Springe nei ynhâld

Protestantske tsjerke fan Skarsterbrêge

Ut Wikipedy
Protestantske tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
plak Skarsterbrêge
adres Hollandiastrjitte 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1914-1915
arsjitekt Geert Stapenséa
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Protestantske tsjerke fan Skarsterbrêge is in tsjerke fan de protestanske gemeente fan Ousterhaule en Skarsterbrêge yn de gemeente De Fryske Marren.

It lizzen fan de earste stien foar de herfoarme tsjerke fan it doarp, dat doe offisjeel noch net bestie en by Ouster-Trijegeaën hearde, barde op 30 april 1914 troch dûmny J.E. Bos. Foar dy tiid moasten de bewenners foar it bywenjen fan in tsjinst in hiel stik rinne of ride nei Ousterhaule. It ûntwerp foar de nije tsjerke wie ôfkomstich fan de arsjitekt Geert Stapenséa en op 8 febrewaris 1915 koe de earste tsjinst holden wurde.

By de befrijing fan Nederlân yn 1945 waard der by de tsjerke fûl fochten tusken Kanadezen en Dútsers. Under de gefjochten rekke ek de tsjerke skeind.[1] De toer moast yn 1998 restaurearre wurde fanwegen lekkaazje yn de muorren, noch in gefolch fan de skea dy't ûntstien wie troch de kûgelgatten út 1945.[2]

Opfallend oan de gevel binne de keramyske omlistings om de gevelstiennen fan de earste stienlizzing en de bibeltekst (lofts en rjochts fan it portaal). De rjochter gevelstien draacht de bibeltekst "Dat uwe oogen open zijn nacht en dag over dit huis, o Heere" út 1 Keningen 8:29a. Ek de wizerplaat fan de klok hat in keramike list.

Yn de tsjerke stiet in oargel, dat yn 1918 troch de Ljouwerter firma Van Dam boud waard. It ynstrumint waard yn 1984 restaurearre troch de firma Kaat & Tijhuis út Kampen.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: