Jacobus Anker

Ut Wikipedy
J. Anker

Jacobus Anker (Oost- en West-Souburg (Seelân), 25 febrewaris 1913Akkrum, 20 febrewaris 1998) wie in Nederlânsk politikus.

Nei syn fiifjierrige hbs-stúdzje yn Flissingen kaam hy yn 1931 earst as folontêr en dêrnei as amtner te wurkjen by de gemeentesekretary fan Ritthem. Yn 1934 makke hy de oerstap nei de provinsjale griffy fan Fryslân. Fan juny 1945 ôf wie hy trije moannen waarnimmend boargemaster-sekretaris fan Flylân en yn desimber fan dat jier folge syn beneaming ta boargemaster-sekretaris fan Skiermûntseach. Yn 1955 waard syn broer Adriaan Anker boargemaster fan Flylân en yn novimber 1956 waard hysels boargemaster fan de gemeente Utingeradiel wêrfan it gemeentehûs yn Akkrum stie. Polityk sjoen fielde hy him besibbe oan de Partij fan de Arbeid oant dy yn 1966 mei Tien over Rood in ruk nei links makke. Anker besleat doe partijleas te bliuwen wêrtroch't hy net yn de beneaming kaam foar boargemastersposten yn gruttere gemeenten. Hy bleau dêrom oant syn pinsjoen begjin 1978 de boargemaster fan Utingeradiel en wie doe de lêste partijleaze boargemaster fan Fryslân. Letter dat jier wie hy noch inkele moannen waarnimmend boargemaster fan Warkum. Yn 1998 ferstoar hy 84-jier jier âld. Mei syn frou krige hy in dochter en trije soannen wêrûnder de twilling Wim en Hans Anker dy't bekend wurden binne as abbekaat.