Wikipedy:Froulju sûnder side

Ut Wikipedy

W-circle.svg
Froulju sûnder side

Us WikyProjekt froulju sûnder side is it Frysktalige part fan it ynternasjonale gearwurkingsprojekt WikiProject Women in Red. Op dit stuit rint it projekt yn 33 talen (sjoch links yn it byldskerm).

Op de Fryske Wikipedy wurdt ornaris gjin ferskil makke tusken manlju en froulju. Op siden lykas Abe Lenstra en Simke Kloosterman wurdt it geslacht net neamd, ek net as kategory. Op it mêd fan feminisme en frouljusrjochten wurdt it oantal siden mei kategoryen byhâlden. Op it mêd fan feminisme en frouljusrjochten hat de Frysktalige Wikpedy 359 siden.

Lykwols wolle wy it oantal siden oer froulju útwreidzje en besteande siden oanfolje. Doch mei!

HSUtvald.svg
Froulju sûnder side

Wy hawwe in hiele lange list makke mei in oersjoch fan froulju dêr 't noch gjin side op de Fryske wikipedy oer bestiet. Kinst de list as ynspiraasje brûke om in nij artikel te skriuwen. Hjirûnder kinst de diellisten besjen: sa kinst ienfâldich per ûnderwerp besjen hokker froulju noch gjin side hawwe en helpe dize froulju wat sichtberder te meitsjen op wikipedy

By de resultaten binne nochal wat wees-siden, dat wol sizze dat hast gjinien der op telâne komt omdat der net linkt wurdt yn oare siden. Tinkst derom dyn artikel, op te nimmen yn de biografy-list, by de ~dei en ~jier (yn gefal fan ferstoarne persoanen ek dy data).

Listen fan Froulju sûnder side

HSWSource.svg
Koarte siden

Njonken de listen mei reade siden (siden dy't noch net besteane op wikipedia) hawwe wy hjir in (koart) oersjoch fan nijsgjirrige stobben: siden oer froulju en frouljus ûnderwerpen dy't al wol beskreaun wurde op wikipedy, mar dêr't noch folle mear oer ferteld wurde kin. Faaks besteane dizze koarte siden út mar ien as twa regels.

En hast in side útwreide? Ferwiderje dan de link út de ûndersteande list.


Clapperboard blank.svg
Aktrises & Regisseurs
Nuvola apps kcoloredit.svg
Keunstneressen
Nuvola apps bookcase.svg
Skriuwsters
Sports icon1.svg
Sportfroulju

Edge-firefox.png
Untdekkers & aventoerslju
Nuvola apps artsmidimanager.svg
Sjongsters & muzikanten
Nuvola Phys Chem.svg
Wittenskipsters
Nuvola apps kuser.svg
Oare opmerklike froulju

Wikimedia-logo-circle.svg
Wikithon WikyFroulju

De Wikithon WikyFroulju (Ingelsk: WikiWomen) is in gearwurking tusken de Afûk, Mercator Europeesk Kennissintrum (Fryske Akademy) en Learning Hub Fryslân. It projekt wurdt stipe troch de Wikimedia-organisaasje. Op middelbere skoallen yn Ierlân en Baskelân rint dit projekt ek, mar dan fansels yn it Iersk en Baskysk.

Op de Fryske Wikipedy wurkje jongeren fan ferskillende middelbere skoallen út Fryslân mei. Doel is mear siden oer froulju, en dat yn it Frysk!

Wikipedia-logo-v2.svg
Foarbylden