Springe nei ynhâld

Mercator Jeropeesk Kennissintrum

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mercator)

Mercator is in Jeropeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen.

It Mercator Jeropeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (foarhinne Mercator Education) is yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de Jeropeeske Kommisje, om temjitte te kommen oan de groeiende belangstelling foar (autochtoane) minderheidstalen en regionale talen yn Jeropa en de needsaak foar minderheidstaalgebieten om ûnderfinings út te wikseljen en gear te wurkjen yn in Jeropeeske kontekst. It is oan de systematyske oanpak fan it Mercator Kennissintrum te tankjen dat de beskikberens fan ynformaasje oer minderheidstalen en de útwikseling fan dyselde ynformaasje sterk ferbettere is.

It Mercator Netwurk is in netwurk fan trije ûndersyks- en dokumintaasjesintra. Alle trije sintra hawwe in eigen tematysk program en in eigen spesjalistyske rol, dy’t ferbân hâldt mei minderheidstalen en regionale talen:

  • It Mercator Jeropeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderbrocht by de Fryske Akademy yn Ljouwert, bestudearret ûnderwiis yn of fan minderheidstalen op alle nivo’s.
  • Mercator-Legislation, ûnderbrocht by de NGO CIEMEN yn Barselona, hâldt him dwaande mei taalwetjouwing en de rol fan (minderheids)talen by de oerheid.
  • Mercator-Media, ûnderbrocht by de University of Wales yn Aberystwyth, konsintrearret him op de rol fan minderheidstalen yn de parse en de media.

It Mercator Jeropeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen is rjochte op kennis opdwaan, kennis sirkulaasje en kennis tapassing. Yn it wurk wurdt omtinken jûn oan it learen op skoalle, mar ek oan de taaloerdracht thús, op it wurk of yn de frije tiid en troch kultuerpartisipaasje. It Mercator Kennissintrum is yn Jeropa in wichtich ynstitút op it mêd fan meartaligens en taallearen. Startpunt is it Frysk as eigen taal fan Fryslân en minderheidstaal yn Nederlân. It Mercator Kennissintrum mobilisearret en bringt kennis en kompetinsjes by elkoar dy’t yn oare lidsteaten en oare meartalige regio’s ûntwikkele binne. Op dy wize befoarderet it Mercator Kennissintrum it taalferskaat fan Jeropa. It is in ûnôfhinklike en erkende ynstelling wêr’t sa wol de beliedsmakkers as de profesjonele wurkers yn it fjild mei fertrouwen gebrûk fan meitsje kinne. It Mercator Kennissintrum bringt Jeropa nei Fryslân en Fryslân nei Jeropa.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]