1990-er jierren
1990-er jierren | ||
De Bijlmerramp, yn 1992. | ||
<< 1980-er jrn • 1990-er jrn • 2000-er jrn >> | ||
1990 • 1991 • 1992 • 1993 • 1994 1995 • 1996 • 1997 • 1998 • 1999 |
De 1990-er jierren, ek oantsjut as de njoggentiger jierren en de jierren ’90, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1991 en duorre it oant en mei 31 desimber 2000, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1990 oant en mei 31 desimber 1999. Ier yn dit desennium kaam der definityf in ein oan 'e Kâlde Oarloch. De Sovjet-Uny, Tsjechoslowakije en Joegoslaavje foelen útinoar, wat yn it lêste gefal oanlieding joech ta de bloedige Joegoslavyske Oarloggen dy't mei tuskenskoften oant de iuwwiksel duorren en mank giene mei de Bosnyske Genoside. Oare wichtige foarfallen yn 'e 1990-er jierren wiene de opkomst fan it ynternet, it fredesproses yn it Midden-Easten, de Golfoarloch en it dêrút fuorkommende slepende konflikt tusken de Westerske wrâld en Irak, de Rûandeeske Genoside en de beëiniging fan it konflikt yn Noard-Ierlân.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Polityk sjoen waard it begjin fan 'e 1990-er jierren behearske troch it ynstoarten fan de Sovjet-Uny yn 1991, en de ein fan 'e Kâlde Oarloch, dy't koart dêrnei folge. De Sovjet-Uny foel útinoar yn fyftjin nije ûnôfhinklike lannen, wêrfan't de Russyske Federaasje, de Oekraïne en Kazachstan it wichtichst wiene. Trije fan 'e 'nije' lannen, Estlân, Letlân en Litouwen, seagen dizze ûntwikkeling trouwens as de ein oan in fyftichjierrige Russyske besetting, mei't se yn it Ynterbellum ek selsstannich west hiene. Ferskate oare multy-etnyske steaten foelen yn 'e jierren '90 útinoar, wêrûnder Tsjechoslowakije, dat yn 1993 opspjalten waard yn Tsjechje en Slowakije; Etioopje, dêr't yn datselde jier Eritreä him fan ôfskate; en Joegoslaavje, dat yn 1992 útinoar foel yn Sloveenje, Kroaasje, Bosnje, Masedoanje en in Joegoslavyske rompsteat.
Dat útinoarfallen fan Joegoslaavje late op 'e Balkan ta de Joegoslavyske Oarloggen, in rige slepende etnyske konflikten dy't duorren fan 1991 oant 1999. Yn earste ynstânsje waard der benammen fochten yn eastlik Kroaasje en yn it etnysk tige ferdielde Bosnje, mei as hichtepunt de Fal fan Srebrenica, yn 1995, ûnder de Bosnyske Oarloch, wêrby't 10.000 finzen nommen Bosnyske Moslims troch de Bosnyske Serven om hals brocht waarden as ûnderdiel fan 'e Bosnyske genoside. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren wie it in skoft relatyf rêstich op 'e Balkan oant yn 1998 Kosovo-oarloch útbriek yn Kosovo.
Behalven op 'e Balkan wiene der yn 'e 1990-er jierren ek etnyske konflikten yn 'e Kaukasus (de Nagorno-Karabachske Oarloch tusken Armeenje en Azerbeidzjan; de Abgazyske Unôfhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Abgaazje; de Súdossetyske Unôfhinklikheidsoarloch tusken Georgje en Súd-Osseesje; en de Earste Tsjetsjeenske Oarloch tusken Ruslân en Tsjetsjeenje). Yn Rûanda, yn Sintraal-Afrika, fûnen yn 1994 sa'n 800.000 minsken de dea ûnder de Rûandeeske Genoside dy't de Hûtû's op 'e Tûtsys en op moderate Hûtû's diene. Yn it Midden-Easten liek der frede tusken Israel en de Palestinen te kommen doe't yn 1993 ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton de Oslo-akkoarten sletten waarden, mar dy hope ferfleach nei't ien fan 'e inisjatyfnimmers, de Israelyske premier Yitzhak Rabin, neitiid fermoarde waard. Underwilens lokke de Besetting fan Koeweit troch Irak (1990) de Golfoarloch út, wêrby't Koeweit troch in brede koälysje fan lannen ûnder lieding fan 'e Feriene Steaten befrijd waard. It konflikt yn Noard-Ierlân waard yn 1998, nei tritich jier fan geweld, beëinige troch it sluten fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed.
Trochdat it kommunisme oan it begjin fan it desennium sa'n knoei krigen hie mei it ynstoarten fan 'e Sovjet-Uny, waarden de 1990-er jierren fierhinne behearske troch in politike swing nei rjochts, benammen yn East-Jeropa. Yn Yndia kaam foar it earst de hindoe-nasjonalistyske Bhartiya Janata Partij (BJP) oan 'e macht, dy't mei syn belied de ynterne spannings tusken hindoes en moslims fierder oanfitere. Yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Nij-Seelân en it Feriene Keninkryk waard snien yn 'e sosjale foarsjennings. Yn 'e Feriene Steaten wie ek in ûnbidige grutte taname yn it tal útfierde deastraffen.
Op ekonomysk mêd waarden de njoggentiger jierren behearske troch in oanhâldende mobilisaasje fan 'e kapitaalmerken troch it opkommende neo-liberalisme. Yn 'e twadde helte fan it desennium waarden guon ûndernimmers tusken 1997 en 2000 ryk troch de dot-combubbel. Der wie in ekstreem grutte foarútgong yn 'e technology, mei as hichtepunten de earste genterapy, de ûnbidige wrâldwide groei fan keabeltillefyzje en de yntroduksje fan it ynternet. Kultureel waarden de 1990-er jierren karakterisearre troch de opkomst fan it multykulturalisme en bewegings lykas grunge en hiphop.
Wichtichste foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 11 febrewaris - Yn Súd-Afrika wurdt anty-apartheidsaktivist Nelson Mandela nei 27 jier finzenskip frijlitten.
- 21 maart - Namybje wurdt ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- 22 maaie - Noard-Jemen en Súd-Jemen ferienje har ta ien nij lân: Jemen.
- 11 july - Begjin fan 'e Oka-krisis yn Kanada tusken de oerheid en de Mohôk-Yndianen.
- 2 augustus - Besetting fan Koeweit troch Irak.
- 2 septimber - Transnistrje ferklearret him ûnôfhinklik fan Moldaavje.
- 3 oktober - De Dútske Ienwurding: de DDR giet op yn 'e Bûnsrepublyk Dútslân.
- 20 desimber - De earste webside wurdt publisearre: it begjin fan it ynternet.
- 17 jannewaris - Mei Operaasje Desert Storm begjint de Golfoarloch, wêrby't in brede koälysje fan lannen ûnder oanfiering fan 'e Feriene Steaten Koeweit befrijt fan 'e besetting troch Irak.
- 1 maart-5 april - Yn it noarden fan Irak brekt de Sânde Koerdysk-Arabyske Oarloch út (ek wol de Nasjonale Opstân neamd), wylst yn it suden de Sjiïtyske Opstân (of de Sha'aban Intifada) begjint. Beide konflikten kinne troch it Iraakske regear ûnderdrukt wurde as bliken docht dat de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten net fan doel binne om 'e opstannelingen aktyf te stypjen.
- 11 maart - Litouwen wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 9 april - Georgje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 18 maaie - Somalilân (it eardere Britsk-Somalilân) ferklearret him ûnôfhinklik fan Somaalje.
- 21 maaie - De Yndiaaske premier Rajiv Gandhi wurdt fermoarde by in selsmoardoanslach troch in Tamyl-ekstremist.
- 25 juny - Sloveenje en Kroaasje wurde ûnôfhinklik fan Joegoslaavje.
- 26 juny - It Joegoslavyske Folksleger falt Sloveenje binnen. De Joegoslavyske Oarloggen begjinne.
- 19 augustus - By de Augustuspûtsj besykje leden fan it regear fan 'e Sovjet-Uny om presidint Michail Gorbatsjov ôf te setten en syn herfoarmings werom te draaien. Dat mislearret, wêrnei't it útinoarfallen fan 'e Sovjet-Uny net mear te kearen is.
- 19 augustus - Gagaûzje ferklearret him ûnôfhinklik fan Moldaavje.
- 20 augustus - Estlân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 augustus - Letlân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 24 augustus - De Oekraïne wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 25 augustus - Wyt-Ruslân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 27 augustus - Moldaavje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 30 augustus - Azerbeidzjan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 31 augustus - Kirgyzje en Oezbekistan wurde ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 2 septimber - Nagorno-Karabach ferklearret him ûnôfhinklik fan 'e Azerbeidzjan.
- 8 septimber - Masedoanje wurdt ûnôfhinklik fan Joegoslaavje.
- 9 septimber - Tadzjikistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 septimber - Armeenje wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 27 oktober - Turkmenistan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 12 novimber - By it Bloedbad fan Santa Cruz sjit it Yndonezyske leger yn East-Timor mear as 250 freedsume demonstranten dea.
- 16 desimber - Kazachstan wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny.
- 21 desimber - Súd-Osseesje ferklearret him ûnôfhinklik fan 'e Georgje.
- 25 desimber - Ruslân wurdt ûnôfhinklik fan 'e Sovjet-Uny, dy't dêrmei ophâldt te bestean.
- 7 febrewaris - By it Ferdrach fan Maastricht wurdt de Jeropeeske Mienskip omfoarme ta de Jeropeeske Uny.
- 1 maart - Bosnje-Hertsegovina wurdt ûnôfhinklik fan Joegoslaavje.
- 2 maart - De Transnistryske Oarloch brekt út as Moldaavje de opstannige krite Transnistrje wer ûnder syn macht besiket te bringen.
- 29 april - De blanke Amerikaanske plysjes dy't op 3 maart 1991 de swarte man Rodney King mishannelen, wurde by in rjochtsaak frijsprutsen fan alle oanklachten. Dit liedt ta dagenlange Opskuor yn Los Angeles, wêrby't de swarte befolking yn opstân komt tsjin wat yn harren eagen ûnrjocht is.
- 19 juny - Begjin fan 'e Bosnyske Oarloch.
- 21 july - De Transnistryske Oarloch einiget yn in ympasse.
- 23 july - Abgaazje ferklearret him ûnôfhinklik fan Georgje.
- augustus - By de orkaan Andrew komme op 'e Bahama's en yn 'e Feriene Steaten 65 minsken om en wurdt foar $26,5 miljard oan skea oanrjochte. Fral Floarida wurdt swier troffen.
- 4 oktober - De Bijlmerramp: in Israelysk transportfleantúch fan loftfeartmaatskippij El Al stoart del op in flatgebou yn 'e Bijlmer, yn Amsterdam. Der falle 43 deaden.
- 21 desimber - By de fleanramp fan Faro, yn Portegal, mei in ferkearsfleantúch fan 'e Nederlânske loftfeartmaatskippij Martinair, komme 56 minsken om.
- 1 jannewaris - It âlde Tsjechoslowakije wurdt op freedsume wize opheft en dêrfoar yn 't plak komme de nije, ûnôfhinklike lannen Tsjechje en Slowakije.
- 23 febrewaris - By in bomoanslach op it World Trade Center yn New York komme 6 minsken om en reitsje 1.042 oaren ferwûne. Dit is ien fan 'e ierste oanslaggen troch de islamistyske terreurbeweging Al-Qaida.
- 19 april - By it Bloedbad fan Waco giet it troch de Amerikaanske plysjetsjinst ATF belegere gebouwekompleks fan 'e sekte fan 'e Branch Davidians yn flammen op. Der falle 76 deaden.
- 24 maaie 1993 - Eritreä wurdt ûnôfhinklik fan Etioopje.
- 13 septimber - Yn Washington, D.C. ûndertekenje de Israelyske premier Yitzhak Rabin en de Palestynske foaroanman Yasser Arafat ûnder bemiddeling fan 'e Amerikaanske presidint Bill Clinton de Oslo-akkoarten, dy't in earste stap wêze moatte op 'e wei nei frede yn it Midden-Easten.
- 22 septimber - By de treinramp fan Big Bayou Canot, yn it suden fan 'e Feriene Steaten, komme 47 minsken om.
- 6 april - Yn Rwanda begjint de Rwandeeske Genoside fan Hûtû's op 'e Tûtsys en op moderate Hûtû's. Hjirby wurde omtrint 800.000 minsken fermoarde
- 6 maaie - Iepening fan 'e Kanaaltunnel tusken Frankryk en Ingelân.
- 10 maaie - Nelson Mandela wurdt presidint fan Súd-Afrika. Dêrmei is it tiidrek fan 'e apartheid foargoed foarby.
- 21 maaie - It eardere Súd-Jemen ferklearret him ûnôfhinklik as de Demokratyske Republyk Jemen. Dit liedt ta it útbrekken fan 'e Earste Jemenityske Boargeroarloch.
- 7 july - Aden falt yn 'e hannen fan it Jemenityske regearingsleger. Dêrmei is de ôfskieding fan it eardere Súd-Jemen de kop yndrukt en komt in ein oan 'e Earste Jemenityske Boargeroarloch.
- 28 septimber - Der falle 852 deaden as de fearboat MS Estonia yn 'e Eastsee te sink giet.
- 1 oktober - Palau wurdt ûnôfhinklik fan 'e Feriene Steaten.
- 11 desimber - Ruslân falt it opstannige Tsjetsjeenje binnen: it begjin fan 'e Earste Tsjetsjeenske Oarloch.
- 23 desimber - Gagaûzje kriget in autonome status binnen it steatsbestel fan Moldaavje, en jout yn ruil dêrfoar it stribjen nei ûnôfhinklikheid op.
- 1 jannewaris - Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lid fan 'e Jeropeeske Uny.
- 17 jannewaris - By de ierdbeving fan Kobe wurdt yn Japan fan $200 miljard oan skea oanrjochte, en komme omtrint 6.000 minsken om.
- 19 april - Bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building yn Oklahoma City troch Timothy McVeigh. Der falle 168 deaden.
- 11 july - Fal fan Srebrenica. Yn 'e folgjende dagen wurde 10.000 Bosnyske Moslims fermoarde troch de Bosnyske Serven as ûnderdiel fan 'e Bosnyske Genoside.
- 5 septimber - De orkaan Luis treft Sint-Marten en makket dêr suver alles mei de grûn lyk.
- 3 oktober - De swarte Amerikaanske sporter en akteur O.J. Simpson wurdt troch in sjuery frijsprutsen fan 'e moard op syn blanke eks-frou Nicole Brown Simpson en har minner Ronald Goldman. De saak-O.J. Simpson waard streekrjocht op 'e tillefyzje útstjoerd. De frijspraak boazet de rasiale spannings yn 'e Feriene Steaten tige by tige oan.
- 4 novimber - Moard op Yitzhak Rabin, de premier fan Israel, troch in ekstreem-rjochtse joad dy't it fredesproses mei de Palestinen tsjinhâlde wol.
- 14 desimber - Mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Dayton komt in ein oan 'e Bosnyske Oarloch.
- 3 april - USAF-flecht 21 stoart del by Dubrovnik, yn Kroaasje, mei oan board û.m. de Amerikaanske minister fan Hannel Ron Brown. Alle 35 ynsittenden komme om.
- 31 augustus - Ruslân lûkt syn troepen werom út it opstannige Tsjetsjeenje: de ein fan 'e Earste Tsjetsjeenske Oarloch.
- 12 novimber - Yn Yndia fynt de fleanramp fan Charkhi Dadri plak, wêrby't in Saûdysk ferkearsfleantúch en in Kazachsk fleantúch yn 'e loft mei-inoar yn botsing komme. Alle 349 ynsittenden fan beide fleantugen komme om.
- 15 novimber - Nei sânhûndert jier wurdt de Stien fan Scone troch de Ingelsen weromjûn oan 'e Skotten.
- 4 jannewaris - De Fyftjinde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Henk Angenent.
- 26 febrewaris - Bekendmakking fan it earste súksesfolle kloanen fan in sûchdier: it skiep Dolly.
- 17 maaie - Nei it ferdriuwen fan diktator Mobutu Sese Seko komt de macht yn Saïre yn 'e hannen fan rebellelieder Laurent Kabila. Dy jout it lân syn oarspronklike namme werom. It wurdt wer de Demokratyske Republyk Kongo.
- 26 juny - De Ingelske skriuwster J.K. Rowling publisearret de roman Harry Potter and the Philosopher's Stone, it earste diel fan har Harry Potter-rige.
- 1 july - Oerdracht fan Hongkong troch it Feriene Keninkryk oan Sina.
- 31 augustus - Diana, prinsesse fan Wales, en har freon Dodi al-Fayed komme om by in auto-ûngemak yn Parys.
- 21 jannewaris - It Lewinsky-skandaal, oangeande in seksuële relaasje tusken de Amerikaanske presidint Bill Clinton en Monica Lewinsky, in stazjêre yn it Wite Hûs, wurdt foar it earst bekend.
- 10 april - Mei it sluten fan 'e Oerienkomst fan Goedfreed komt in ein oan it konflikt yn Noard-Ierlân.
- 7 augustus - Bomoanslaggen op de Amerikaanske ambassades yn Kenia en Tanzania troch Al-Qaida. Der falle 224 deaden.
- oktober/novimber - By de orkaan Mitch komme yn Nikaragûa, Hondoeras en Gûatemala mear as 11.000 minsken om en wurdt foar $6,2 miljard oan skea oanrjochte.
- 24 maart - De NATO begjint bombardeminten op Servyske doelen yn Kosovo om 'e ferfolging fan etnyske Albanezen dêre tsjin te hâlden.
- 20 april - 12 learlingen en in dosint komme om by it Bloedbad op de Columbine High School yn Columbine (Kolorado).
- 1 maaie - Marianne Vaatstra wurdt yn 'e âldens fan 16 jier ferkrêfte en fermoarde by Feankleaster; de dieder, Jasper S, wurdt pas yn 2012 fûn.
- 16 maaie - De film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace, it langferwachte earste diel fan 'e twadde Star Wars-trilogy, giet yn Los Angeles yn premiêre.
- 17 augustus - By de swiere ierdbeving fan İzmit, yn noardwestlik Turkije, komme 17.217 minsken om.
- 26 augustus - Ruslân falt Tsjetsjeenje binnen en begjint dêrmei de Twadde Tsjetsjeenske Oarloch.
- 30 augustus - By in referindum sprekt de befolking fan East-Timor him mei oerweldigjende mearderheid út foar ûnôfhinklikheid fan Yndoneezje.
- 20 desimber - Oerdracht fan Makau troch Portegal oan 'e Folksrepublyk Sina.
- 31 desimber - Troch it ôftreden fan presidint Boris Jeltsin komt yn Ruslân Vladimir Pûtin oan 'e macht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|