Springe nei ynhâld

Nijlân (Ingwierrum)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nijlân (Dongeradiel))
Utsicht op Nijlân
It Ingwierrumer Nijlân op de kaart fan Eekhoff, 1855

Nijlân is in buorskip noardeast fan Ingwierrum en noardlik fan Dokkumer Nije Silen yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De namme komt ek foar as Nieuwland.

Benei alle adressen fan de buorskip lizze krekt binnen de wierskynlik 12e-iuwske seedyk oan de dearinnende dyk Nijlân. Oan de oare kant fan dy âlde dyk leit de Ingwierrumerpolder (út 1754, sa'n 164,6 hektare). De buorskip hat in tal 19e-iuwske pleatsen: Nijlân 8 út 1834, Nijlân 9 út 1849, de Kleastermanpleats (Nijlân 16) út 1869 en de Cooypleats (Nijlân 28) út 1848 [1].

De Talmakoai yn 1982

Yn de omkriten fan Ingwierrum wiene sân einekoaien. Dêrfandinne de einen yn it wapen fan Ingwierrum. Fan de fjouwer oerbleaune koaien lizze twa by de buorskip Nijlân.[2]

Koai fan Keegstra of Lytse Koai

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de twa koaien is dizze de âldste en de lytste. De koai mei seis fangpipen waard al neamd yn 1620 en is nei alle wierskyn ûntstien op it plak fan in eardere dyktrochbrek. Yn 1780 kaam de koai oan de Dykkontribúsje, in pleatslik wetterskip. De Dykkontribúsje ferhierde de koai en liet yn 1849 in nije pleats foar de koaiker sette. Sûnt 1859 is de famylje Keegstra brûker en sûnt 1980 ek eigener fan de koai. Yn 2017 waard der grut ûnderhâld oan de koai útfierd.[3]

Yn 1717 boude Jacob Bodes (om 1689 - om 1755) sa'n 200 meter súdliker in twadde einekoai mei ek seis fangpipen.[4] Bodes kaam út in famylje fan koaikers en ferhierde earder al twa einekoaien by Teard yn de Eanjumer Kolken. Hy wie in tige betûft koaiker en waard sels frege om in einekoai te bouwen by de bûtenpleats fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk, Frâns I Stefan ûnder Holíč yn it Slowakije fan no.

De Talmakoai kaam dêrnei yn it besit fan de Harnzer famylje Talma. Pijbo Talma erfde de koai en de pleats anneks fan syn heit yn 1765. Yn 1832 wie de koai yn hannen fan Aritius Sybrandus Talma, griffier te Dokkum en pake fan politikus Syb Talma. De hjoeddeistige eigener is fan doel de koai in mear edukative funksje te jaan.[5][6] Ek dizze koai waard yn 2017 fannijs opmakke.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berg H.M van den, Noordelijk Oostergo - De Dongeradelen. De Haach: SDU útjouwerij; 1983. s. 327
  2. Straatsma P. Eendenkooilan: Kleddernat en volop rust. Deiblêd fan it Noarden. 22 april 2017: s. 38.
  3. Kooi van Keegstra. Kongsi van de Eendenkooi. Ta foldwaan fia: Kooikersvereniging.nl. Rieplachte op 18 juny 2018.
  4. Zijlstra H. Levensloop van de Friese kooiker Jacob Bodes. Historische Vereniging Noordoost-Friesland 2011. Beskikber fia: HVNF.
  5. Eendenkooien. Dorp Engwierum. Beskikber fia: Dorp-Engwierum.nl. Sjoen 2018 juny 2.
  6. Open dag eendenkooi Talmakooi Engwierum. WâldNet. Te sjen fia: WaldNet.nl Sjoen 2018 juny 18.
  7. Eendenkooi ‘Talma’ open voor publiek. Landschapsbeheer Friesland. Beskikber fia: Landschapsbeheerfriesland.nl. Rieplachte 2018 juny 21.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje