Springe nei ynhâld

Ritthem

Ut Wikipedy
Ritthem
Fort Rammekens
Fort Rammekens
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Seelân
Gemeente Flissingen
Sifers
Ynwennertal570 (2026)[1]
Oerflak18,27 km²,
wêrfan wetter 0,30 km²
Hichte0 m
Oar
Postkoade4389
Netnûmer0118
Kaart
Ritthem (Seelân)
Ritthem
Kaart
Fort Rammekens
Ritthem yn 'e gemeente Flissingen.

Ritthem (Siuwsk: Rittem) is in doarpke yn 'e Siuwske gemeente Flissingen, mei 570 ynwenners (2026).

Eartiids wie Ritthem in hearlikheid en gemeente. It doarp leit tichteby de Westerskelde en by it havengebiet Flissingen-East en is, lykas de measte Walcherske doarpen, in tsjerkedoarp. De tsjerke is fan oarsprong 14e-iuwsk mei in skip út de sechstjinde iuw. Yn 'e omkriten leit op it doarpsgebiet it eardere Fort Rammekens en in byhearrend natoergebiet. Flakby Ritthem leit de grutste riolearringswettersuvering fan Seelân.

De namme Ritthem is ôflaat fan Riethem. In soad wetterkes yn it gebiet wiene mei reid begroeid en de iere bewenners brûkten it wurd hem (him) om it wenplak oan te tsjutten. De namme betsjut dus "plak dêr't reid groeid".[2]

Ritthem waard foar it earst neamd yn 1235, doe't it plak in selsstannige parochy waard. Oant dy tiid waard it fanút West-Souburg bestjoerd. Yn dy tiid leine noardlik fan Ritthem de buorskip en de hearlikheid Nieuwerve en de buorren Welzinge. Dy waarden yn 'e begjinjierren fan 'e Opstân troch it oarlochsgeweld ferwoaste. It fort Rammekens waard yn 1547 op it plak fan in midsiuwsk kastiel boud yn opdracht fan Marije fan Hongarije, de lânfâdesse fan 'e Nederlannen.

De ferneatiging fan 'e Ritthemske tsjerke late derta dat it plak oant 1612 op 'e tsjerke fan Oost-Souburg oanwiisd wie. Yn dat jier waard yn Ritthem in herfoarme gemeente stichte.

De hearlikheid Ritthem waard yn 1764 kocht troch de Flissingske famylje Lambrechtsen, dy't dêr oant 1849 bestjoerlike rjochten oer útoefene.

Oant 1 july 1966 wie Ritthem in selsstannige gemeente.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Plakken yn 'e gemeente Flissingen
Stêd:

Flissingen

Doarpen:

Oost-Souburg • Ritthem • West-Souburg

Buorskip:

Groot-Abeele

· · Berjocht bewurkje