Springe nei ynhâld

Bantegea

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ychtenpolder)
Bantegea
Klokkestoel fan Bantegea
Klokkestoel fan Bantegea
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 700 (1 jannewaris 2023)[1]
Oar
Postkoade 8538
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 50' NB, 5° 47' EL
Middenweg, Bantegea
Middenweg, Bantegea
Offisjele webside
www.bantega.net
Kaart
Bantegea (Fryslân)
Bantegea
Kaart
Klokkestoel fan Bantegea
Himrik fan Bantegea yn de eardere gemeente Lemsterlân

Bantegea (Nederlânsk: Bantega, Stellingwerfsk: Bantege) is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren (earder yn Lemsterlân). Mar 70 fan de 230 huzen stean yn de buorren. Op it begraafplak stiet in klokkestoel. Under it doarp falt de buorskip Skoattersyl.

Bantegea hie op 1 jannewaris 2023 700 ynwenners (boarne: CBS).

Bantegea is it jongste doarp fan Lemsterlân. Nei de Twadde Wrâldkriich krige de buorskip Ychtenpolder de doarpstatus en waard Bantegea. Die namme is ôflaat fan it plak Bandt, dat yn it ferline fuortspield waard troch de Sudersee. Oan de oare kant hat it doarp in tige âlde skiednis. In archeologyske fynst jout oan dat yn it tiidrek 8000 - 4000 foar Kristus jagers wolris in kampemint hân hawwe op it plak dêr't no Bantegea leit.

Foar in lange tiid bestie it gea in út 'e see foarme sânrêgen en feangrû en sompen. De bewenners wennen benammen op de hegere sânrêgen en holden harren dwaande mei lânbou en turfstekkerij foar eigen gebrûk. Yn de twadde helte fan de achttjinde iuw kamen feanters út 'e Kop fan Oerisel wei en meitsje it gebiet tusken De Lemmer, Ychtenbrêge en Skoattersyl oan. Der ûntstie in nij lânskip mei hjir en dêr tusken it reid en de sompen in hutsje en guon pleatsen en in einekoai. Om 1859 waard it gebiet bedike en doe ûntstie de Ychtenpolder. Yn de polder ûntstiene ferskate buorskippen lykas De Broek, Middenfeart, Otterwei en de Koaisleat, neamd nei de einekoai dy't yn 1718 al in namme hie. De Koaisleat wie ynearsten de grutste buorskip, wylst yn de iere tweintichste iuw Middenfeart en Otterwei grutter waarden. Dy buorskippen foelen ûnder de oerkoepeljende namme Ychtenpolder dy't nei de Twadde Wrâldkriich ta Bantegea omneamd waard. De Broeken en Middenfeart, oan de Middenwei, waarden de buorren fan it doarp. De Middenfeart waard omneamd ta Bandsleat. De buorren, benammen oan de Middenwei woeks neitiids al, dochs bleau it doarp syn iepen karakter hâlden.

Bantegea hearde oant 2014 by de gemeente Lemsterlân, dy't doe yn de nije gemeente De Fryske Marren opgie. De Skoatter Uterdiken, in stripe lân by de Tsjonger del mei de buorskip Skoattersyl, hearde ynearsten by de gemeente Skoatterlân dy't yn 1934 foar it grutste part opgie yn de gemeente It Hearrenfean, mar de Skoatter Utediken gie nei Haskerlân. Tsien jier letter gie de stripe nei Lemsterlân en waard part fan de himrik fan it lettere Bantegea.

Eardere herfoarme tsjerke
Kultureel sintrum De Pomp
  • Rohobothtsjerke fan Bantegea
  • It Klokhús

It sosjaal kultureel sintrum fan it doarp hjit De Pomp. De wetterpomp wie earder yn it doarp it sintrale plak dêr't men inoar trof. It sit yn it gebou fan de eardere kristlike skoalle dy't yn 1985 mei de iepenbiere skoalle fusearre en yn in nij gebou De Reinbôge kaam. Yn 2001 hat der in grutte ferbouwing west. Yn it gebou sit ek pjutteboartersplak 't Brechje. Der binne seis buertferienings (2010): Otterwei, Middenwei Noard, Middenwei Súd, Bandsleat, Koaisleat/Wijmawei en De Kolk. De Oranjeferiening organisearret Keninginnedei en de doarpsdei yn juny. Yn de simmer wurdt de jierlikse autocross organisearre. Oan de Bandsleat sit Berneboartersparadys Bal-lorig.

Der is alle jierren in doarpsfeest. Om it jier wurdt der in Oldtimerdei hâlden.

It Pleatslik Belang fan Bantegea jout eltse wike op syn webstee de nijsbrief út.

Befolkingsûntjouwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 1959 1964 1969 1973 2003 2009 2021
809 710 684 631 563 562 670 655

Berne yn Bantegea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sosjaal kultureel sintrum De Pomp
  • Sjongersnocht
  • iisklup De Polder
  • Klaverjasklup Bantegea
  • Oranjeferiening
  • Op Nij Feriene - toaniel
  • Fuotbalferiening EBC - mei Eastersee
  • Lady Jam (Bodyshape en Pilates)
  • The Krontjong Music Band
  • Little village dancers (country dance)
  • Stifting Auto-Rally Cross
  • Stifting Iepenloft Bantegea
  • Begraffenisferiening De Laatste Eer Bantega
  • Frije Evangelyske Gemeente Bantegea e.o.

Bânsleat, Breedskar, Broekenwei, Bûtendyksfjild, Gritenijdyk, Heksleat, Jachtkamp, Klynsmafeart, Koaisleat, Master Wijmawei, Middenwei, Otterwei, Ringfeart, Skoatterdyk, Skoatteruterdiken, Skoattersyl, Woarstsleat.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideIwertDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
· · Berjocht bewurkje