Brecht Kramer

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Brecht Kramer (It Hearrenfean, 19 april 1990) is in langebaanrydster. Hja is de dochter fan Yep Kramer en it suske fan Sven Kramer. Sûnt it seizoen 2010/2011 makket se diel út fan de ploech 1nP, healwei dat seizoen (19 jannewaris 2011) joech se oan te stopjen mei reedriden. Neidat se oertreend rekke, kaam se net werom op har eardere nivo. Se sil dat jier noch wol ride foar har 1nP-ploech, mar se sil gjin wedstriden mear ride.

Kramer ried earst by it Gewest Fryslân. Yn 2004 en 2005 krige se as bêste rydster de Egbert van 't Oever Oanmoedigingspriis. Mei in tiid fan 1,20.06 waard se op 31 oktober 2009 santjinde by it NK ôfstannen 2010 op de 1000 m froulju yn Thialf, in jier letter waard se ienentweintichste.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • PR 500m : 40,59 (26 desimber 2009, Thialf)
  • PR 1000m : 1.19,99 (22 maart 2006, Calgary)
  • PR 1500m : 2.03,43 (21 maart 2006, Calgary)
  • PR 3000m : 4.28,15 (22 maart 2006, Calgary)
  • PR 5000m : 8.11,77 (17 jannewaris 2010, Grins)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: