Benito Mussolini

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
Mussolini

Benito Amilcare Andrea Mussolini (29 july 1883 - 28 april 1945), wie de minister-presidint en diktator fan Itaalje fan 1922 oant 1943, doe't er ôfset waard. Hy hat in fasistysk rezjym opset dat nasjonalisme, militarisme, anty-liberalisme en anty-kommunisme kombinearre mei sensuer en propaganda. Mussolini wie allieard mei it Dútslân fan Adolf Hitler, op wa't hy ynfloed hie. Itaalje die fan juny 1940 ôf mei oan de Twadde Wrâldkriich, wat trije jier letter late ta de ynfaazje fan Itaalje troch de Alliearden. Yn april 1945 besocht Mussolini nei it troch de Dútsers besette Eastenryk te flechtsjen, mar hy waard finzen naam en fermoarde troch kommunistyske partisanen yn de buert fan Como-mar.


[bewurkje seksje] Fierder lêze

  • De Felice, Renzo: Mussolini il rivoluzionario: 1883-1920, uitg. Einaudi 1995
  • De Felice, Renzo: Mussolini l'alleato, 1940-1945, uitg. Einaudi
  • Mack Smith, Denis: Mussolini. A biography, New York 1982
  • Whittam, John: Fascist Italy, Manchester 1995
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings