Springe nei ynhâld

Benny Odinga

Ut Wikipedy

Bernardus (Benny/Ben) Odinga (Ljouwert, 22 desimber 1919 – dêre, 20 novimber 2003) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA fan Frysk komôf.

Hy wie in soan fan Klaas Odinga (1898-1962) en Hijlkje Klaassen (1898-1982). Yn 1929 ferhuze de húshâlding nei Huzum (destiids it haadplak fan de gemeente Ljouwerteradiel) dêr't syn heit in boekhâld- en belestingkantoar hie. Nei de mulo koe er yn 1936 fanwegen de krisis ynearsten gjin wurk fine, mar op it lêst koe er begjinne by in fersekeringskantoar.
Under de Twadde Wrâldoarloch siet er in skoft ûnderdûkt. Dêrnei wurke er by in distriktsburo fersoarging oarlochsslachtoffers. In skoftsje letter waard er mei de Eerste Divisie 7 December nei Nederlânsk-Ynje stjoerd. Hoewol't er gewissebeswieren hie, is er doe dochs gien.
Werom yn Nederlân gie er oan't wurk by de gemeentesekretary fan Ljouwert. Teffens wie er fan de jierren 60 ôf aktief yn de PvdA. Yn 1962 waard er ponghâlder fan de ôfdieling Ljouwert en fan 1965 oant 1978 wie er sekretaris fan de ôfdieling Fryslân fan de PvdA. Yn 1969 waard er personeelskonsulint by de gemeentlike plysjekorpsen yn Fryslân. Fan 1978 oant 1982 wied er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn dat lêste jier waard er, nei it ôfgean fan Jan Schurer, waarnimmend boargemaster fan de gemeente Utingeradiel dy't yn 1984 by de gemeentlike weryndieling fan Fryslân opheft waard.

Odinga stoar novimber 2003 yn de âldens fan 83 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: