protte spoarferkear. Der wienen op in stuit acht stasjons. No is dêr net folle mear fan oer: der is in stasjon yn it sintrum; dêrwei giet der in trein nei Dublin en nei Cobh. Oant likernôch 1935 hie Cork ek in tram.

De ynternasjonale lofthaven Cork Airport is de twadde lofthaven fan de Republyk en ferwurke yn 2010 sa'n 2,43 miljoen reizgers.

Ferneamde ynwenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berne yn Cork
Ferneamde âld-ynwenners

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]