Kollumersweach
Kollumersweach | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.045 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,22 km², wêrfan: - lân: 10,13 km² - wetter: 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 299 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 15' N 6° 04' E | |
Offisjele webside | ||
www.kollumerzwaag.nl | ||
Kaart | ||
Kollumersweach (pleatslik ek: De Sweach) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Kollumersweach leit noardlik fan Twizel, eastlik fan De Westerein, westlik fan Feankleaster en besuden De Trieme. De doarpskearn leit om de Foarwei hinne.
De buorskippen Sânbulten en Hanenburch hearre ek by Kollumersweach.
Kollumersweach hat 3.045 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1443 wurdt it doarp Swaech foar it earst neamd yn in offisjele akte: ...Greetmans, Rechters ende meente in Oestbroecksterlande, also Kolmerland, Zwaech, Oldewolde ende Gaest...[3]. De namme betsjut greide. It destiidse doarp wie tige útstrekt en omfieme it tsjintwurdige Sweagerbosk, De Westerein en it westlik part fan it hjoeddeistige Kollumersweach Nei 1543 kaam de tsjintwurdige namme yn swang. Sweagerbosk is fan 1880 ôf in selsstannich doarp. Fan de eartiidske earmoede is net folle mear oer. De beskieden wenninkjes en boerespultsjes binne frijwol allegearre opromme. Tsjin de tsjerke oer is op nûmer 120, mei in soad ynspannings, ‘Willems Húske’ bewarre bleaun. It foldocht abslút net mear oan bou- en bewenningsfoarskriften, mar as belangrike tsjûgenis fan hoe't hjir troch kreas en himmel folk op in beskieden manier libbe waard, is it stean bleaun en restaurearre. Yn dit húske wennen generaasjes lang de kloklieders fan de tsjerke.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Kollumersweach).
Yn it sintrum stiet yn in slinger oan de Foarwei op in ferheging de âlde doarpstsjerke. Tsjerke en sealtektoer datearje út de 12e iuw. It koar is yn de 15e iuw fernijd. Der binne doe nije finsters oanbrocht. De tsjerke is yn 1888 fan de ûndergong rêden om't jonkhear Victor de Stuers yn it kueroard Mariënbad in rapport oer de werstelplannen fan de tsjerke skreau: Deze kerk [...] verdient in zijn oorspronkelijke karakter hersteld en onderhouden te worden, iets wat zonder veel moeite noch kosten kan geschieden.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- PKN-gemeente Kollumersweach
- Baptistengemeente De Thuishaven
- Evangelyske Vineyard Gemeente
De Grifformearde tsjerke is yn 2008 fan binnen folslein renovearre; dat wie te folgjen wie op in spesjale ynternetside.[4]
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oantal ynwenners troch de jierren hinne op 1 jannewaris.
1850* | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
510 | 3.031 | 2.993 | 3.017 | 3.034 | 3.049 | 3.109 | 3.076 | 3.074 | 3.056 | 3.053 |
2008 | 2009 | 2010 | 2012 | 2013 | 2014 | 2015 | 2020 | |||
3.001 | 3.028 | 3.031 | 2.989 | 2.967 | 2.969 | 2.983 | 2.921 |
* neffens Abraham Jacob van der Aa
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|