Odysseus

Ut Wikipedy
Odysseus en syn meihelpers ferbline Polyphem

Odysseus (Gryksk, Ὀδυσσεὺς) of Ulixes yn it Latyn is in persoan út de Grykske mytology. Hy is de soan fan Laertes en syn frou Antikleia. Hysels hie mei syn frou, de Spartaanske keningsdochter Penelope, in soan Telemachos, en by de goadinne Kirke nochris trije soannen.

Hy is ien fan de wichtige persoanen yn de Ilias fan Homerus. De Odyssee, in oar boek fan Homerus is folslein oan him wijd.

As hearsker fan it eilân Itaka wie Odysseus ien fan de bekendste Grykske helden yn de Trojaanske Kriich. Hy wie krêftdiedich krekt as de oare helden, mar ferneamd troch syn snoade plannen. (De Griken oermasteren lang-om-let de stêd troch in list fan Odysseus. As soenoffer lieten de Griken in houten hynder efter dêr't soldaten yn ferstoppe wienen.) De goadinne Pallas Atene wie him tige goedwillich, en op syn reis krijt er fan har út en troch help. Sa wurdt er as er by de Faiaken lânet troch har ûnsichtber makke (Od. 6: 231).

It ferhaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oerwinning op Troaje, dêr't tsien jier oan foarôf gie, begjint Odysseus oan de weromreis, dy't troch Homerus yn it epos „De Odyssee“ beskreaun wurdt. Dizze reis duorre allyksa tsien jier lang. Odysseus en syn mannen belibje dêrby talrike aventoeren en moatte in protte tsjinslaggen trochstean. Foar guons binne sy sels ferantwurdlik, oare hawwe sy oan de fijânskip fan de god Poseidon te tankjen. Trochdat sy syn soan de Sykloop Polyphem ferbline hienen, is Poseidon tige lulk op harren wurden en soarget er jierrenlang foar alderlei swierrichheden. Ien jier bringt Odysseus troch by de tsjoenster Kirke, sân jierren lang is er by de Nymf Kalypso, hy moat fjochtsje tsjin Skylla en Karybdis en ferliest stadichoan al syn meihelpers.

Tanksij de help fan de goadinne Atene komt Odysseus einlik thús. Hjir moat er earst ôfrekkenje mei de frijers dy't it op syn dierbere frou Penelope munte hawwe. As bidler ferklaaid wurdt Odysseus allinnich mar troch syn âlde, stjerrende hûn Argos werkend en komt er te witten dat Penelope him al dy jierren trou bleaun is. Tegearre mei syn folwoeksen wurden soan Telemachos deadet er alle frijers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]