Skarsterbrêge
Skarsterbrêge | ||
Westkant fan Skarsterbrêge | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 800 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 6,87 km² (6,74 km² lân, 0,13 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 116 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A6 A7 | |
Postkoade | 8517 | |
Netnûmer | 0513 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 57' NB, 5° 47' EL | |
Offisjele webside | ||
https://www.skarsterbrege.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Lokaasje Skarsterbrêge (grien) yn 'e eardere gemeente Skarsterlân. |
Skarsterbrêge is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, tusken De Jouwer en Sint Nyk. It doarp hat 800 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As in lytse koloanje is Skarsterbrêge yn de 18e iuw ûntstien as útbuorren fan Ousterhaule en Ouster-Nijegea op de Skarren, op de krusing tusken in dyk en in feart, de Skarster Rien. Dat wetter rint fan de Tsjûkemar nei de Langwarder Wielen. Op 'e hichte fan de skarren (in gebiet dat boeren mienskiplik brûkten om fee te weidzjen) waard it doarp boud. Lange tiid waard Skarsterbrêge dan ek De Skarren neamd. Yn 1888 waard de Skarremole boud.Yn de 18de iuw waard, ter ferfanging fan in drûchfallen feart, de Skarster Rien groeven foar de turffeart. Yn de Skarren moast in (tol)brêge komme foar de krúsende dyk.
Yn 1911 waard it alfde fabryk fan it Súdhollânske suvelkonsern N.V. Hollandia yn Skarsterbrêge boud. Hoewol't dat byldbeskiedende fabryk tusken 1929 en 2002 fan Nestlé hiet, hjit de haadstrjitte fan it doarp noch altyd Hollandiastrjitte. Earste helte 20e iuw bestie Skarsterbrêge allinnich út dy strjitte mei dêroan in tsjerke en in pear pleatsen njonken it fabryk en syn rige arbeidershúskes fan griis en rôze kalksânstien, dy't it byld fan it doarp útmeitsje.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Skarsterbrêge diel út fan de eardere gemeente Doanjewerstâl, dêrnei fan de gemeente Skarsterlân, dy't yn 2014 opgie yn de fúzjegemeente De Fryske Marren.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oan de Sint Nykster kant fan it doarp stiet noch in opfallend bouwurk. De protestanske tsjerke waard yn 1914 troch de foaroansteande Snitser arsjitekt Geert Stapenséa ûntwurpen yn in behearste Berlagiaanske styl en mei dekorative keramyske sier fan kuenstner Willem Brouwer út Leiderdorp.
Njonken de Skarrenmoune steane by it doarp ek noch twa wynmotors, in lytse en in wat gruttere. Byldbeskiedend yn de Hollandiastrjitte is in rige arbeiderswenten út begjin 20e iuw. East fan it fabryk leit hjoed de dei in nijbouwyk mei dêryn in fiiftal strjitten. De âldste twa strjitten besteane hast hielendal út rychjeshuzen, wylst de nijere strjitten (boud nei de 1990-er jierren) hast allinnich út frijsteande huzen bestean. Yn de nijste strjitte (Trijegea) wennet men teffens oan it wetter fan de Skarster Rien.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Pleatslik Belang Skartsterbrêge komt op foar de belangen fan it doarp. Om 'e pear moanne komt de nijsbrief Brêgepraat út. Skarsterbrêge hat in eigen basisskoalle Iepenbiere Basisskoalle De Brêge, tankstasjon en slachter. Der is alle jierren in doarpsfeest.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nut en Nocht - toaniel
- Tennisferiening De Skarslach
- Jeu de Boules feriening "De Havenboulers"
- iisklup "Trijegea"
- Biljertferiening De Freedstjitters
- Biljertferiening De Brêgestjitters
- Biljertferiening Skarsterbregster Biljert Froulju
- Biljertferiening De Trije Kûgels
Stiftings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stifting Feestkommisje Skarsterbrêge
- Stifting Skarrenmoune
- Brêgepop
- Stichting Vrienden van Westersypen
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Skarsterbrêge.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2024 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
699 | 729 | 756 | 723 | 689 | 710 | 830 | 785 |
Boarne: Alle Cijfers (2013 en 2024)
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Steven de Jong, akteur en regisseur fan ûnder oare De Kameleon-films
- Tonny de Jong, hurdrydster
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Haulstersingel - ferbynt de Haulsterdyk mei de Wâldfinnen ( Hollandiastrjitte ). Neamd nei 'haule' (=hichte) fan Ousterhaule.
- Heide - yn de rjochting fan Sint Nyk lei eartiids de Sint Nykster Heide. Nei it oanmeitsjen ferdwûn.
- Hollandiastrjitte - nei it molkfabryk Hollandia. Letter opgong yn Nestlé. Direkteur Hommeling farde yn 1910 oer de Skarster Rien en fûn it stee by de brêge, oan de dyk in gaadlik plak. Yn 1911 wie it fabryk klear. Foar it fabryk oer stiet in rige huzen foar de meiwurkers.
- Pompstrjitte - Hjir stie yn it ferline in iepenbiere pomp. De measte minsken hienen sels in reinwetterbak of in eigen pomp, mar de doarpspomp joech yn tiden fan drûchte langer wetter omdat dy fierder de grûn yn siet.
- Houtfeartwei - brûkt foar ferfier fan hout út de bosken fan Hústerheide.
- Rienstrjitte - nei de Skarster Rien neamd, ferbining Tsjûkemar - Langwarder Wielen. Dat wetter wie nedich foar turfferfier. Op âlde kaarten steane de 'Alde Rien' en de 'Nije Rien' /'Rien'.
- Roazebosk - wie begroeid mei planten út de roaseftigen. Troch de oanlis fan de A7 waard de dyk yn twaen spjalte.
- Skarren - skarren binne mienskiplike greiden om of by in doarp. Doarpsminsken mochten dêr simmerdeis de kij rinne litte. It hiele feangebiet fan de Trijegeaen en Skarsterbrêge waard skarren neamd. Hoe mear der oanmakke waard, hoe minder skarren der oerbleaunen.
- Skoalstrjitte - Oant healwei 1998 stie hjir de legere skoalle út 1843. Der sit no in leanbedriuw yn.
- Stringen - stringen wurde brûkt om in hynder te mennen.
- Trijegea - nei Ouster Trijegeaen: Ouster-Nijegea, Aldeouwer en Ousterhaule.
- Tsjoele - in tsjoele is in sleepblok ûnder it tiksel fan in wipkarre, ploech. It is ek in stik ark om de grûn slocht te meitsjen.
- Wâldfennen - âlde namme foar in lân mei strewellen, sompen en puoltsjes.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |