The Life and Death of Colonel Blimp
The Life and Death of Colonel Blimp | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Michael Powell Emeric Pressburger | |
produsint | Michael Powell Emeric Pressburger | |
senario | Michael Powell Emeric Pressburger | |
kamerarezjy | Georges Perinal | |
muzyk | Allan Gray | |
filmstudio | The Archers | |
distribúsje | General Film Distributors | |
spilers | ||
haadrollen | Roger Livesey Deborah Kerr | |
byrollen | Anton Walbrook John Laurie Ursula Jeans James McKechnie | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Britsk | |
premiêre | 10 juny 1943 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk en Dútsk | |
spyltiid | 163 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | £188.812 | |
opbringst | $275.472 (Feriene Steaten) |
The Life and Death of Colonel Blimp is in Britske romantyske oarlochsfilm út 1943 ûnder rezjy fan it duo Michael Powell en Emeric Pressburger. De haadrollen waarden spile troch Roger Livesey en Deborah Kerr. De titel betsjut "Libben en Dea fan Kolonel Blimp" (Colonel Blimp is in steande útdrukking yn it Ingelsk dy't ferwiist nei in stive, stege konservatyf en ûntliend is oan 'e satiryske krantestrip mei deselde namme). De plot fan 'e film folget generaal-majoar Clive Wynne-Candy, in trochkonservative Ingelske ofsier en hear, dy't nettsjinsteande syn libbenslange tsjinst yn it Britske Leger, fan 'e Twadde Boere-oarloch oant de Twadde Wrâldoarloch, dochs nea syn naïviteit ferliest oer hoe't oarloggen útfochten hearre te wurden.
The Life and Death of Colonel Blimp waard by syn premiêre ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch it Britske regear en guon filmkritisy ferhune omreden fan it foarkommen fan ien sympatyk Dútsk personaazje. Mar yn 'e bioskopen die de film it poerbêst. Letter krige The Life and Death of Colonel Blimp erkenning as ien fan 'e grutte klassikers fan 'e Britske sinema, en guon filmkritisy beskôgje it tsjintwurdich as de bêste Britske film aller tiden. The Life and Death of Colonel Blimp is ferneamd om 'e ferfining fan it ferhaal, de briljante rezjy en de baanbrekkende kamerarezjy yn Technicolor.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Twadde Wrâldoarloch is yn folle gong en generaal-majoar Clive Wynne-Candy is ien fan 'e wichtichste kommandanten fan 'e Britske Home Guard. Dat is in leger fan parttime frijwilligers dat doedestiden opset is om wjerstân te bieden oan in eventuele ynvaazje fan Ingelân troch nazy-Dútslân, mei't it profesjonele Britske Leger foar it oergrutte part yn Noard-Afrika en Birma fjochtet. Wannear't der in grutskalige oefening fan 'e Home Guard holden wurdt, docht Wynne-Candy it him foarôf oan tiid om yn syn heareklub in Turksk bad te nimmen, want der is ôfsprutsen dat de 'oarloch' pas om midsnacht begjint.
Luitenant "Spud" Wilson, dy't by de oefening de tsjinpartij oanfiert, hat lykwols de opdracht krigen om it sa reälistysk mooglik te meitsjen. Om't de nazys har oan gjin inkele regel hâlde, beslút hy dat de oarloch no fuortendaliks begjint. Hy en syn mannen kinne sûnder swierrichheden oant yn it hert fan it gebiet fan 'e fijân trochkringe, want om't de oarloch pas om midsnacht begjint, meie se by de dykôfsettings fan 'e troepen fan Wynne-Candy gewoan trochride. Se bejouwe har nei de heareklub ta, dêr't se it Turkske bad binnenfalle en Wynne-Candy en syn hiele stêf yn ien kear kriichsfinzen nimme. Wilson negearret dêrby de skandalisearre útrop fan 'e generaal dat de oarloch pas om midsnacht begjinne soe. Ynstee makket er wat ûngelokkige opmerkings oer de grouwe búk en de grutte snor fan syn oerhearrige, en fan gefolgen rint de konfrontaasje út op slaanderij, wêrby't beide mannen yn it bad rûgelje. Wynne-Candy boalderet: "Smoarge bloarre! Hast gjin idee wêrom't ik dy snor groeie litten haw!"
Dêrop folget in lange flashback, dy't it meastepart fan 'e film omfettet.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
- Twadde Boere-oarloch
Fjirtich jier earder, yn 1902, keart in folle jongere luitenant Clive Candy werom út Súd-Afrika fan it front fan 'e Twadde Boere-oarloch. Omtrint dyselde tiid ferstjoert in Edith Hunter, in Ingelse dy't as gûvernante wurket yn Berlyn, de haadstêd fan it Keizerryk Dútslân, in brief nei hûs. Dêryn beklaget hja har oer it feit dat in Dútser dy't fan Kaunitz hjit yn Berlyn anty-Britske propaganda oer de striid yn Súd-Afrika ferspriedt. Se hat heard oer in oarlochsheld dy't fan Clive Candy hjit, en se soe wol wolle dat dyselde nei Berlyn kaam om regaad te meitsjen, mei't er perfoarst fluch ôfweve soe mei Kaunitz. It brief is rjochte oan har suster Martha, dy't kunde hat oan in maat fan Candy, dat sadwaande kriget Candy it brief fia-fia ûnder eagen. Hy stiet daliks ree om nei Berlyn, mei't er Kaunitz noch ken út 'e tiid dat dy as spion yn in Britsk finzenekamp yn Súd-Afrika fêstholden waard. As er de saak lykwols ûnder de oandacht bringt by syn oerhearrigen, wurdt him oansein dat soks wat is foar diplomaten om op te lossen en dat er him der net mei bemuoie moat.
Candy negearret dat en reizget dochs ôf nei Berlyn, dêr't er juffer Hunter moetet en mei har nei in Bierhaus giet dêr't Kaunitz en syn maten in stamtafel hawwe. Hoewol't er juffer Hunter dúdlik makke hat dat er inkeld as waarnimmer kommen is om't er fan syn oerhearrigen neat dwaan mei, kin er it net litte om mei Kaunitz in grap út te heljen. Yn it finzenekamp dêr't de man yn Súd-Afrika fêstholden waard, hie men mar ien grammofoanplaat, dy't dêrom griis draaid waard. Candy freget it orkest yn it Bierhaus om dat ferske te spyljen, en wannear't Kaunitz harren freget om dermei op te hâlden, keapet Candy it orkest om troch alle leden op bier te traktearjen. Lang om let kriget Kaunitz Candy yn it each en begrypt er dat er it slachtoffer is fan in flauwe grap. Der folget in konfrontaasje dy't útrint op slaanderij en wêrby't Candy troch te sprekken foar't er neitinkt it hiele ofsierskorps fan it Keizerlike Dútske Leger mislediget.
Neitiid steane de Dútsers derop dat der in duël útfochten wurde moat foar de eare fan it Dútske Leger. De funksjonarissen fan 'e Britske ambassade, dy't ta argewaasje brocht binne troch it rûchhouwerich optreden fan Candy, besykje soks tsjin te kearen, mar rêde it net op. De Dútske ofsier tsjin wa't Candy it opnimme moat, wurdt keazen troch te lotsjen: it wurdt Theodor Kretschmar-Schuldorff, dy't sels ek noch nea in duël útfochten hat om't er eins tsjin dy âlde tradysje is. No wurdt er lykwols troch omstannichheden twongen der dochs oan mei te dwaan. It duël fynt plak yn 'e gymnastykseal fan it Prusyske 2e Regimint Ulanen, ûnder tafersjoch in neutrale partij yn 'e foarm fan 'e Sweedske militêr attasjee kolonel Borg. By it duël, dat mei de sabels útfochten wurdt, bringt Candy syn tsjinstanner in bonkedjippe jaap oer de foarholle ta, wylst Kretschmar-Schuldorff by Candy de boppelippe der suver ôfhout (wat neitiid it groeie litten fan in mânske snor nedich makket om 'e groede te bedekken).
De beide duëllisten drage inoar lykwols neat nei en wannear't se neitiid stadichoan opbetterje fan harren ferwûnings yn itselde sikehûs foar de hegerein, reitsje se befreone. Edith besiket Candy dêr hast eltse dei en hat sadwaande ek in protte gedoente mei Kretschmar-Schuldorff. Tsjin 'e tiid dat de wûnen fan 'e beide mannen safierhinne genêzen binne dat se it sikehûs ferlitte meie, hat Kretschmar-Schuldorff leard om Ingelsk te sprekken en is er fereale rekke op Edith, dy't syn gefoelens beäntwurdet. Wannear't Kretschmar-Schuldorff dat oan Candy fertelt, is dy tige bliid foar harren. Sadwaande bliuwt Edith yn Berlyn, dêr't se meitiid mei Kretschmar-Schuldorff trout, wylst Candy weromkeart nei Ingelân. Underweis bedarret syn blydskip foar syn beide freonen lykwols folslein, as it besef by him trochkringt dat er sels ek fereale rekke is op Edith. Thús yn Londen rekket er in skoftke wei yn depressiviteit, mar syn muoike Margaret, it iennichste famyljelid dat er noch hat, wit it hege wurd út him te krijen en skuort him dertrochhinne.
- Earste Wrâldoarloch
Yn novimber 1918 is Candy ûnderwilens yn 'e striid oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch opklommen ta de rang fan brigadegeneraal. Wylst er mei syn sjauffeur, de Skotske sersjant Murdoch, troch rein en dridze fan it iene punt oan it front nei it oare besiket te kommen, stekt er oan by in Frânsk kleaster yn 'e hope dat er dêr wat te iten en in sliepplak foar de nacht krije kin. It kleaster blykt in kloft Ingelske ferpleechsters út Yorkshire te húsfêstjen, en op ien fan harren falt it each fan 'e generaal, om't se as twa drippen wetter op Edith Hunter liket. Se ferdwynt lykwols mei de oare froulju foar't er har namme freegje kinnen hat. De oare deis komt it nijs fan 'e Wapenstilstân fan Compiègne, dy't in ein oan 'e oarloch makket. Candy hâldt Murdoch foar dat de Britten de oarloch wûn hawwe om't se har oan 'e regels holden hawwe en net ôfsakke binne ta it nivo fan 'e fijân.
Candy keart werom nei Ingelân, dêr't er him der de holle oer brekt hoe't er dy ien beskate ferpleechster yn in gebiet sa grut as Yorkshire weromfine kin. Uteinlik beslút er in evenemint te organisearjen om jild yn te sammeljen foar de frijwillige ferpleechsters út dat greefskip, dy't harren ommers sa ynset hawwe. Op dy slûchslimme wize fynt er de ferpleechster werom, in frou dy't Barbara Wynne hjit en de dochter is fan in rike aristokraat. Candy rekket fereale op har en stiket om har, en sy beäntwurdet syn gefoelens, ek al is se tweintich jier jonger as hy. Dat, se trouwe en nimme, mei Murdoch as butler, harren yntrek yn Londen yn it hearehûs fan Candy syn ûnderwilens ferstoarne muoike Margaret. Ear't Barbara de wente foar it earst yngiet, lit se Candy ûnthjitte dat er nea feroarje sil oant "it hûs derûnder strûpt en dit in mar is".
Yn july 1919 spoart Candy syn âlde freon Kretschmar-Schuldorff op yn in kriichsfinzenekamp yn Derbyshire. Candy en syn nije frou reizgje dêrhinne en Candy begroetet syn maat as is der alhiel neat feroare. Kretschmar-Schuldorff, lykwols, stegeret him ôf en wol net mei him prate, dat Candy en de frou keare sûnder wat bedijd te hawwen werom nei hûs. Oardel moanne letter, as er op it punt stiet om repatriëarre te wurden nei Dútslân, skillet Kretschmar-Schuldorff fan it spoarstasjon ôf Candy op om him foar syn eardere hâlden en dragen te ûntskuldigjen. Candy beävensearret dat syn freon de jûn by him thús trochbringe mei. Wannear't Kretschmar-Schuldorff by Candy arrivearret, docht bliken dat dêr krekt in diner oan 'e gong is, wêrfoar't njonken Candy syn skoanheit leden fan 'e heechste militêre en diplomatike fermiddens yn it Feriene Keninkryk en de Britske koloanjes útnûge binne. It hie in pynlike gearkomste wurde kinnen, mar it docht bliken dat de Britske hegerein de Dútsers neat neinimt en mient dat alles wer wurde sil lykas foar de de oarloch. Kretschmar-Schuldorff is lykwols iepentlik pessimistysk oer de takomst fan himsels en syn lân. Dan folget in tige nuveraardich barren, wêrby't alle hege Britske hearen har uterste bêst dogge om harren fersleine fijân te treastgjen en op te mûnterjen.
Barbara komt yn augustus 1926 oan in net neier neamde oarsaak te ferstjerren, en Candy bliuwt neitiid as widner efter nei in houlik fan krapoan acht jier. Fan dat stuit ôf neamt er himsels Wynne-Candy, troch de famyljenamme fan syn frou silger oan syn eigen ta te foegjen. Yn 1935 swaait er sûnder folle wille ôf út it Britske Leger om mei pinsjoen te gean.
- Twadde Wrâldoarloch
Yn novimber 1939 docht Theodor Kretschmar-Schuldorff yn Londen in ymmigraasjefersyk om't er him as polityk flechtling yn Ingelân nei wenjen sette wol. Oan in funksjonaris fan 'e Britske ymmigraasjetsjinst fertelt er dat er yn 1920 út it Dútske leger gien is en oar wurk fûn hat. Hy en Edith hawwe twa soannen krigen, dy't lykwols begjin 1930-er jierren nazys wurden binne. Hy is al krapoan tsien jier fan harren ferfrjemde en hat gjin kontakt mear mei harren. Lykwols woed er lange tiid net út Dútslân wei, en doe't er lang om let foar it ferstân krige dat it syn lân net mear wie, rekke Edith ein 1933 siik en kaam te ferstjerren. Nei har begraffenis hat er Dútslân ferlitten en de lêste fiif jier hat er yn Parys wenne. De ymmigraasjefunksjonaris merkt op dat Hitler yn maart 1933 oan 'e macht kaam en dat it wol ryklik lang is foar Kretschmar-Schuldorff om in healjier nedich te hawwen om te begripen dat de nazys syn fijannen binne. Kretschmar-Schuldorff leit dêrtsjin yn dat it Feriene Keninkryk dêr seis jier foar nedich hân hat. De ymmigraasjefunksjonaris seit dat Kretschmar-Schuldorff wol úthâlde kin dat er in anty-nazy is, mar dat in nazy-spion dy't it Feriene Keninkryk binnen besiket te kommen krekt itselde sizze soe. Op dat stuit komt Wynne-Candy deryn, dy't persoanlik garant stiet foar Kretschmar-Schuldorff.
Wynne-Candy fertelt dat er troch it útbrekken fan 'e oarloch weromfrege is troch it Britske Leger en no de rang fan generaal-majoar hat. By him thús lit er Kretschmar-Schuldorff, dy't Barbara nea met hat, in portret sjen dat er fan syn frou silger meitsje litten hat. Hy bychtet op dat er fan Edith hold en it te let besefte, en dat er dêr eins nea oerhinne kommen is. Lang om let fûn er lykwols in frou dy't as twa drippen wetter op Edith liek, en net inkeld wat uterlik oanbelange. Kretschmar-Schuldorff besaut him oer de likenis tusken de beide froulju en teffens oer it feit dat Wynne-Candy him nea oer syn leafde foar Edith ferteld hat. Oan 'e ein fan 'e jûn wurdt Kretschmar-Schuldorff nei syn loazjemint weromriden troch de froulike sjauffeur fan Wynne Candy, in lid fan it ûnderstypjende Mechanised Transport Corps fan it Britske Leger. Hja hjit Angela Cannon, mar har freonen neame har "Johnny". Hja fertelt Kretschmar-Schuldorff dat se tige wiis is mei har posysje yn 'e tsjinst fan 'e generaal, dy't har persoanlik út sânhûndert gadingmeitsjende jonge froulju útsocht hat. Wannear't se stilsteane foar in ferkearsljocht, draait se har om nei har passazjier en begrypt Kretschmar-Schuldorff wêrom't Wynne-Candy har útsocht hat: se liket sprekkend op Edith en Barbara.
Neitiid soarget Wynne-Candy dat syn freon Kretschmar-Schuldorff yn Ingelân bliuwe mei. De Dútser wurdt bern oan hûs by Wynne-Candy en rekket befreone mei Angela. Wannear't Wynne-Candy útnûge wurdt en hâld in taspraak oer de evakuaasje fan Dúntsjerk foar de BBC-radiostjoerder, sitte Kretschmar-Schuldorff, Angela en Murdoch by Wynne-Candy thús foar it radiotastel klústere. Op it lêste stuit giet it spul lykwols net troch. Angela en Murdoch binne ferûntweardige, mar Kretschmar-Schuldorff docht it gjin nij, mei't Wynne-Candy him yn 't foar syn taspraak lêze litten hie. Wannear't de generaal thúskomt, leit Kretschmar-Schuldorff him út wêr't it euvel siet: Wynne-Candy hold yn syn taspraak út dat it better wie en ferlies de oarloch, dan om te ferfallen ta de metoaden dy't de nazys brûke. Hy besiket syn freon oan it ferstân te peuterjen dat it diskear om dea giet en dat de oarloch tsjin 'e nazys beslist wûn wurde moat, wat it ek kostje mei. Krekt dan komt der in brief mei dêryn it berjocht fan 'e legerlieding dat Wynne-Candy wer mei pinsjoen stjoerd wurdt. De generaal is alhiel telider slein, mar Angela komt op 'e lapen mei it idee om syn grutte militêre ûnderfining yn te setten om 'e oant no ta amateuristyske Home Guard om te turnjen ta in profesjoneler leger. Kretschmar-Schuldorff falt har by en tegearre prate se op Wynne-Candy yn oant er nije moed fettet.
Under de Slach om Ingelân spilet Wynne-Candy in krúsjale rol by it opbouwen fan 'e Home Guard. It hearehûs dat er fan syn muoike Margaret urven hat, wurdt platbombardearre troch de Luftwaffe en dêrby komt Murdoch om. Wynne-Candy nimt syn yntrek yn syn heareklub. Op it plak dêr't syn hûs stie, komt in needreservoir mei wetter om brânen mei te blussen dy't feroarsake wurde troch nije Dútske bombardeminten. De middeis foar in wichtige oefening ûntspant Wynne-Candy him yn it Turkske bad fan 'e heareklub. De dryste jonge luitenant "Spud" Wilson, dy't eins de frijer fan Angela is, brûkt de ynformaasje dy't sy him yn fertrouwen meidield hat om 'e oefening te winnen troch noch foar it begjin Wynne-Candy en syn stêf kriichsfinzen te nimmen. Angela, dy't poer is om dat ferrie, besiket de generaal noch te warskôgjen, mar it is al te let.
De oare deis, as Wilson en syn mannen in triomfantlike yntocht yn Londen hâlde, fine Angela en Kretschmar-Schuldorff Wynne-Candy werom yn in plantsoen yn 'e strjitte dêr't syn hearehûs foarhinne stie. Hy is deprimearre, mar knapt der sichtber fan op as er oantinkens oan it ferline ophelje kin. Sa fertelt er dat syn doetiidske oerhearrige, kolonel Betteridge, him flink de mantel útfeegde doe't er yn 1902 weromkaam út Berlyn. Mar hy beëinige harren petear mei in útnûging om dy jûns by him thús te kommen foar in diner. Wynne-Candy sloech dy útnûging doe ôf, mar hat dêr yn lettere jierren gauris spyt fan hân. Hy seit tsjin Angela dat se har frijer dy jûns mar meinimme moat nei de heareklub, sadat sy beiden mei himsels dinearje kinne. Mei Angela en Kretschmar-Schuldorff kuieret Wynne-Candy nei it wetterreservoir op it plak dêr't syn hearehûs stie, wylst de klanken fan it muzykkorps dat de troepen fan luitenant Wilson begeliedt, al te hearren binne. Angela en Kretschmar-Schuldorff sjogge nei de parade, mar Wynne-Candy bliuwt der mei de rêch nei ta stean. Dan komt him syn ûnthjit oan Barbara wer yn 't sin dat er nea feroarje soe oant syn hûs derûnder strûpte en dit in mar wie. Hy sjocht nei it wetterreservoir en seit by himsels: "Hjir is de mar en ik bin noch altyd net feroare." Dêrop draait er him om en saluëarret foar Wilson en syn mannen wylst dy foarbykomme.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
generaal-majoar Clive Wynne-Candy | Roger Livesey |
Edith Hunter Barbara Wynne Angela "Johnny" Cannon |
Deborah Kerr |
- byrollen
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Colonel Blimp út 'e titel fan The Life and Death of Colonel Blimp is in steande útdrukking yn it Ingelsk dy't ferwiist nei in stive, stege konservatyf. De term is ûntliend oan 'e (doe, yn Ingelân) tige bekende satiryske krantestrip mei deselde namme fan striptekener David Low. Neffens it regisseursduo Michael Powell en Emeric Pressburger wie it ferhaal fan 'e film lykwols net oan 'e strip ûntliend, mar oan in weilitten sêne út harren foargeande film, One of Our Aircraft Is Missing (1942). Dêryn fertelde in âlder lid fan in fleantúchbemanning oan in jonger lid: "Do witst net wat it is om âld te wêzen." Neffens Powell wie it idee eins ôfkomstich fan (de letter ferneamde regisseur) David Lean, dy't (doe, as filmeditor) opmurk dat yn dy iene regel tekst eins in film op himsels ferburgen siet.
The Life and Death of Colonel Blimp waard net allinnich regissearre troch Powell en Pressburger, se skreaune ek it senario en diene sels de produksje fia harren filmstudio The Archers. Foar de film wie in budget beskikber fan £188.812. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Georges Perinal, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Allan Gray. De militêre adviseur fan 'e produksje wie luitenant-generaal sir Douglas Brownrigg (1886-1946), waans libben grutte oerienkomsten fertoande mei dat fan 'e haadpersoan, mei't hy ek yn 'e Earste Wrâldoarloch fochten hie, nei de Evakuaasje fan Dúntsjerk mei pinsjoen stjoerd wie en doe in liedende rol op him nommen hie by it opbouwen fan 'e Home Guard.
De produksje waard aktyf tsjinwurke troch de Britske Striidkrêften, dy't neat fan it útgongspunt fan 'e plot hawwe moasten. Fierdere swierrichheden doemden op doe't premier Winston Churchill op oantrúnjen fan syn minister fan Oarloch James Grigg in memo ferstjoerde wêryn't er skreau dat it meitsjen fan The Life and Death of Colonel Blimp ferbean wurde moatte soe. Pas nei't de autoriteiten yn maaie 1943 in earste, rûch montearre ferzje fan 'e film sjoen hiene, waarden de beswieren tsjin The Life and Death of Colonel Blimp ynlutsen, hoewol't Churchill in hekel oan 'e film hold en derfoar soarge dat der noch oant yn augustus fan dat jier in eksportferbod foar de film fan krêft bleau. De Britske filmdistributeur makke dêr skamteleas gebrûk fan om minsken nei de bioskoop te lokjen (sjoch wat it Britske regear net wol dat men yn it bûtenlân te sjen kriget.)
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Powell woe eins Laurence Olivier yn 'e haadrol fan Clive Wynne-Candy hawwe. Mei him hiene Powell en Pressburger earder gearwurke yn 49th Parallel en The Volunteer. Mar Olivier tsjinne op dat stuit yn 'e Fleet Air Arm, de Britske marineloftfearttsjinst, en dy wegere om Olivier ferlof te jaan foar it meitsjen fan 'e film, mei't de Britske Striidkrêften op dizze spesifike film tsjin wiene. Fierders wie Powell syn earste kar foar de kombinaasjerol fan 'e trije froulike haadpersoanen Wendy Hiller. Dyselde moast lykwols ôfsizze om't se swier wie.
It personaazje fan frou Von Kalteneck, de goekunde fan Theodor Kretschmar-Schuldorff dy't yn it Berlynske sikehûs yn it begjin de kommunikaasje tusken him en Wynne-Candy fasilitearret om't se Ingelsk sprekt, wie in rol fan Ursula Jeans. Sy wie yn it echte libben troud mei Roger Livesey, dy't Wynne-Candy spile. Hoewol't se gauris tegearre op it toaniel stiene, wie dit de iennichste kear dat se tegearre yn in film te sjen wiene.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar The Life and Death of Colonel Blimp fûnen oer in perioade fan fjouwer moannen plak yn 'e Denham Film Studios en op lokaasje yn en om Londen en yn it lânhûs Denton Hall yn Yorkshire. Yn 'e film wurdt sa'n protte Dútsk sprutsen, dat men de film wol foar twatalich oanmerke kin. It Dútsk is boppedat fan in kwaliteit dy't men selden heart yn films út Ingelsktalige lannen.
De opnamen fan The Life and Death of Colonel Blimp waarden dreech makke troch de troch de oarloch feroarsake tekoarten op fan alles en noch wat. Boppedat laten de beswieren dy't Churchill tsjin 'e film hie, ta in ferbod op it jaan fan tagong oan 'e filmcrew ta lykfol hokker militêr personiel en materieel. Nettsjinsteande dat slagge it Powell en Pressburger om noch frijwat militêre unifoarmen en legerfiertugen te "finen". It ferbod wie trouwens net fan tapassing op 'e Amerikaanske troepen dy't yn it Feriene Keninkryk legere wiene; sadwaande waarden de rollen fan in Amerikaanske kaptein en sersjant mei wa't Wynne-Candy oan it Westfront fan 'e Earste Wrâldoarloch gedoente kriget, fertolke troch twa echte Amerikaanske militêren: in kaptein W.H. Barrett en in korporaal Thomas Palmer.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Life and Death of Colonel Blimp waard fersoarge troch General Film Distributors. De film iepene op 10 juny 1943 yn 'e Britske bioskopen. De premiêre waard dyselde deis organisearre troch lady Margaret Alexander, de oarehelte fan in liedend Britsk generaal, yn 'e Odeon-bioskoop oan Leicester Square yn Londen.
Omreden fan 'e ôfkarring fan 'e Britske oerheid foar de film kaam dy pas yn 1945 yn 'e Feriene Steaten út, en doe noch inkeld yn in oanpaste foarm: yn swart-wyt mei as titel The Adventures of Colonel Blimp of koartwei Colonel Blimp. De oarspronklike lingte fan 163 minuten waard dêrfoar werombrocht ta 150 minuten. Letter waard der ek noch in tillefyzjeferzje foar de Amerikaanske merk makke, ek yn swart-wyt, mei in spyldoer fan 90 minuten. Ien fan 'e krúsjale feroarings dy't yn 'e ferkoarte ferzjes trochfierd waard, wie it ferwiderjen fan 'e flashbackstruktuer, sadat de hiele film ien lineêr ferhaal waard.
Yn 1983 waard de oarspronklike ferzje fan The Life and Death of Colonel Blimp hielendal restaurearre en op 'e nij útbrocht yn 'e bioskopen. Hast tritich jier letter folge in nije restauraasje, wêrfoar't it jild gearbrocht waard troch it krewearjen fan 'e bekende Amerikaanske regisseur Martin Scorsese, in grut bewûnderder fan 'e film.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By it útkommen yn juny 1943 waard The Life and Death of Colonel Blimp swier oanfallen, benammen fanwegen de sympatike werjefte fan in Dútser, te witten: Theodor Kretschmar-Schuldorff. Dyselde wurdt net inkeld foarsteld as in anty-nazy, mar teffens as in persoan dy't folle mear reälistysk en wrâldwiis is as de altyd wat nayf bliuwende Britske haadpersoan. Dat The Life and Death of Colonel Blimp winliken in satire op it Britske Leger en it idee fan 'e "ofsier en hear" is, foel ek net by eltsenien yn goede ierde. De film lokke dêrmei in ekstremistysk pamflet út, mei as namme The Shame and Disgrace of Colonel Blimp ("De Skande en Beskamsumens fan Kolonel Blimp"), skreaun troch de sosjologen E.W. Robson en M.M. Robson, dy't lid wiene fan 'e obskuere Sidneyan Society. Dyselden omskreaune The Life and Death of Colonel Blimp as "de skandlikste produksje dy't ea út in Britske filmstudio kommen is".
Wat de Britske premier Winston Churchill no eins krekt op The Life and Death of Colonel Blimp tsjin hie, bliuwt ûndúdlik, mar hy die gâns war om 'e film tsjin te wurkjen en de produksje op te hâlden. Guon filmhistoarisy hawwe spekulearre dat Churchill, dy't de film ynsafier bekend sels nea sjoen hat, op basis fan hearren sizzen fermoede dat it personaazje fan Clive Wynne-Candy in parody op himsels wie. Hy hie sels ommers op yngeande wize by de Twadde Boere-oarloch en de Earste Wrâldoarloch belutsen west.
Sûnt de restauraasje fan 'e film yn 'e 1980-er jierren wurdt The Life and Death of Colonel Blimp troch filmkritisy rûnom beskôge as in filmklassiker fan 'e 1940-er jierren. Party, ûnder wa Anthony Lane fan The New Yorker, beskôgje it sels as de bêste Britske film dy't ea makke is. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Life and Death of Colonel Blimp in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 34 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] bringt jin op oandwaanlike wize sawol Britske noarmen en wearden as it ferrinnen fan 'e tiid yn 't sin, en is in epyske portrettearring fan in singelier personaazje fan Powell en Pressburger." Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, hat anno 2023 (noch) gjin beoardieling fan The Life and Death of Colonel Blimp.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It is ûnbekend wat The Life and Death of Colonel Blimp yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk opbrocht, mar wol is dúdlik dat it de op twa nei populêrste film fan 1943 wie, nei In Which We Serve en Casablanca. Yn 'e Feriene Steaten brocht The Life and Death of Colonel Blimp yn 'e bioskopen $275.472 op.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Britske oarlochsfilm
- Britske romantyske dramafilm
- Romantyske oarlochsfilm
- Ingelsktalige film
- Dútsktalige film
- Film fan Michael Powell en Emeric Pressburger
- Film út 1943
- Film oer it Britske Leger
- Film oer it Keizerlike Dútske Leger
- Film oer de Twadde Boere-oarloch
- Film oer de Earste Wrâldkriich
- Film oer de Twadde Wrâldkriich yn Jeropa en Afrika
- Film oer in duël
- Film oer freonskip
- Film oer widdosteat
- Film oer âlderdom
- Film oer in militêr
- Film oer in gûvernante of bernefamke
- Film oer in ferpleechkundige
- Film oer in sjauffeur
- Film oer kriichsfinzenskip
- Film oer propaganda
- Film oer tiid