Springe nei ynhâld

Aldebiltsyl

Ut Wikipedy
Aldebiltsyl
Muontsebiltdyk
Muontsebiltdyk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 935 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 16,29 km², wêrfan:
- lân: 16,19
- wetter: 0,10 km²
Befolkingsticht. 58 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 18' N 5° 43' E
Offisjele webside
Webstee Aldebiltsyl
Kaart
Aldebiltsyl (Waadhoeke)
Aldebiltsyl
Lokaasje Aldebiltsyl yn Fryslân
Kaart
Muontsebiltdyk
Himrik (grien) fan Aldebiltsyl yn 'e eardere gemeente It Bilt

Aldebiltsyl (Biltsk: Ouwe-Syl) is in doarp yn 'e gemeente De Waadhoeke. Aldebiltsyl leit westlik fan Hallum, noardwestlik fan Alde Leie, noardeastlik fan Froubuorren en eastlik fan Nij Altena. De doarpskearn fan Aldebiltsyl leit oan beide siden fan de Kaaifeart en oan de Mûntsebiltdyk en Dûmny Schuilingstrjitte.

De buorskip Nijebiltsyl heart ek by Aldebiltsyl.

Aldebiltsyl hat 935 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Yn 1505 waard útein set mei de oanlis fan de Aldebiltdyk. By de útwetteringsslûs fan de Alde Riid nei see waard it doarp stifte. De slús, dy't de kearn fan it doarp foarmet, joech de namme oan Aldebiltsyl (syl = slûs).

De syl

Foar de ynpoldering waarden wurknimmers út Súd-Hollân oanlutsen. Hja bleane dêr en bouden harren hûzen oan de dyk. De dykwurkers waarden boer, arbeiders, fisker of slykwurker en troch de ynfloed fan it Frysk ûnstie in eigen mingtaal: it Biltsk.

Fan 1892 oant 1934 stie yn it doarp it molkfabryk 'De Broederschap'.

Troch de feroarings yn de lânbouom de jierren 1960 hinne fermindere de wurkgelegenheid en dat feroarsake in tebekset fan it tal ynwenners. Forinzen, minsken út de Rânestêd en Dútske toeristen kocht doe de leechsteande hûskes op. De omkriten binne noch altiten tige agrarysk; der wurde in soad jirpels ferboud en eksportearre nei it bûtenlân.

Oan de Aldrij, it wetter troch Aldebiltsyl, stie sûnt 1527 it hûs fan de aksynsmaster dat it Keuningshuus neamd waard. It hûs stiet de net mear, mar de wyk hjit noch de Keuningsstreek.

Sûnt 1948 is Aldebiltsyl in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Froubuorren. Oant 2018 lei it doarp yn de gemeente It Bilt, dat yn dat jier opgie yn de gemeente Waadhoeke

Yn 2018 waard yn it ramt fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 yn sân jirpelskuorren oan 'e Aldebiltdyk de tentoanstelling Fruchtbere Grônd holden.

't Graauwe Paard

Aldebiltdyk hat in doarpsbelang. Yn it dykdoarp stiet de Aerden Plaats, in kultureel besikerssintrum oer It Bilt, mei romte foar wikseleksposysjes en in argeologysk stipepunt mei in fêste presintaasje oer de bediking fan It Bilt.

It doarpskafee hjit 't Graauwe Paard. De ynwenners waarden tradisjoneel foar flaakshaaltsjes útmakke.[3]

Julianatsjerke

Yn it doarp hawwe fjouwer aparte tsjerkegebouwen stien. De herfoarme tsjerke waard yn 1960 sletten en ta wenhûs ferboud. De Fermanje fan Aldebiltsyl gie yn 1997 ticht en is tsintwurdich yn hannen fan in stifing. De Julianatsjerke makket diel út fan it kulturele besikerssintrum. It is in unyk gebou omdat de tsjerke tsjin de dyk oanboud is en al yn 1636 as fermanje brûkt waard. Pas yn 1906 krige it tsjerkje in houten tuorke. De eardere grifformearde tsjerke fusearre mei Nij Altena en hold sûn 2016 allinne de tsjerke dêr oan. Allinne de tsjerke fan de Evangelyske Gemeente wurdt hjoed-de-dei (2023) nch brûkt.

Gearwurkingsskoalle De Syl

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2015 2020
Ynwenners 604 1741 1505 1469 1254 1011 1003 955

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Muontsebiltdyk

Sjoch: Strjitten yn Aldebiltsyl

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei in ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
De Waadhoeke
Stêd:
Frjentsjer
Doarpen en útbuorrens:
AchlumAldebiltsylBaaiumBerltsumBitgumBitgummoleBlessumBoerBoksumDeinumDoanjumDronrypEasterbierrumFroubuorrenFurdgumHitsumHjerbeamIngelumKleaster-LidlumMarsumMenaamMinnertsgeaNij AltenaPeinsPitersbierrumRieSeisbierrumSint-AnneSint-JabikSkalsumSkingen SlappeterpSpannumSweinsTsjomTsjummearumDe WesthoekWierWinsumWjelsryp
Buorskippen:
AlsertBarrumDe BeintenBessebuorrenBonkwertBuerstermûne (foar in part)DearsumDykshoekeDyksterhuzenDoaiumErkensFâltumFjouwerhûsDe FlearenIt FlietFranjumbuorrenGetswertersylGlinsHearema't HeechhoutHemmemabuorrenIt HoarslânHolprypHouten BaaiumDe KampenKeimpetilleKieKystersylKoehoalKoümDe KreakeDe KrokLeakwertLankumLytselollumMeamertMiedumMolswertNijebiltsylDe OasthoekRitsumabuorrenRitsumasylRoptasylSalvertSânhuzenSitlumSkyldumSopsumStêd-NiksSwaarderbuorrenSwarte HarneSwettehoarneTeatlumTolsumTritsumTsjeppenbûrIt WarWeakensDe Westerein
· · Berjocht bewurkje