Wilhelminapark (Snits)
It Wilhelminapark is it âldste stedspark fan de stêd Snits. It park fan 3 hektare waard yn 1898 oanlein ta gelegenheid fan de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina.
It Wilhelminapark leit krekt bûten it sintrum fan Snits tusken de Boalserterwei en de Frjentsjerter Feart. Yn 1898 waard it park oanlein yn de Ingelske lânskipsstyl. It park is ûntwurpen troch túnarsjitekt Gerrit Lambertus Vlaskamp en is noch hast hielendal yn oarspronklike steat/foarm. It Wilhelminapark is it twadde park fan Nederlân, nei it Vondelpark yn Amsterdam, dat ryksbeskerming hat. De gemeente Snits is sûnt de ein fan de Twadde Wrâldoarloch eigener fan it park.[1]
Beammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it park steane 10 bysûndere beammen: in Gingko, Goudesk, Yperenbeam (1898), Linebeam (yn 1898 yn oanwêzichheid fan 1700 skoalbern plante), Moerassypres (1898), Papierbjirk, Plataan, Robinia, Fleugelnút en Wettersypres.[2]
Bank foar âlderein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist de parkwachterswenning stiet in Bank foar Alden fan Dagen. De dûbele en oerkape bank is yn 1920 delsetten op fersyk fan de âldere ynwenners fan de stêd. De 90-jierrige Jan Ras lei de earste stien. Sijbe Jellema ûntwurp de bank, dy't bysûnder is troch syn luifels, rêchskot en sydskotten.[3]
Brêgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De brêgen yn it park binne ûntwurpen troch Abert Teunissen Broost. Fan 1885 - 1897 wie hy, as foud fan it Ald Burger Weeshûs, ien fan de opdrachtjouwers foar de oanlis fan it stedspark. Neist direkteur fan it gemeentlike gasfabryk wie hy ek partikulier fêstige arsjitekt. Yn syn funksje as arsjitekt ûntwurp hy meardere brechjes, de parkwachterswenning en it tagongsstek fan it park (dat er lykwols nea komd is).[4]
Julianagondel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 april 1909 waard Prinses Juliana berne. De fouden fan it Old Burger Weeshûs lieten in 4,5 meter lange fantasygondel bouwe, dy't in prominint plak krige yn de sintrale fiver fan it park. It boatsje waard op 31 augustus 1909 dellsetten, mar ferdwûn yn 1936 wer. It boatsje, nei ûnderwerp fan Auke Holtrop van der Zee, waard net troch elkenien wurdeare en koste te folle ûnderhâld.[5]
Muzyktinte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sintraal yn it park leit in rûn eilân, dat gaadlik wie om muzykútfierings op te jaan. Dêrom waard yn 1917 in ferpleatsbere muzyktinte delsetten op it eilân. De tinte waard ek brûkt foar útfierings op it Skiepmerkplein, yn it sintrum fan de stêd. De foarstellings soargen lykwols foar te folle fernielings oan perken, gers en blommen, wêrtroch't al gau besluten waard om op te hâlden mei optredens yn it park. Yn 1982 waarden der boarterstastellen setten op it eilantsje.[6]
Parkwachterswenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de súdwestlike hoek fan it park stiet in parkwachterswenning. De wenning waard tagelyk mei it park boud troch timmerman Martinus Rondema. De wenning wie net botte geryflik en boppedat tige fochtich en tsjuster. De wenning is dêrom meardere kearen ferboud. Bûten de wenning stiet in kas, dêr't de parkwachter planten hold. Op it dak fan de wenning stiet in klokkestoel, om besikers der op attint te meitsjen dat de slutingstiid fan it park kommendewei is. Yn 1905 waard op in sydgevel fan it gebou in plaat oanbrocht, in geskink fan glêsfabrikant Marinus Josephus Houwink. Hjirop stiet te lêzen dat de besikers netsjes mei it park omgean moatte. De plaat is yn 1988 restaurearre.[7]
Foliêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1913 kaam in foliêre mei sier- en sjongfûgels yn it park. It gebou hat in rûne útbou, dêr't romte is foar in fontein. De foliêre is ûntwurpen troch Geert Stapensea en wurdt noch altiten brûkt, mar hat no in minder úthiemske groep bewenners.[8]