Geert Stapenséa [1] (Menaam , 13 novimber 1877 - Haarlim , om 31 desimber 1948 [2] ) wie in arsjitekt dy't fral yn Fryslân aktyf wie. Stapenséa syn ûntwerpen binne beynfloede troch de Amsterdamske Skoalle en het Nije Bouwen . Syn kantoar wie efter elkoar festige yn Snits en yn Heemstede . Yn Ljouwert wie er dosint oan de middelbere technyske skoalle (mts); hy joech dêr les yn boukunde en stêdebou .
1909 - Dûbele went, Stasjonsstrjitte 14 en 16, Snits (Gemeentelijk monument[3] )
1913 - Foliêre Wilhelminapark , Snits
1914 - It 'lytse' weeshûs, Snits
1914 - Protestanske tsjerke , Skarsterbrêge
1918 - Utwreidingsplan Drachten[4] [5]
1920 - Sûkerfabryk Frisia , Frjentsjer
1921 - Friesche Bank, Ljouwert
1921 - Suvelfabryk, Aldegea, Smellingerlân[6] [7]
1927 - Rykstsiismerkenfabryk, Leien (gemeentlik monumint)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
↑ nettsjinsteande it skerpteken op it trêde wurdlid wurdt de efternamme útsprutsen mei de klam op it twadde wurdlid
↑ Rou-advertinje yn Haarlim's Deiblêd fan 4 jannewaris 1949, teffens neffens de Boargerlike Stân
↑ Stationsstraat , Monuminten yn en om Snits
↑ Monumenten in Nederland. Fryslân : Rond de Rijks-HBS (1919) kwam een nieuwe wijk tot ontwikkeling op basis van een uitbreidingsplan uit 1918 van G. Stapensea
↑ Op de kaart ligt Drachten al lang aan het spoor , Friesch Dagblad , 12 septimber 2009
↑ Verkenning Zuivelfabriek Oudega , Rapport over de mogelijke herbestemming van de voormalige zuivelfabriek aan de Fabrykswei te Oudega, Projectbureau Herbestemming Industrieel Erfgoed Fryslân, 2 septimber 2013
↑ Slooppand zuivelfabriek mogelijk erfgoed , Het nieuws van Weekblad Actief, 20 feb. 2013