Genua (stêd)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Piazza de Ferrari

Genua (Italjaansk: Genova, Ligurysk: Zena) is in stêd yn Noardwest-Itaalje, súdwestlik fan Milaan en eastlik fan Savona, oan de Liguryske See. It is de haadstêd fan de regio Ligurje. Yn Genua wenje om-ende-by 700.000 minsken en beskikt oer de grutste haven fan Itaalje.

[bewurkje seksje] Skiednis

Genua wie yn de Romeinske tiid in wichtige floatbasis. Nei de fal fan it West-Romeinske ryk hie it te krijen mei ferskate oerhearskers (û.o. Eastgoaten, Byzantinen en sûnt 774 mei it Frankyske ryk. Yn de 11e ieu kaam oan dizze situaasje in ein doe't keaplju en boargerij fan Genua in stêdsrepublyk meitsje soe. Genua berikte doe mei oare Italjaanske stêden as Feneetsje, Pisa en Amalfy) in protte macht en rykdom. De stêd hie it foar it sizzen oer Ligurje, it suden fan Piëmont en ferskate gebieten oersee, wêrûnder Korsika, Elba en parten fan Sardynje, mar ek yn de Levant, oan de Swarte See, op Syprus en yn Noard-Afrika.

Tusken 1257 en 1381 fjochte Genua ferskate oarloggen út mei Feneetsje. De opkomst fan it Turkske Ryk yn de 15e ieu makke lykwols in ein oan harren macht. Ferfolgens kaam Genua yn Frânske hannen en yn 1463 oan de stêd Milaan ûnderhearrich. Under Andrea Doria, dy't help krige fan Karel V, waard de stêd wer ûnôfhinklik. Troch Bonaparte waard it yn 1797 ferovere en omfoarme ta de Liguryske Republyk. Yn 1804 waard de Republyk Genua wersteld mar it Wener Kongres foege Genua by it keninkryk Sardynje, wêrmei it yn 1860 opgie yn it nije keninryk Itaalje.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden

Katedraal fan San Lorenzo

De ferneamdste Genuees wie sûnder mis de ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus.


[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen