Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen

Ut Wikipedy
Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen
De Fryske oersetting, yn 2007 útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
De Fryske oersetting, yn 2007
útjûn troch Utjouwerij Bornmeer.
algemiene gegevens
oarspr. titel Harry Potter and
   the Philosopher's Stone
auteur J.K. Rowling
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy, berneboek
1e publikaasje 1997, Londen
oarspr. útjwr. Bloomsbury Publishing
rige
rige Harry Potter
● foarich diel gjint (is 1e diel)
● folgjend diel Harry Potter and the
   Chamber of Secrets
kodearring
ISBN 0 74 75 32 699
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Harry Potter en
   de Stien fan 'e Wizen
publikaasje 2007, De Gordyk
útjouwer Utjouwerij Bornmeer
oersetter Jetske Bilker
ISBN oers. 978-9 05 61 51 553

Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen, yn it oarspronklike Ingelsk: Harry Potter and the Philosopher's Stone, is in fantasy-roman skreaun troch de Britske auteur J.K. Rowling. It is it earste part fan 'e sândielige rige oer de tsjoenderslearling Harry Potter. It boek beskriuwt hoe't de haadpersoan ûntdekt dat er in tsjoender is en hoe't er yn syn earste jier op Swiniastate, in kostskoalle foar tsjoenderslearlingen, freonen en fijannen makket en de weromkear fan 'e tsjustere tsjoender Voldemort dwerseidet.

Harry Potter and the Philosopher's Stone waard foar it earst publisearre op 26 juny 1997 troch útjouwerij Bloomsbury te Londen. Nei in stadige start waard it boek in grut súkses; it wûn hast alle berneliteratuerprizen yn Grut-Brittanje en ek guon yn 'e Feriene Steaten, berikte yn augustus 1999 de top fan 'e list fan bestsellers fan 'e New York Times, en bleau dêr stean oant ein 2000. It makke de skriuwster, dy't foartiid útkearingsberjochtige west hie, op slach ta miljonêr. Yn 2001 kaam der in ferfilming út troch de Hollywood-studio Warner Bros., dy't ek tige by tige súksesfol wie. In Fryske oersetting fan it boek, troch Jetske Bilker, waard útjûn yn 2007.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt syn heit en mem tsien jier lyn ferûngelokke binne, is Harry Potter grutbrocht troch syn omke en muoike, Hindrik en Petunia Mûzema. Dat binne aaklike lju, dy't harren eigen soan Melle bedjerre en Harry negerje; sa wennet er by harren yn 'e biezemkast ûnder de trep. Koart foar Harry syn alfde jierdei begjinne der brieven foar him te arrivearjen, dy't syn omke lykwols allegear ferbaarnd ear't Harry se ynsjen kin. Om oan 'e brieven te ûntkommen, giet it gesin op fakânsje nei in eilantsje, mar dêr binne se noch mar kwealk oankommen, of de healreus Rubeus Hagrid ferskynt en fertelt Harry wat syn omke en muoike al dy jierren foar him geheim holden hawwe.

Harry syn heit en mem wiene tsjoenders, dy't fermoarde binne troch Voldemort, de machtichste tsjustere tsjoender dy't ea libbe hat. Dyselde is lykwols op riedselige wize ferdwûn doe't er de ienjierrige Harry besocht dea te dwaan. Neitiid joegen de perfesters Albus Perkamentus en Minerva Oarling, it haad en adjunkt-haad fan 'e Tsjoendershegeskoalle Swiniastate, yn gearwurking mei Hagrid, dy't dêre de jachtopsjenner is, Harry op 'e noed fan syn omke en muoike. Hagrid docht út 'e doeken dat Harry sels ek in tsjoender is. It wie de bedoeling dat syn omke en muoike Harry tariede soene op syn erfskip, mar de Mûzema's binne Migels (lju dy't net tsjoene kinne) en wegerje te leauwen dat der sokssawat as tsjoenderij bestean kin. De ferneatige brieven stie yn dat Harry talitten wie ta Swiniastate, sa fertelt Hagrid, en hy makket oan Harry syn omke en muoike dúdlik dat tsjinwurking net mear dulde wurde sil.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sa bejout Harry him koarte tiid letter nei it Londenske treinstasjon King's Cross, dêr't de trein nei Swiniastate ôfset fan perron 9¾, dat ûntagonklik is foar Migels. Yn 'e trein komt er yn 'e kunde mei guon fan syn mei-studinten, lykas de freonlike Ron Wezeling, de wat trage Nolle Hampelman en it bazige famke Hermelyn Gritsel. Ek moetet er dêr foar it earst de aaklike Draco Malfirides en syn trewanten Wrantel en Kwaste. Te Swiniastate oankommen, wurde de nije studinten troch de magyske Sortearhoed ferdield oer de fjouwer ûnderskate huzen. Harry wurdt mei û.o. Ron en Hermelyn yn it hûs Griffoendor pleatst.

De skriuwster J.K. Rowling (2010).

Op Swiniastate wurde Harry en Ron al rillegau maten. Ek mei Hagrid kin Harry it tige goed fine, en hy besiket de jachtopsjenner dan ek gauris. It duorret wat langer foar't Harry en Ron ek troch ien doar kinne mei Hermelyn, mar nei't se de skuld op har nimt foar in gefjocht mei in trol, dêr't Harry en Ron yn behelle binne, wurde de trije ûnôfskiedlike freonen. Harry syn relaasje mei Draco, in pestkop dy't graach safolle mooglik swierrichheden foar elkenien feroarsaket, mar fral foar swakkeren lykas Nolle, ûntjout him lykwols al gau ta iepentlike fijânskip. It learen giet Harry oer it algemien goed ôf, en hy kin ek goed opsjitte mei de measte perfesters, lykas de aparte Perkamentus, de strange Oarling en de freonlike Kwirrel. Allinnich perfester Severus Sneep liket it temûk op him foarsjoen te hawwen, lykas by in wedstryd swurkbal (in balspul dat op fleanende biezems spile wurdt), as Hermelyn opmerkt dat Sneep nei Harry stoarret en it ien of oar preuvelet, wylst krekt op datseldichste stuit Harry syn biezem op 'e rin giet.

Geandewei it skoaljier krije Harry, Ron en Hermelyn der stadichoan aan fan dat der nuvere dingen geande binne op Swiniastate. Sa is der op 'e kostskoalle in trijekoppige hûn, dy't it iene of oare geheim fan perfester Perkamentus bewekket. It bist hat Sneep biten, en Harry fettet dat op as bewiis dat de perfester him mei saken bemuoid dêr't er neat mei te krijen hat. As Harry mei syn heite ûnsichtberheidsmantel, dy't er foar de Kryst krigen hat, op ûndersyk útgiet yn 'e Ferbeane Ofdieling fan 'e bibleteek, wurdt er dêrby hast trappearre troch Sneep en Filstra, de konsjerzje. Hy dûkt gau-gau in oare keamer yn en ûntdekt dêr de Spegel fan Negnalref, dy't sjen lit wat de dejinge dy't derfoar stiet it leafst sjen wol. Harry sjocht syn heit en mem, en rekket alhiel yn 'e ban fan 'e spegel. Inkeld troch tuskenkomst fan perfester Perkamentus, dy't him freonlik mar dochs strang teplak wiist, kin er him deroan ûntskuorre.

By tafal komt Harry úteinlik op it spoar fan 'e Stien fan 'e Wizen, dêr't it libbenselikser oan ûntlutsen wurde kin. It liket derop dat dat it foarwerp fan Perkamentus is dat troch de trijekoppige hûn bewekke wurdt. As Harry in pear dagen letter flarden fan in petear tusken Sneep en perfester Kwirrel ôflústeret, wêryn't Sneep Kwirrel bedriicht, befêstiget dat wat Harry-en-dy al lang fermoeden: Sneep is in fijân mei snoade plannen, dy't it op 'e Stien fan 'e Wizen foarsjoen hat. Mar pas troch ynformaasje dy't er kriget as er troch omstannichheden yn 'e kunde komt mei de sintaur Firenze, begjint Harry te beseffen dat it allegear te rêden is om Voldemort, dy't himsels mei it libbenselikser út 'e Stien fan 'e Wizen wer ta libben bringe wol. Sneep moat dus wol in folgeling fan Voldemort wêze.

Wylst de studinten nei de eksamens oan 'e ein fan it skoaljier lins hawwe, ûntdekt Harry dat Hagrid sûnder euvelmoed oan in bekape frjemdling útbrocht hat dat de trijekoppige hûn by it hearren fan muzyk yn 'e sûs rekket. Harry beseft dat de befeiliging fan 'e Stien fan 'e Wizen net mear doocht, en besiket perfester Perkamentus te warskôgjen. Dy is lykwols krekt fuortroppen foar in wichtige gearkomste. Harry konkludearret dat Sneep it boadskip dat Perkamentus fuortlokke hat, ferfalske hawwe moat om't er fan doel is en stel dy jûns de Stien fan 'e Wizen. Sadwaande besykje Harry, Ron en Hermelyn him foar te wêzen. Mei muzyk komme se de trijekoppige hûn foarby. Dêrnei komme se noch in rige oare behinderings tsjin, dêr't lokkigernôch hieltyd ien fan harren de oplossing foar wit of hat, al moatte Ron en Hermelyn harrensels op in stuit ien foar ien opofferje sadat Harry fierder kin. As er einlings allinne yn 'e keamer mei de Stien fan 'e Wizen oankomt, is it net Sneep dy't er dêr treft, mar Kwirrel. Dyselde blykt in trouwe folgeling fan Voldemort te wêzen, en hy hat him sels troch de tsjustere tsjoender besette litten om syn master te helpen. It docht bliken dat Sneep net de smjunt is, mar de held, dy't Harry en de oaren hieltyd krekt besocht hat te beskermjen. Kwirrel/Voldemort kin lykwols de Stien net fine, mei't it iennichste sichtbere foarwerp yn 'e keamer de Spegel fan Negnalref is. Kwirrel/Voldemort twingt Harry om yn 'e spegel te sjen om sa de Stien ûntdekke te kinnen, mar op it stuit dat Harry sjocht, fielt er de Stien yn syn bûse fallen. Kwirrel/Voldemort besiket him it ding te ûntnaderjen en der folget in gefjocht, wêrby't blykt dat Kwirrel/Voldemort Harry net oanreitsje kin sûnder himsels de alderaaklikste brânwûnen te besoargjen. Uteinlik rekket Harry bûten westen.

Hy wurdt wekker yn 'e sikeboech fan 'e skoalle, dêr't perfester Perkamentus him fertelt er de konfrontaasje oerlibbe hat trochdat syn mem alve jier lyn har libben opoffere hat om him te beskermjen en trochdat Voldemort sokke leafde net begripe kin. Dêrom moast Voldemort ek diskear úteinlik de striid opjaan; hy hat Kwirrel efterlitten om te stjerren, mar sil no grif besykje om op in oare manear syn weromkear te bewurkmasterjen. Perkamentus seit ek dat de Stien fan 'e Wizen no ferneatige is, sadat dy nea wer yn ferkearde hannen falle kin. It boek einiget as Harry foar de simmerfakânsje weromkeart nei syn omke en muoike.

Omslachtekst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omslachtekst fan 'e Fryske oersetting Yn it Frysk fertaalde omslachtekst fan 'e Nederlânske oersetting
As der in brief brocht wurdt foar de ûngelokkige Harry Potter, komt er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear. Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe.

Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spûken en betsjoenings. Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige hûn fynt, dy't de tredde ferdjipping fan 'e skoalle bewekket. Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften, dy't tige kostber of tige gefaarlik is. Miskien beide wol ...

Harry Potter is in deagewoane, mar ûngelokkige jonge dy't sûnt de dea fan syn âlden by syn drûge en smoarge omke en muoike wennet, yn 'e biezemkast ûnder de trep. Op in dei kriget er in geheimsinnige slûf. En dêrnei noch ien en noch ien. De brieveslûven feroarje Harry's hiele libben: hy wurdt rêden troch in woastling op in motorfyts en komt derefter wa't syn ferûngelokke âlders wienen.

Mei in bysûndere trein dy't ôfreizget fan perron 9¾, bedarret er op Swiniastates Hegeskoalle foar Tsjoenderij en Hokus-Pokus, dêr't er in witwat leart oer biezemfleanen, magyske dranken en meunsters. Uteinlik moat Harry it opnimme tsjin syn aartsfijân Voldemort, in libbensgefaarlike tsjoender.

Ferfilming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1999 ferkocht Rowling de filmrjochten op 'e earste fjouwer Harry Potter-boeken oan 'e Amerikaanske filmmaatskippij Warner Bros., nei't der grute wurdt foar £1 miljoen. Dêrby betong hja dat der oan it Britske karakter fan it ferhaal net toarnd wurde mocht. De ferfilming fan Harry Potter and the Philosopher's Stone kaam Harry Potter and the Sorcerer's Stone te hjitten, om't it boek yn 'e Feriene Steaten ûnder dy titel útbrocht wie (de Amerikaanske útjouwer tocht dat in boek mei it wurd "philosopher", "filosoof", yn 'e titel net ferkocht wurde soe). Ynternasjonaal waard foar de film lykwols al wer de titel Harry Potter and the Philosopher's Stone oanholden. It filmjen sette útein yn oktober 2000 en waard ôfrûne yn july 2001. Op 14 novimber 2001 gied er yn Londen yn premiêre. De film wie in grut súkses en brocht wrâldwiid mear as $974 miljoen op.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Harry Potter and the Philosopher's Stone kaam út op 23 july 2007 by Utjouwerij Bornmeer, doe noch te Ljouwert, ûnder de titel Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen. Dizze oersetting wie fan 'e hân fan Jetske Bilker, dy't ek fan doel wie om 'e oare seis boeken yn it Frysk te fertalen. Troch ôffallende ferkeapsifers is it dêr spitigernôch lykwols nea fan kommen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rowling, J.K., Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen (oers. Jetske Bilker), Ljouwert/Utert, 2007 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 51 553.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes, op dizze side.