Koaisleat (Bantegea)
Appearance
De Koaisleat is in feanfeart yn de gemeente De Fryske Marren. De east-west rinnende feart leit besuden Bantegea en is de grinssleat tusken de polders De Koai/Lange Halen mei polder de Kromme Warren. Dêr stiene begjin 20e iuw noch in tal turfgravershúskes.
De namme Koaisleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kooisloot'.
It wurdt ek neamd as Kooivaart dy't as earder feanrivierke yn ferbining stie mei de Tsjonger.