Springe nei ynhâld

Leonid Andrejev

Ut Wikipedy
Leonid Andrejev
skriuwer
In portret fan Leonid Andrejev troch Ilja Repin.
In portret fan Leonid Andrejev troch Ilja Repin.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leonid Nikolajevitsj Andrejev
(Леонид Николаевич Андреев)
nasjonaliteit Russysk
berne 21 augustus 1871
[datum Alde Styl: 9 augustus]
berteplak Orjol (Ruslân)
stoarn 12 septimber 1919
stjerplak Mustamäki (Finlân)
etnisiteit Russysk
wurk
taal Russysk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
toaniel, poëzij, non-fiksje
perioade Belle Époque
streaming realisme, naturalisme,
symbolisme, ekspresjonisme
bekendste
  wurk(en)
Стена ("De Muorre")
В Тумане ("Yn de Dize")
Бездна ("De Ofgrûn")
jierren aktyf ±18951919
offisjele webside
n.f.t.

Leonid Andrejev, folút: Leonid Nikolajevitsj Andrejev (Russysk: Леонид Николаевич Андреев; sekuerdere transliteraasje: Leonid Nikolajevič Andrejev; Orjol, 21 augustus [datum Alde Styl: 9 augustus] 1871Mustamäki (Finlân), 12 septimber 1919) wie in Russysk toanielskriuwer, dichter en skriuwer fan romans, novelles en koarte ferhalen. Hy wurdt beskôge as ien fan 'e meast talintfolle en produktive fertsjintwurdigers fan wat wol de Sulverne Iuw fan 'e Russyske literatuer en keunst neamd wurdt. Yn syn styl kombinearre er eleminten fan it reälisme, it naturalisme en it symbolisme. Hoewol't er troud wie mei in grevinne, stipe er op polityk mêd de ôfsetting fan 'e tsaar, yn 1917. De machtsoername troch de bolsjewiken foarseach er lykwols as rampsillich foar Ruslân. Hy ferfear op 'e tiid nei Finlân, fan wêrút oft er him mei politike manifesten en pamfletten tsjin it bolsjewistysk bewâld yn syn heitelân kearde, oant er foartidich stoar oan in hertoanfal.

Andrejev waard yn 1871 berne yn in begoedige fermidden op it plattelân fan 'e Russyske provinsje Orjol. Hy studearre rjochten yn Moskou en Sint-Petersburch, mar fûn úteinlik wurk as in rjochtbankferslachjouwer foar in Moskouske krante. Yn dy snuorje skreau er syn measte poëzij, dy't er ek besocht útjûn te krijen, mar hy waard troch de measte útjouwers ôfwiisd. Yn 1898 waard syn earste koarte ferhaal, Баргамот и Гараська (Bargamot i Garas'ka, "Bargamot en Garaska") publisearre yn it Moskouske deiblêd de Kurier. Dêrmei loek er de belangstelling fan de ferneamde skriuwer Maksim Gorki, dy't him oanrette om him op syn literêre wurk te konsintrearjen. Uteinlik, doe't Andrejev súkses begûn te krijen, joech er yndie syn baan deroan, en hy en Gorki bleaune jierrenlang befreone. Fia Gorki rekke Andrejev ek behelle yn 'e Moskouske literêre fermiddens, en in protte fan syn wurk waard mei help fan Gorki útjûn.

Andrejev syn earste bondel koarte ferhalen en novelles, mei as titel Стена (Stjena, "De Muorre") kaam út yn 1901, en dêrfan waarden al rillegau in fearn miljoen eksimplaren ferkocht, wat him yn Ruslân ta in literêre grutheid makke. Yn 1902 publisearre er В Тумане (V Tumanje, "Yn de Dize") en Бездна (Bjezdna, "De Ofgrûn"), twa koarte ferhalen dy't doedestiden grutte opskuor feroarsaken troch de iepentlike behanneling fan it ûnderwerp seks. Tusken 1898 en 1905 brocht Andrejev fierders withoefolle oare koarte ferhalen út oer in ferskaat oan ûnderwerpen, lykas it libben op it Russyske plattelân, foarfallen yn de rjochtbank en it tichthûs (wêrby't er gebrûk makke fan syn eigen ûnderfinings as rjochtbankferslachjouwer), en medyske saken. Syn belangstelling foar en dêrút fuortfloeiende kennis fan de psychology en de psychiatry beaen him de mooglikheid en ferwurkje yn syn skriuwen de doetiidske ynsichten yn 'e minsklike psyche, en om memorabele persoanlikheden te beskriuwen dy't letter klassike peronaazjes fan 'e Russyske literatuer wurde soene. Fan 1905 ôf begûn Andrejev ek toanielstikken te skriuwen, lykas It Libben fan de Minske (1906), Tsarehonger (1907), Swarte Maskers (1908), Anatema (1909) en De Dagen fan Us Libben (1909). Fral mei It Libben fan de Minske hied er grut súkses. Tsjin 1911 begûn er op 'e eftergrûn te reitsjen, wylst skriuwers fan in nije generaasje, lykas de futuristen, populêr waarden.

Doe't Ruslân yn almar revolúsjonêrder farwetter kaam, mong Andrejev him aktyf yn it maatskiplike en politike debat as in ferdigener fan 'e demokratyske ideälen. Yn ferskate fan syn ferhalen, wêrûnder Красный Смех (Krasiyj Smjech, "It Reade Laitsjen"), út 1904, Губернатор (Gubjernator, "Gûverneur"), út 1905, en Рассказ о Семи Повешенных (Rasskaz o Sjemi Povješennych, "De Sân Dy't Ophongen Waarden"), út 1908, hied er earder al útdrukking jûn oan syn politike ideeën. Yn syn wurk út 'e tiid fan 'e revolúsje sprekt faak in folslein pessimisme en slimme wanhope. Ofsjoen fan syn politike geskriften produsearre Andrejev nei 1914 net folle mear. Yn 1916 waard er redakteur fan 'e literêre taheakke fan 'e krante Russyske Wil.

Andrejev stipe de Febrewarisrevolúsje fan 1917, mar hold syn hert fêst doe't de bolsjewiken almar mear macht nei har taloeken. Hy seach it swurk driuwen, dat mids 1917, rom foar't troch de Oktoberrevolúsje syn djipste eangsten wier waarden, ferfear er nei it doe krekt ûnôfhinklik wurden Finlân, dêr't er him nei wenjen sette yn it plakje Mustamäki, fuort oer de grins, op 'e Karelyske Lâningte, yn in gebiet dat yn 1939 troch Finlân oan 'e Sovjet-Uny ôfstien wurde moast; Mustamäki hjit tsjintwurdich fan Gorskovkoje, en leit yn 'e Russyske provinsje Leningrad (dy't, oars as de stêd dêr't er nei neamd is, syn namme noch altyd net weromferoare hat ta Sint-Petersburch). Ut Finlân wei skreau Andrejev politike manifesten en pamfletten tsjin 'e bolsjewiken en harren misregear fan syn heitelân. Hy brocht syn lêste jierren yn djippe earmoede troch, en men wol wol hawwe dat syn foartidige dea oan in hertoanfal, op 12 septimber 1919, feroarsake waard troch syn djippe fertriet oer de politike gong fan saken yn Ruslân.

Andrejev wie troud mei grevinne Anna Wielhorska. Harren soan Daniil Andrejev, in dichter en mystikus, wie de skriuwer fan û.m. Roza Mira. Andrejev syn pakesizzer wie de Amerikaanske skriuwster Olga Andrejew Carlisle, dy't yn 1987 in oersette samling fan har pake' koarte ferhalen útjoech, ûnder de titel Visions. Ferskate fan syn toanielstikken binne ek yn Amearika produsearre, lykas The Sorrows of Belgium, dat skreaun wie oan 'e begjin fan 'e Earste Wrâldoarloch as in oade oan 'e heldemoed fan it Belgyske folk tsjin 'e ynfallende Dútsers, en fierders The Life of Man (1917), The Rape of the Sabine Women (1922), He Who Gets Slapped (1922) en Anathema (1923). He Who Gets Slapped waard yn 1924 ek ferfilme. Poor Murderer, in adaptaasje troch Pavel Kohout fan Andrejev syn koarte ferhaal Prakkesaasjes, iepene yn 1976 op Broadway.

Andrejev yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskate gedichten fan Leonid Andrejev binne nei it Frysk ta oerbrocht troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't benammen bekend is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes. Syn fertalings waarden yn gearbrocht ûnder de titel Leonyd Nikolájewytsj Andréjew, en yn 1974 yn twa dielen publisearre yn it tydskrift Alternatyf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Andrejev, Leonid Nikolajevitsj, Leonyd Nikolájewytsj Andréjew (oers. Klaas Bruinsma), yn: Alternatyf, fol. 4 (1974), ôfl. 3-4.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.