Ezra Pound

Ut Wikipedy
Ezra Pound
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ezra Weston Loomis Pound
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 oktober 1885
berteplak Hailey (Idaho)
stoarn 1 novimber 1972
stjerplak Feneesje (Itaalje)
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre poëzij, lit. koarte ferhalen,
autobiografy, non-fiksje
perioade 20e iuw
streaming modernisme, imazjisme
bekendste
  wurk(en)
Ripostes
The Cantos
prizen Bollingen Prize 1949
jierren aktyf 19081972
offisjele webside
www.ezrapoundsociety.org

Ezra Pound (folút: Ezra Weston Loomis Pound; Hailey (Idaho), 30 oktober 1885Feneesje, 1 novimber 1972) wie in Amerikaansk dichter, essayist, oersetter (û.m. út it Sineesk en it Japansk), skriuwer, komponist en literêr en sosjaal kritikus, dy't ien fan 'e grûnlizzers wie fan 'e modernistyske beweging en oan 'e widze stie fan it imazjisme. Fan syn wurken binne it bekendst Ripostes, út 1912, en The Cantos, in ûnbidich en ûnfoltôge epos besteande út 120 dielen dêr't er fan 1917 oant syn dea oan wurke. Pound ferliet al ier syn heitelân en brocht it hichtepunt fan syn rom troch yn Londen en Parys, dêr't er njonken syn eigen skriuwen ek behelle rekke yn it foarmjen fan sawol wurken as karriêres fan tiidgenoaten lykas T.S. Eliot, James Joyce en Ernest Hemingway.

Troch de slachtings yn 'e Earste Wrâldoarloch, dêr't er Grut-Brittanje en it ynternasjonale kapitalisme ferantwurdlik foar achte, ferlear er it fertrouwen yn 'e demokrasy as steatsfoarm. Hy ferfear nei Itaalje, dêr't er ta ôfgriis fan syn freonen it faksisme fan Benito Mussolini omearme. Yn 'e tritiger en fjirtiger jierren wie en bleau er in fûleindich oanhinger Mussolini; hy spriek syn stipe út foar Adolf Hitler en hie gedoente mei Oswald Mosley, de lieder fan 'e Britske faksisten. Under de Twadde Wrâldoarloch hold er mear as hûndert radiotaspraken wêryn't er de Feriene Steaten fel bekritisearre. Fan gefolgen waard er yn 1945 troch it Amerikaanske leger yn Itaalje oppakt foar lânferrie. Moannenlang waard er finzen holden en troch de manear wêrop't er in part fan dy tiid behannele waard, krige er geastlike problemen. Mei't fêststeld waard dat er net sûnernôch wie om berjochte te wurden, waard er mear as trettjin jier lang opsletten yn in psychiatrysk sikehûs yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington. Nei't er yn 1958 frijlitten wie, kearde er werom nei Itaalje, dêr't er oan syn dea ta bleau. Fanwegen syn politike opfettings is syn wurk noch altiten tige kontroversjeel, al bestiet der ûnder hjoeddeiske kritisy in konsensus dat er in grut dichter wie.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pound waard yn 1885 berne yn Hailey, yn it doetiidske Amerikaanske territoarium Idaho, as it ienlingsbern fan Homer Loomis Pound (1858-1942) en Isabel Weston (1860-1948). Sawol syn heit as syn mem stammen ôf fan Ingelsen dy't al yn 'e santjinde iuw nei de Amearikaanske koloanjes ta emigrearre wiene. Pound waard grutbrocht yn in begoedige fermidden; syn pake, Thaddeus Coleman Pound (1832-1914), wie in Republikein dy't foar noardwestlik Wiskonsin yn it Amerikaanske Kongres sitten hie. Syn heit Homer Pound gie yn Haley oer it kadaster. Syn mem Isabel koe lykwols yn Idaho net aardzje; doe't Pound achttjin moanne âld wie, naam se him mei werom nei it easten. Homer Pound folge harren en fûn yn 1889 wurk by de munt, yn Philadelphia. Ezra Pound groeide oant 1893 op yn Jenkintown yn 'e steat Pennsylvania, en dêrnei yn it stedsje Wyncote, yn deselde steat.

Ezra Pound mei syn mem yn 1998.

Pound, dy't oan syn heitekant fan quaker-komôf wie, krige syn ierste ûnderrjocht yn skoaltsjes dy't opset wiene troch quaker-froulju. Fan 1898 oant 1900 gied er nei de Cheltenham Military Academy, dêr't de learlingen unifoarmen droegen dy't basearre wiene op dy út 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en dêr't se njonken gewoan ûnderwiis ek militêre training ûndergiene. Ien fan 'e dingen dy't men de jonges dêr besocht by te bringen, wie om harrensels te ûnderwerpen oan heger gesach. Yn it gefal fan Pound wie dat gjin súkses: hy wie yntelligint, koppich, eigenwiis en sadwaande ympopulêr by sawol syn mei-learlingen as by syn learaars. Ek wist er al ier dat er dichter wurde woe, en syn earste publikaasje wie in limmerik dy't yn 1896, doe't er alve jier wie, yn 'e Jenkintown Times-Chronicle, in pleatslike krante, ôfprinte waard.

Stúdzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1901, doe't er fyftjin jier wie, waard er talitten ta it Kolleezje fan Frije Keunsten fan 'e Universiteit fan Pennsylvania, te Philadelphia. Neffens eigen sizzen learde yn 'e jierren dy't dêrop folgen "min ofte mear" njoggen frjemde talen. Yn 1902 reizge er mei syn âlden en syn muoike Frances Weston in fearnsjier lang troch Jeropa (syn twadde besyk; yn 1998 hied er mei syn mem en deselde muoike ek alris in Jeropeeske reis makke). Neitiid briek er syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Pennsylvania ôf (mooglik fanwegen minne sifers), en skreau er him ynstee yn oan it Hamilton College yn Clinton, yn 'e steat New York, dêr't er Provinsaalsk en Aldingelsk studearre. Yn 1905 studearre er dêr ôf, wêrnei't er weromkearde nei de Universiteit fan Pennsylvania, dêr't er it jiers dêrop in graad yn 'e Romaanske talen behelle.

Pound wist in stúdzjebeurs mei reiskostefergoeding te bemachtigjen dêr't er in nije reis nei Jeropa fan betelle. Yn Madrid brocht er trije wiken troch yn ferskate bibleteken, wêrûnder dy yn it Keninklik Paleis, en op 31 maaie 1906 befûn er him by de yngong fan it paleis doe't anargisten in mislearre oanslach op it libben fan kening Alfûns XIII útfierden. Pound ferliet Spanje doe halje-trawalje, út eangst dat er sels foar in anargist oansjoen wurde soe, brocht dêrnei in pear wiken troch oan 'e Sorbonne, te Parys, en ferfear doe nei Londen.

Yn july 1906 wie Pound wer werom yn 'e Feriene Steaten, en yn 1907 ferfolge er syn stúdzje oan 'e Universiteit fan Pennsylvania. Dêr yrritearre er Felix Schelling, de perfester Ingelske taal- en letterkunde, sa alderraarst (û.m. troch út te hâlden dat George Bernard Shaw in bettere skriuwer as Shakespeare wie, en troch in ûnbidich tinnen bûshorloazje foar 't ljocht te heljen en stadich op te winen), dat dy him witte liet dat er sawol Schelling syn tiid as syn eigen ferdie. Oft it no in gefolch wie fan dy konfrontaasje of net, Pound briek syn stúdzje ôf sûnder in doktoraat behelle te hawwen.

Underwilens hied er jierren earder oan 'e Universiteit fan Pennsylvania kunde krigen oan Hilda Doolittle, de dochter fan in heechlearaar astronomy, dy't letter bekendheid krije soe as dichteresse ûnder de namme H.D. Hja rekke smoarfereale op Pound en folge him yn 1908 nei Jeropa, dêrby har famylje, freonen en heitelân efterlittend sûnder dat se dêr sels folle wizer fan waard. Pound die har yn 'e simmer fan 1907 in oansyk, mar har heit wegere syn tastimming foar it houlik. Hoewol't Pound tusken 1905 en 1907 tsientallen gedichten foar har skreau, sloech er yn dyselde tiid om mei twa oare froulju, Viola Baxter en Mary Moore, wêrfan't er de lêste yn 1907 ek in oansyk die, mar ôfwiisd waard.

Dosintskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e hjerst fan 1907 naam Pound in baan oan as learaar Romaanske talen oan it Wabash College yn Crawfordsville, yn Indiana, in konservatyf stedsje dat er "de sechsde sirkel fan 'e hel" neamde, mei in allike konservative hegeskoalle wêrfan't er willemoeds de lieding provosearre troch te smoken yn syn kantoar wylst dat ferbean wie. Hy yrritearre syn hospessen troch gasten, sels froulju, op syn keamer te ûntfangen, sadat er ferskate kearen fan kosthûs feroarje moast. Uteinlik waard er nei't it skynt op 'e die betrape, al binne de details noch altiten dizenich. Neffens syn eigen sizzen gie it om in dûnseresse oan wa't er in sliepplak bea doe't se fêst kaam te sitten yn in sniestoarm, en dy't de oare moarns op syn bêd oantroffen waard troch syn hospita's. Syn bewearing dat er sels op 'e grûn sliept hie, waard net leaud, en it skandaal dat folge wie mear as genôch oanlieding foar de hegeskoalle om him oan 'e dyk te setten, wêr't er trouwens alhiel net rouwich om wie. Koarte tiid letter bejoech er him wer nei Jeropa.

Iere Londenske jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pound kaam yn april 1908 oan yn Gibraltar, dêr't er as gids foar Amerikaanske toeristen wurke. It begjin fan 'e simmer brocht er troch yn Feneesje, en yn july brocht er syn earste dichtbondel út, it 72 siden tellende A Lume Spento (yn it Ingelsk útbrocht as With Tapers Spent). Yn augustus ferfear er nei Londen, dêr't der de tolve folgjende jierren frijwol oanhâldend trochbringe soe. Syn reden om dêrhinne wie ienfâldich: "London, deah old Lundon, is the place for poesy" ("Londen, dat goede âlde Londen, is it plak foar poëzij"), sa't Pound syn stúdzjefreon, de dichter William Carlos Williams, fertelde. Pound beprate de foaroansteande boekferkeaper en útjouwer Elkin Mathews om A Lume Spento yn syn etalaazje te pleatsen, en dat hie effekt, want tsjin oktober waard syn wurk besprutsen yn alle Londenske fermiddens dy't derta diene. Yn desimber brocht er in twadde bondel út, A Quinzaine for This Yule.

48 Langham Street, dêr't Ezra Pound yn it begjin fan syn Londenske tiid wenne.

Yn jannewaris 1909 mette Pound de skriuwster Olivia Shakespear yn in literêre salon. Hja wie in eardere minneresse fan Pound syn idoal, de Ierske dichter William Butler Yeats, en it ûnderwerp fan dy syn The Lover Mourns for the Loss of Love. Fia har kaam Pound yn 'e kunde mei de hiele Londenske literêre rûnte, wêrûnder Yeats sels, mei wa't er goed befreone rekke, ek al skeelden de mannen tweintich jier. Teffens mette er sadwaande Oliva har dochter Dorothy Shakespear, mei wa't er yn 1914 trouwe soe. Yn juny 1909 publisearre Pound op 'e nij in dichtbondel, Personae, diskear by Mathews, en dit wie de earste dy't ek kommersjeel in súkses waard. Pound syn earste boek wêryn't er him talei op literêre krityk, The Spirit of Romance, kaam út 1910.

Imazjistyske beweging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn juny 1910 kearde Pound foar in snuorje fan acht moannen werom nei de Feriene Steaten, dêr't er tahold yn New York, mar hy fielde him dêr eins net mear thús. Syn essays oer syn heitelân, dy't er yn dy perioade skreau, soene yn 1950 bondele útjûn wurde ûnder de titel Patria Mia. Yn febrewaris 1911 wied er wer yn Londen, dêr't er eltse dei wurke yn 'e lêskeamer fan it Britsk Museum, yn 'e mande mei Hilda Doolittle en Richard Aldington, dy't syn ideeën oer poëzij dielden (en dy't yn 1913 mei-inoar trouwe soene). Fia de dichter en museumkurator Laurence Binyon kaam Pound yn 'e kunde mei de Eastaziatyske artistike en literêre begjinsels dy't sa karakteristyk wurde soene foar syn lettere dichtwurk. Op dat stuit wie Pound mei Doolittle en Aldington dwaande mei it optinken fan in nije foarm fan poëzij, it imazjisme, dat dúdlikheid as wichtichste doel hie, en wêrfoar't se stride moasten tsjin abstraksjes, romantyk, retoryk, omkearing fan 'e wurdfolchoarder en it tefolle brûken fan eigenskipswurden. It earste resultaat fan dizze nije dichttechnyk wie Pound syn bondel Ripostes, publisearre yn oktober 1912, dy't teffens fiif gedichten omfette fan 'e Britske dichter T.E. Hulme (dy't ta Pound syn grut fertriet yn 1917 yn 'e Earste Wrâldoarloch omkaam) en ek Pound syn oersetting nei modern Ingelsk fan it Aldingelske gedicht The Seafarer (net in letterlike fertaling, mar mear in persoanlike ynterpretaasje fan it orizjineel).

Al rillegau lei Pound him trouwens suver likefolle ta op oersetten as op dichtsjen. Syn fertaling út it Italjaansk The Sonnets and Ballate of Guido Cavalcanti (fan Guido Cavalcanti), ferskynde ek yn 1912, en oare oersettings út it Italjaansk, mar ek út it Latyn en it Frânsk folgen. Om dyselde snuorje hinne rekke Pound boppedat fassinearre troch de Japanske poëzij en toanielstikken dy't er ûntdiek yn 'e papierren fan Ernest Fenollosa (1853-1908), in Amerikaanske perfester dy't lesjûn hie yn Japan. Dy syn widdo Mary McNeil Fenollosa joech yn 1913 de hiele paperasseboel fan har man oan Pound, mei't se dêrfoar immen hawwe woe dy't om poëzij joech ynstee fan om taalkunde. Yn 1918 redigearre Pound de útjefte fan Fenollosa syn The Chinese Written Character as a Medium for Poetry, mar al foar dy tiid begûn er fierhinne op grûn fan Fenollosa syn oantekens sels gedichten út it Sineesk oer te setten. Op dy manear kaam yn 1915 de bondel Cathay ("Cathay" is in âlde namme foar Sina) út.

Dorothy Shakespear Pound.

Pound koe sels alhiel gjin Sineesk, en wurke op grûn fan 'e net foar publikaasje bedoelde, postume oantekens fan in Amerikaan dy't Sineesk leard hie fan in Japanner. It hoecht jin dan ek gjin nij te dwaan dat der flaters yn syn wurk sloepen en dat er hjir en dêr de tekst ferkeard útlei om't er ûnbekend wie mei de kulturele kontekst. Datselde wie trouwens ek it gefal mei syn oersettings út Romaanske talen en fan it Aldingelske The Seafarer. Neffens Pound syn biograaf Michael Alexander makken yn akademyske fermiddens guon saakkundigen har sa lulk oer syn oersettings, dat dy dêr mear kwea bloed setten as syn lettere lânferrie ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Oan 'e oare kant skreau Wai-lim Yip, in perfester oan 'e Sineeske Universiteit fan Hongkong: "Men kin Pound maklik ekskommunisearje út 'e Ferbeane Stêd fan 'e Sineeske stúdzjes, mar it liket dúdlikernôch dat yn syn gedoente mei Cathay, sels al wurdt him mar it minste detail jûn, hy by steat is om him yn 'e wichtichste tinzen fan 'e oarspronklike skriuwer te ferpleatsen troch wat wy faaks wol in soarte fan heldersjendheid neame meie."

Lettere Londenske jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Church Walk, yn it Londenske Kensington, dêr't Pound fan 1909 oant 1914 wenne.

Yn augustus 1912 waard Pound oannommen as in fêste meiwurker fan it tydsktrift Poetry, dêr't er gedichten fan himsels, Yeats, H.D., Aldington, James Joyce, D.H. Lawrence en oaren yn ôfprintsje liet. Winterdeis wurke er as siktaris foar Yeats, waans eagen fluch minder waarden. Op 20 april 1914 troude er mei Dorothy Shakespear, nei't har âldelju harren einlings by it houlik dellein hiene (wat se op Pound tsjin hiene, wie syn brekme oan in fêst ynkommen). Datselde jiers begûn Pound ek te skriuwen foar it blêd BLAST, dêr't mar twa eksimplaren fan útkomme soene, en dêr't er op 'e nij syn imazjisme yn propagearre. Doe't Lascelles Abercrombie yn reäksje dêrop oprôp om imazjisme ôf te wizen en werom te kearen nei it tradisjonalisme fan William Wordsworth, dage Pound him út ta in duël, want, sa sei er: "Stomheid dêr't men tefolle romte oan biedt, wurdt ta in maatskiplike bedriging." Abercrombie stelde dêrop foar om as wapens ûnferkochte eksimplaren fan harren eigen boeken te brûken. Underwilens wei de imazjistyske beweging al útinoar begûn te fallen, en yn july 1914 ferklearre Pound it imazjisme dea.

Yn 1914 holp Pound om James Joyce syn A Portrait of the Artist as a Young Man as fúljeton yn it literêre tydskrift The Egoist publisearre te krijen, en yn 1916 yn boekfoarm. Yn 1915 publisearre er it gedicht The Love Song of J. Alfred Prufrock, fan T.S. Eliot, yn Poetry, wêrmei't er Eliot syn karriêre op gong brocht. Datselde jiers begûn er oan syn eigen masterwurk, The Cantos, dêr't er oant syn dea oan wurkje soe, en dat úteinlik yn ûnfoltôge foarm 120 dielen omfetsje soe. In oar wichtich dichtwurk fan Pound, Hugh Selwyn Mauberley, oer in dichter waans libben, krekt as Pound sines, steryl en betsjuttingsleas wurden wie, waard publisearre yn juny 1920. It markearre syn ôfskie fan Londen. Hy wie mei spul by Poetry wei rekke, en ek op in soad oare plakken yn 'e Londenske literêre fermiddens hied er mear fijannen as freonen makke. Boppedat griisde er fan alle libbens dy't ûnder de Earste Wrâldoarloch ferlern gien wiene, wêrûnder dy fan guon fan syn freonen. Hy koe der net mei yn it reine komme; sterker noch, de oarloch hie syn fertrouwen yn 'e westerske beskaving teneate dien. Tegearre mei syn frou ferfear er yn 1921 nei Parys.

Parys en Rapallo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Parys joech Pound him daliks by de fermiddens fan dadaïstyske en surreälistyske skriuwers en keunstners, lykas Marcel Duchamp, Tristan Tzara, Fernand Léger en Ernest Hemingway. Mei Hemingway rekke er goed befreone, en hy redigearre guon fan dy syn koarte ferhalen, krekt as it dichtwurk The Waste Land, fan T.S. Eliot, dy't dêrfoar spesjaal oerkaam út Londen. Yn Parys mette Pound ek de Amerikaanske fioeliste Olga Rudge, mei wa't er in bûtenechtlike relaasje begûn dy't fyftich jier duorje soe. Pound hie altyd al it idee hân dat der in bân bestie tusken syn kreätiviteit as dichter en syn fermogen om froulju te ferlieden, en Rudge wie dan ek net syn earste groebeltsje. Dorothy wist fan syn mêtresses, mar seach mei sin de oare kant út.

Rapallo, yn Liguerje, dêr't Pound him yn 1924 nei wenjen sette.

It sinnige de Pounds net yn Parys. Dorothy hold net fan 'e kâlde winters, en by in diner keas immen dy't net doogde op willekeurige wize Pound út om te besykjen dea te stekken. Dat lêste ynsidint wie de drip dêr't de amer fan oerrûn. Yn 1924 ferfearen Pound en de frou nei Itaalje, dêr't se harren nei wenjen setten yn it 15.000 ynwenners tellende stedsje Rapallo, oan 'e Ligueryske kust, net fier beëasten Genua. Hja libben doedestiden grutdiels op Dorothy har ynkommen, dat oanfolle waard troch oandieledividenden fan har ynvestearrings yn bedriuwen as Colgate Palmolive.

Bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Olga Rudge folge Pound nei Itaalje ta, wylst se doe al swier fan him wie. Blykber koe it bern har neat skele; Pound syn biograaf John Tytell wol hawwe dat se it idee hie dat in bern har relaasje mei Pound duorjend meitsje koe. Hoe dan ek, op 9 july 1925 waard Pound syn oerwûne dochter Mary berne, en daliks oerdroegen oan 'e soargen fan in Dútsktalige boerefrou út Brixen, yn 'e Italjaanske provinsje Súd-Tiroal, dy't krekt har eigen bern ferlern hie en foar 200 lire de moanne it famke wol grutbringe woe.

Doe't Pound syn frou oer Mary fertelde, gie se it grutste part fan in jier by him wei, en yn maart 1926, nei't se in fearnsjier yn Egypte trochbrocht hie, kundige se oan dat sysels ek yn ferwachting wie. Op 10 septimber 1926, ûnder in besyk oan Parys, ried Hemingway Dorothy nei it Amerikaanske Sikehûs fan Parys, dêr't se in jonkje te wrâld brocht dat Omar kaam te hjitten. De poppe waard oerdroegen oan Dorothy har mem Olivia, dy't him yn Londen grutbrocht oant er âldernôch wie om nei in kostskoalle stjoerd te wurden. Yn 1938, doe't Olivia Shakespear stoar, seach Pound syn soan Omar op 'e begraffenis foar it earst yn acht jier.

Sa hiene Pound syn bern hiel ferskillende bernetiden en sadwaande ek hiel ferskillende kulturele eftergrûnen. Wylst Mary as lid fan 'e Dútske minderheid yn Itaalje grutbrocht waard mei mar ien pear skuon en inkeld boeken oer Jezus en de hilligen, groeide Omar op as in Ingelske gentleman yn 'e sjike Londenske wyk Kensington, oan 'e hân fan syn mondêne beppe.

Faksisme en rol yn 'e Twadde Wrâldoarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst er yn Itaalje oan The Cantos wurke, kaam Pound ta de oertsjûging dat de Earste Wrâldoarloch en alle ferskrikkings dy't dêrmei mank gien wiene, feroarsake wiene troch it ynternasjonale kapitalisme, dat er usury ("woekerderij") neamde. As oplossing dêrfoar seach er it troch C.H. Douglas ûntwikkele idee fan sosjaal kredyt, mei it faksisme as it bêste fehikel om 'e herfoarming troch te fieren. Pound socht kontakt mei ekonomen om syn ideeën út te dragen, en op 30 jannewaris 1933 bewurkmastere er sels in moeting mei de Italjaanske diktator Mussolini, hoewol't Hemingway him dat noch besocht te ûntpraten.

Yn april 1939 reizge Pound nei New York en Washington ta om te besykjen en hâldt de Feriene Steaten bûten de driigjende oarloch yn Jeropa. Hy mette leden fan 'e beide huzen fan it Amerikaanske Kongres, mar krige gjin foet oan 'e grûn en kearde teloarsteld en frustrearre werom nei Itaalje. Dêr begûn er antysemityske stikken te skriuwen foar lanlike kranten, ynklusyf ien mei de titel De Joaden, de Fleis Wurden Sykte. Teffens begûn er te skriuwen foar de publikaasjes fan sir Oswald Mosley, de aristokratyske lieder fan 'e Britske faksisten (in opmerklike bewearing yn ien fan dy stikken wie dat it Tredde Ryk de "natuerlike beskaver" fan Ruslân wie). Nei't yn septimber de langferwachte oarloch útbriek, begûn Pound per brief fûleindich by Amerikaanske politisy te lobbyen om 'e Feriene Steaten neutraal te hâlden. Ek besocht er syn ideeën út te dragen mei krantestikken en troch se stal te jaan yn The Cantos. Yn The Japan Times skreau er dat "demokrasy op 't heden yn Jeropa ynhâldt 'in lân dat regearre wurdt troch Joaden'," en tsjin Mosley syn krante sei er dat dat de Ingelsen in slaveras wiene dat sûnt Waterloo oerhearske waard troch de Rothschilds (in rike Joadske bankiersfamylje).

Ezra Pound nei syn arrestaasje troch it Amerikaanske leger, yn 1945.

Pound begûn radio-útstjoerings te fersoargjen fia Radio Rome, al wie it Italjaanske regear dêr earst huverich foar om't se bang wiene dat er in Amerikaansk dûbelagint wie. Hy sei tsjin in freon dat it him twa folle jierren koste hie om harren de mikrofoan te ûntwrakseljen. Uteinlik makke er mear as hûndert útstjoerings fan likernôch tsien minuten, wêrfan't de tekst yn 't foar troch it Italjaanske regear goedkard wurde moast, al ymprovisearre er geregeldwei as er ienris yn 'e loft wie. De programma's wiene almeast taspraken, op 't lêst ferfallend ta tirades, wêryn't Pound syn heitelân bekritisearre en de Italjanen oanfitere om 'e poat stiif te hâlden. Hy gie troch mei de útstjoerings, en teffens mei krantestikjes, dy't er op 't lêst ûnder skûlnammen skreau, oant april 1945, koart foar syn arrestaasje.

Arrestaasje en finzenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healwei de oarloch, doe't alles krap waard, hiene Pound-en-dy it ek neat te rom. Hy hie syn doe njoggentjinjierrige dochter Mary nei it Switserske Gais ta stjoerd, dêr't se feilich wie. Pound sels en Dorothy loeken yn by Olga, mei't dy har hûs rommer wie. Mary skreau letter dat hy dêrtroch "fêst kaam te sitten mei twa froulju dy't fan him holden, fan wa't hy hold, en dy't inoar kâldwei haten." Nei't Pound op 2 maaie 1945, fjouwer dagen nei't Mussolini deasketten wie troch Italjaanske partizanen, sels in hoartsje fêstholden wie troch it Italjaanske ferset, liek it him ferstanniger ta en jou himsels oan by de Amerikanen.

Pound waard nei Genua ta brocht, dêr't er ûnderfrege waard troch leden fan it Kontraspionaazjekorps fan it Amerikaanske Leger. Pound syn naïvens oangeande syn sitewaasje docht bliken út it feit dat er oanbea om foar de Feriene Steaten mei Japan te ûnderhanneljen oer frede, en tastimming frege om noch in lêste radiotaspraak hâlde te meien. Yn it skript dat er dêrfoar opstelde, stie dat er frede mei Japan, Amerikaanske bestjoer oer Itaalje, de fêstiging fan in Joadske steat yn Palestina en ferjeffenis fan Dútslân oanriede soe. Dêr koe fansels neat fan yn komme, en it skript waard ynstee FBI-direkteur J. Edgar Hoover tastjoerd, dy't ferantwurdlik wie foar it byinoarsykjen fan bewiismateriaal tsjin Pound nei't er yn 1943 yn 'e Feriene Steaten yn beskuldiging steld wie fan lânferrie. Op 8 maaie, de dei dat Dútslân de oerjefte tekene, sei Pound tsjin in sjoernalist dy't it kamp dêr't er fêstholden waard, ynslûpen wie om him te ynterviewen, dat Hitler "in Jeanne d'Arc, in hillige" wie, en Mussolini in "ûnfolmakke persoan wa't it spul boppe de holle gien wie."

De "deadesellen", by Pisa (1945).

Op 24 maaie waard Pound oerbrocht nei it Dissiplinêr Trainingssintrum fan it Amerikaanske Leger, benoarden Pisa, dêr't ornaris militêr personiel opsletten waard yn ôfwachting fan berjochting troch de kriichsrie. De tydlike kommandant fan it kamp pleatste Pound yn ien fan 'e saneamde "deadesellen", in rige stielene koaien yn 'e iepen loft fan 1.80 m by 1.80 m dy't de hiele nacht fol yn it ljocht fan skynwerpers stiene. Hy waard dêr trije wiken lang yn fêstholden yn frijwol folsleine isolaasje, yn 'e hjittens en waar en wyn, sûnder bêd, mulrym, fiters, medyske soarch of lykfol hokker lichaamlike beweging, wylst syn eagen ûntstutsen rekken fan it stof dat deryn waaide en dat er der net út waskje koe. Hy mocht net mei de sipiers prate en waard inkeld út en troch besocht troch in legerpredikant. Nei twa en in heale wike fan dizze behanneling begûn er geastlik yn te stoarten. Men wol hawwe dat er dat letter fêstlei yn Canto LXXX, dêr't er de persoan fan Odysseus sizze lit: "[...] doe't it flot tebriek en de wetters oer my hinne spielden." De oare wyks waard er op oantrún fan 'e medyske stêf út 'e deadesel helle, en yn in ofsierstinte pleatst dêr't er tagong hie ta skriuwmateriaal en lêsfoer, en dêr't er úteinsette mei it diel fan The Cantos dat letter bekend wurde soe as The Pisan Cantos ("De Piseenske Kanto's").

Op 15 novimber waard Pound nei de Feriene Steaten ta brocht, dêr't er tsien dagen letter yn Washington, D.C. foarlaat waard op beskuldiging fan lânferrie, it fersoargjen fan radio-útstjoerings foar de fijân, it besykjen om Amerikaanske boargers oan te setten ta it ûndermynjen fan 'e stipe foar de oarloch, en it fuortsterkjen fan it moraal fan 'e fijân tsjin syn eigen heitelân. Hy waard foarearst opsletten yn it St. Elizabeths Hospital, in psychiatrysk sikehûs te Washington, dêr't er yn 'e finzeneseal bedarre dy't fan Howard's Hall hiet, mar dy't de bynamme fan it hell-hole ("hellegat") hie. It wie in gebou sûnder ruten, dat fierhinne bestie út sellen mei gouwe stielene doarren. Pound syn sel hie njoggen observaasjegatten, dêr't de psychiaters him troch begluorken om ta in diagnoaze te kommen. Besikers krigen mar in kertier deis tagong ta him, wylst oare pasjinten, neffens it tsjûgenis fan T.S. Eliot, al skombekjend en mâlgûlend by de doar fan 'e sel lâns doarmen. Yn juny 1946 kamen de psychiaters op 't langelêst ta de konklúzje dat Pound skizofreen wie, en waard er ûnder kuratêle steld fan syn frou Dorothy.

Yn St. Elizabeths[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pound syn abbekaat, Julien Cornell, dy't der grutdiels ferantwurdlik foar wie dat Pound geastlik siik ferklearre waard, sadat er út 'e hannen fan it Amerikaanske rjochtssysteem bliuwe koe (oars hied er nei alle gedachten libbenslang krigen), tsjinne yn jannewaris 1947 in fersyk ta frijlitting yn. De direkteur fan St. Elizabeths, Winfred Overholser, bea oan om Pound ynstee oer te bringen nei it oangenamere om-en-by fan 'e saneamde Chestnut Ward, fuortby de kantoaren fan 'e sikehûsdireksje. Dêr brocht er de folgjende tolve jier fan syn libben troch. Neffens de histoarikus Stanley Kutler, dy't yn 'e jierren tachtich tagong wist te krijen ta Pound syn dossiers yn 'e argiven fan 'e Amerikaanske militêre ynljochtingetsjinsten en ta oare regearingsdokuminten oer him, wie it trouwens sa dat de psychiaters fan St. Elizabeths leauden dat Pound in narsistyske persoanlikheid hie, mar dat er oer it generaal nommen sûn fan geast wie. Neffens Kutler naam Overholser Pound yn beskerming tsjin it Amerikaanske strafrjocht om 'e simpele reden dat de man him fassinearre.

It haadgebou fan it (ûnderwilens sletten) psychiatrysk sikehûs St. Elizabeths, yn 2006.

Neffens syn biograaf Tytell wie Pound yn 'e Chestnut Ward yn syn elemint. Einlings en te'n lêsten hoegde er him net mear ôf te freegjen wêr't syn folgjende lean wei komme soe of hoe't er de oare deis itende bliuwe soe. Ynstee waard er let en set, mocht er lêze en skriuwe safolle as er mar woe, en koed er eltse dei in pear oeren lang besite krije. Hy eigene him in lytse alkoof mei reiden meubilêr fuort bûten syn sel ta, dy't er as wenkeamer brûkte en dêr't er freonen en literêre pommeranten ûntfong. Hy sette útein mei syn — tige frije — oersettings út it Aldgryksk fan Sofoklês syn toanielstikken De Froulju fan Trakhis en Elektra, en gie fierder mei The Cantos. It kaam sels safier dat er wegere en hear praat oer syn frijlitting. Syn frou Dorothy besocht him hast eltse dei, en Olga Rudge kaam twaris del, ien kear yn 1952 en nochris yn 1955. Hja skreau oan in freondinne: "It spûket E.P. yn 'e plasse, mar it tinkt my dat it him dêr minder spûket as foar syn finzenskip."

James Laughlin, dy't sûnt de tritiger jierren Pound syn útjouwer wie, hie 1946 The Pisan Cantos (oftewol The Cantos LXXIV-LXXXIV) ree foar publikaasje, mar hold it tebek, mei't er wachte op in gaadliker tiidstip. Neffens Tytell kaam yn juny 1948 in groep fan Pound syn freonen, mei dêrûnder Laughlin, Cornell, T.S. Eliot, E.E. Cummings, W.H. Auden en Allen Tate, byinoar om te bemûskopjen hoe't se him frij krije koene. Neffens de dichter Archibald MacLeish betochten se doe it plan om 'e earste Bollingen Prize, in nije literatuerpriis útrikt troch de Library of Congress, oan Pound út te rikken. It idee wie dat Pound syn finzenskip dêrtroch ûnhâldber wurde soe. Dat, Laughlin publisearre The Pisan Cantos yn 'e simmer fan 1948, en it jiers dêrop waard de Bollingen Prize, wêrfan't de útrikkingskommisje fol siet mei freonen fan Pound (lykas Eliot, Tate, Conrad Aiken, Amy Lowell, Katherine Anne Porter en Theodore Spencer) neffens plan takend oan Pound. Dy syn reäksje wie: "Gjin kommentaar út it gekkehûs." It resultaat wie fansels in ûnbidige opskuor, sawol yn 'e polityk as yn 'e parse, mar Pound kaam net frij. Kongreslid Jacob K. Javits easke dat der in ûndersyk komme soe nei de gong fan saken mei en yn 'e útrikkingskommisje, en fan gefolgen wie it de lêste kear dat de Bollingen Prize troch de Library of Congress útrikt waard.

In oankundiging fan in konsert fan Olga Rudge, dy't fyftich jier lang Pound syn mêtresse wie.

Hoewol't Pound him yn it iepenbier distansjearre hie fan syn eardere antysemitisme, skriuwt syn biograaf Tytell dat der oan syn hâlden en dragen eins neat feroare wie. Pound wegere gauris en praat mei psychiaters mei Joadsk-klinkende nammen, tsjutte lju dy't er net lije mocht oan as "joaden", en trune syn besite oan om 'e Protokollen fan 'e Aldsten fan Sion te lêzen, in beruchte ferfalsking út 1903 wêryn't sabeare it Joadske plan foar wrâldoerhearsking bleatlein waard. Yn 'e fyftiger jierren rekke er boppedat befreone mei de skriuwer Eustace Mullins, dy't nei't men tinkt belutsen wie by de Aryan League of America, in rasistyske organisaasje, en dy't in biografy fan Pound skreau. Noch skansearjender wie foar Pound syn freonskip mei de ekstreem-rjochtse aktivist en lid fan 'e Ku Klux Klan John Kasper, dy't úteinlik efter de traaljes ferdwûn foar de bomoanslach, yn 1957, op 'e Hattie Cotton School, yn Nashville, yn 'e steat Tennessee, om't har dêr doe de earste swarte learlinge doarst hie yn te skriuwen. It wie trouwens net sa dat Pound allinne mar gedoente hie mei sokke lju; krekt oarsom, de measten fan syn besikers wiene respektabele skriuwers en keunstners, mar it wie syn kundskip oan Mullins en Kasper dy't sa yn it each sprong. Doe't Hemingway yn 1954 yn in fraachpetear ûnderstien waard oer Pound syn relaasje mei Kasper, antwurde er dat Pound op frije fuotten steld wurde moast en dat Kasper yn St. Elizabeths thúshearde.

Pound syn freonen giene troch mei te besykjen om him frij te krijen, ek al liek him dat sels it measte net skele te kinnen. Koart nei't Hemingway yn 1954 de Nobelpriis foar de Literatuer wûn, sei er tsjin Time Magazine dat dit in goed jier wêze soe om dichters frij te litten. Yn 1957 begûn de Frânske krante Le Figaro in kampanje om Pound út St. Elizabeths te krijen. Ferskate Amerikaanske tydskriften, wêrûnder The New Republic, Esquire en The Nation namen de oprop oer (neffens The Nation wie Pound in gemiene âldman dy't net doogde, mar hied er likegoed rjochten). Yn 1958 waard de prestizjeuze abbekaat Thurman Arnold oanlutsen, dy't úteinlik pro deo wurke. Troch meiwurking fan sikehûsdirekteur Overholser, dy't in beëdige ferklearring tekene dêr't yn stie dat Pound foargoed en ûngenêslik geastlik siik wie, mar dat fierdere opsluting medysk sjoen gjin inkele sin hie, wist Arnold úteinlik alle oanklachten tsjin Pound fan tafel te krijen. Op 18 april 1958 wie Pound wer frij man.

Lêste jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn frijlitting gie Pound sa gau mooglik wer werom nei Itaalje. Hy arrivearre yn july 1958 yn Napels, dêr't er troch de him opwachtsjende parse fotografearre waard wylst er in faksistysk salút brocht. Doe't er frege waard wannear't er frijlitten wie út it psychiatrysk sikehûs, antwurde er: "Dat bin ik net. Doe't ik it sikehûs útgie, wie ik noch altyd yn Amearika, en hiel Amearika is in gekkegesticht."

Tegearre mei Dorothy gied er nei Slot Brunnenburch, by Merano, yn 'e Italjaanske provinsje Súd-Tiroal, dêr't syn dochter Mary wenne, en dêr't er syn pakesizzers Walter en Patrizia foar it earst mette. Dêrnei kearden se werom nei Rapallo, dêr't Olga har by harren foege. Pound waard teffens beselskippe fan Marcella Spann, in fjirtich jier jongere leararesse dy't sabeare syn siktaresse wie. Dorothy, Mary, Olga en Marcella koene inoar net sjen of luchtsje, en de spanning yn hûze Pound wie dan ek binnen de koartste kearen al om te snijen. Pound skynt Marcella Spann sjoen te hawwen as syn lêste kâns op leafde en jonkheid, mar hoewol't Dorothy, ûnder wa har kuratêle oft Pound noch altyd stie, ornaris Pound syn lytse frijaazjes negearre en tige tebekhâldend wie mei har juridyske macht, soarge se der yn dit gefal foar dat Spann weromstjoerd waard nei Amearika. Pound skreau oan Hemingway: "Aldman him wurch."

Pound syn grêf op Isola di San Michele.

Tsjin desimber 1959 wied er ta proai fallen oan depressiviteit, en hold er út dat syn wurk fan nul en gjinderlei wearde wie en dat er The Cantos ferknoeid hie. Hy koe gjin momint stil sitte, makke gjin sin mear ôf, mar iisbeare mar op en del, it iene stuit barstend fan 'e enerzjy, en fuort dêrnei suver ree om yn te stoarten. Syn neisten tochten dat er demint waard, en yn 'e simmer fan 1960, doe't er fluch gewicht begûn te ferliezen, pleatste Mary him yn in klinyk deunby Merano. Syn gewicht stabilisearre him wer, mar yn 'e maityd fan 1961 krige er in blaasûntstekking. Dorothy fielde har net by steat en soargje foar him, dat dy simmers loek er te Rapallo by Olga yn. Koarte tiid letter ferfearen se nei Feneesje. Dorothy gie nei Londen ta, dêr't se by Omar-en-dy ferbleau. Yn 1962 wie Pound op 1 maaie oanwêzich by in neo-faksistyske optocht, mar syn sûnens waard almar minder.

Yn 1965 reizge er noch nei Londen, foar de begraffenis fan T.S. Eliot, en neitiid besocht er yn Dublin Yeats syn widdo. Twa jier letter wied er yn New York oanwêzich by de iepening fan 'e tentoanstelling dêr't it troch him redigearre hânskrift fan Eliot syn The Waste Land diel fan útmakke. Op dy reis besocht er ek it Hamilton College, dêr't er sels yn in skier ferline oan studearre hie, en dêr't er in steande ovaasje krige doe't er syn útjouwer Laughlin beselskippe, dy't in earedoktoraat yn ûntfangst naam. Yn 1972, koart foar syn dea, waard útsteld om Pound de Emerson-Thoreau-medalje fan 'e Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Wittenskippen ta te kennen, mar nei in stoarm fan protest seach de rie fan 'e akademy dêrfan ôf. Twa wiken foar syn 87ste jierdei droech er foar út eigen wurk foar in groep freonen yn in kafee: "Oangeande WOEKERDERIJ / seach ik it net skerpernôch, naam in symptoom foar de oarsaak. / De oarsaak is HABSUCHT."

Op syn jierdei, op 30 oktober, wied er te swak om syn sliepkeamer yn syn hûs oan it San Marcoplein te ferlitten, en de nachts dêrop waard er opnommen yn it Boargerlik Sikehûs fan Feneesje. Dêr ferstoar Ezra Pound yn syn sliep op 1 novimber 1972, yn 'e âlderdom fan 87 jier en yn it bywêzen fan Olga, oan opstopping fan 'e terms. Dorothy koe fanwegen har eigen swakke sûnens de útfeart fan har man net bywenje. Fjouwer yn it swart klaaide Fenesiaanske gondeliers roeiden Pound syn lichem nei it eilântsjerkhôf op Isola di San Michele, dêr't er deunby de keunstmesenas Sergei Diaghilev en de komponist Igor Stravinsky begroeven waard. Dorothy stoar it jiers dêrop yn Ingelân. Olga oerlibbe har minner 24 jier en stoar yn 1996, wêrnei't se njonken Pound begroeven waard.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boeken publisearre by syn libben
  • 1908 A Lume Spento (gedichten)
  • 1908 A Quinzaine for This Yule (gedichten)
  • 1909 Personae (gedichten)
  • 1909 Exultations (gedichten)
  • 1910 The Spirit of Romance (literêre krityk)
  • 1910 Provenca (gedichten)
  • 1911 Canzoni (gedichten)
  • 1912 The Sonnets and Ballate of Guido Cavalcanti (oersettings)
  • 1912 Ripostes (gedichten)
  • 1915 Cathay (gedichten; oersettings)
  • 1916 Gaudier-Brzeska. A Memoir (proaza)
  • 1916 Certain Noble Plays of Japan: From the Manuscripts of Ernest Fenollosa
  • 1916 "Noh", or, Accomplishment: A Study of the Classical Stage of Japan (mei Ernest Fenollosa)
  • 1916 Lustra (gedichten)
  • 1917 Twelve Dialogues of Fontenelle (oersettings)
  • 1917 Lustra (gedichten)
  • 1918 Pavannes and Divisions (proaza)
  • 1918 Quia Pauper Amavi (gedichten)
  • 1919 The Fourth Canto Londen
  • 1920 Hugh Selwyn Mauberley
  • 1920 Umbra (gedichten en oersettings)
  • 1920 Instigations (literêre krityk)
  • 1921 Poems, 1918–1921
  • 1922 The Natural Philosophy of Love (oersetting nei Remy de Gourmount)
  • 1923 Indiscretions, or, Und Revue des deux mondes (literêre krityk)
  • 1924 Antheil and the Treatise on Harmony (essays; ûnder it pseudonym William Atheling)
  • 1925 A Draft of XVI Cantos (earste bondel fan The Cantos)
  • 1926 Personae: The Collected Poems of Ezra Pound
  • 1928 A Draft of the Cantos 17-27
  • 1928 Selected Poems
  • 1928 Ta Hio: The Great Learning, newly rendered into the American language (oersetting nei Konfusius)
  • 1930 A Draft of XXX Cantos
  • 1930 Imaginary Letters (essays)
  • 1931 How to Read (essays en literêre krityk)
  • 1933 ABC of Economics (essays)
  • 1934 Eleven New Cantos: XXXI-XLI (gedichten)
  • 1934 Homage to Sextus Propertius (gedichten)
  • 1934 ABC of Reading (essays)
  • 1935 Alfred Venison's Poems: Social Credit Themes by the Poet of Titchfield Street (essays)
  • 1935 Jefferson and/or Mussolini (essays)
  • 1935 Make It New (essays en literêre krityk)
  • 1935 Social Credit. An Impact (essays; werprinte yn 1951)
  • 1936 The Chinese Written Character as a Medium for Poetry (fan Ernest Fenollosa mei foarwurd en noaten fan Pound)
  • 1937 The Fifth Decade of Cantos (gedichten)
  • 1937 Polite Essays (essays en literêre krityk)
  • 1937 Digest of the Analects (oersetting nei Konfusius)
  • 1938 Guide to Kulchur (of Culture; essays en literêre krityk; werprinte in 1952)
  • 1939 What Is Money For? (essays)
  • 1940 Cantos LXII-LXXI
  • 1942 Carta da Visita di Ezra Pound (essays; werprinte yn 1952 yn it Ingelsk as A Visiting Card)
  • 1944 L'America, Roosevelt e le Cause della Guerra Presente (essays; werprinte yn 1951 yn it Ingelsk as America, Roosevelt and the Causes of the Present War)
  • 1944 Introduzione alla Natura Economica degli S.U.A. (essay; werprinte yn 1950 yn it Ingelsk as An Introduction to the Economic Nature of the United States)
  • 1944 Orientamini (proaza)
  • 1944 Oro et Lavoro: Alla Memoria di Aurelio Baisi (essays; werprinte yn 1952 yn it Ingelsk as Gold and Work)
  • 1948 If This Be Treason (oarspronklike oantekens foar Pound syn radio-útstjoerings út Rome)
  • 1948 The Pisan Cantos (oftewol Cantos LXXIV-LXXXIV)
  • 1948 The Cantos of Ezra Pound (gedichten)
  • 1949 Elektra (oersetting fan in toanielstik fan Sofokles; mei Rudd Fleming)
  • 1950 Seventy Cantos
  • 1950 Patria Mia
  • 1951 The Great Digest (oersetting nei Konfusius)
  • 1951 The Unwobbling Pivot (oersetting nei Konfusius)
  • 1951 Analects (oersetting nei Konfusius)
  • 1953 The Translations of Ezra Pound (oersettings)
  • 1954 The Classic Anthology Defined by Confucius (oersettings)
  • 1954 Lavoro ed Usura (essays)
  • 1955 Section: Rock-Drill, 85-95 de los Cantares (gedichten)
  • 1956 Sophocles: The Women of Trachis – A Version by Ezra Pound (frije oersetting nei Sofokles)
  • 1957 Brancusi (essay)
  • 1959 Thrones: 96-109 de los Cantares (gedichten)
  • 1960 Impact: Essays on Ignorance and the Decline of American Civilization
  • 1968 Drafts and Fragments: Cantos CX-CXVII (gedichten)
In kar út postume publikaasjes
  • 1975 Certain Radio Speeches of Ezra Pound
  • 1976 Collected Early Poems of Ezra Pound
  • 1977 Ezra Pound and Music: The Complete Criticism (essays)
  • 1978 'Ezra Pound Speaking': Radio Speeches of World War II (radiotaspraken)
  • 1980 Ezra Pound and the Visual Arts (essays)
  • 1991 Pound's Translations of Arnaut Daniel (oersettings)
  • 1992 A Walking Tour of Southern France: Ezra Pound Among the Troubadours
  • 1996 Machine Art and Other Writings: The Lost Thought of the Italian Years (essays)
  • 1997 Ezra Pound' s Fascist Cantos (72 & 73) together with Rimbaud's "Poets at Seven Years Old"
  • 2002 Canti postumi (gedichten)
  • 2002 Ezra Pound's Radio Operas: The BBC Experiments 1931-1933
  • 2003 Cavalcanti (opera)
  • 2003 Ego Scriptor Cantilenae: The Music of Ezra Pound (opera)
  • 2005 Collis O Heliconii (trêde, ûnfoltôge opera)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.