Jan Schurer (politikus)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Jan Hendrik Schurer (Snits, 10 oktober 1931Wolvegea, 5 juny 1989) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de PvdA.

Nei de ambachtsskoalle en it ferfollen fan syn tsjinstplicht gie er yn 1954 oan't wurk by Philips yn Drachten. Dêrneist folge er jûnsstudzjes en wied fan 1962 ôf oan lid fan de gemeenteried fan Smellingerlân. Yn 1970 waard er dêr fraksefoarsitter en letter is er yn dy gemeente ek wethâlder west. Begjin 1978 waard Schurer de boargemaster fan Utingeradiel as opfolger fan Jacobus Anker dy't oant dan de lêste partijlezze boargemaster fan Fryslân wie. Yn juny 1982 folge syn beneaming ta boargemaster fan Weststellingwerf.

Fan ein 1987 ôf wie Schurer sa slim siik dat er de gemeenteried net mear foarsitte soe. Mids 1989 stoar er; hy waard 57 jier.