Oprah Winfrey

Ut Wikipedy
Oprah Winfrey
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Oprah Winfrey yn 2011.
Oprah Winfrey yn 2011.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Orpah Gail Winfrey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 jannewaris 1954
berteplak Kosciusko (Mississippy)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, ferslachjouster,
nijslêzeresse, regisseur,
tillefyzjeprodusinte, aktrise
medium tillefyzje
bekend fan The Oprah Winfrey Show
jierren aktyf ±1985 – no
prizen eare-Oscar 2011
9x Emmy Award
Pres. Frijheidsmedalje 2013
Cecil B. DeMille Award 2018
offisjele webside
www.oprah.com

Oprah Winfrey (eins: Orpah Gail Winfrey; Kosciusko (Mississippy), 29 jannewaris 1954), is in Amerikaansk presintatrise, aktrise, sakefrou, tillefyzjeprosusinte, regisseur en filantrope fan Afro-Amerikaansk komôf. Hja waard grutbrocht yn earmoede en hie al ier te meitsjen mei seksueel geweld. Letter waard hja bekend mei har praatprogramma, The Oprah Winfrey Show, dat yn 'e Feriene Steaten (en letter ek ynternasjonaal) útstjoerd waard fan 1986 oant 2011. Dêrtroch waard Winfrey benammen ekstreem populêr ûnder earst húsfroulju en letter froulju fan alle leeftiden en klassen. Se fertsjinne jild as wetter en wie de rykste Afro-Amerikaan út 'e tweintichste iuw. Op 't heden (2014) is se de iennichste swarte miljardêr yn Noard-Amearika. Neffens guon mjitstêven is Winfrey no de ynfloedrykste frou fan 'e wrâld, en har aktive stipe foar Barack Obama wie yn 2007-2008 krúsjaal foar syn ferkiezing ta presidint fan 'e Feriene Steaten.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winfrey waard yn 1954 berne yn Kosciusko, yn 'e steat Mississippy, yn it Suden fan 'e Feriene Steaten, dêr't doe noch rasseskieding hearske. Hja waard Orpah neamd, nei it bibelske figuer Orpa, út it boek Ruth, mar har namme waard sa faak ferkeard útsprutsen as "Oprah", dat dy útspraak úteinlik de noarm waard. Har mem wie Vernita Lee (1935), in net troud tinerfamke dat as faam wurke. As har biologyske heit wurdt ornaris beskôge Vernon Winfrey (1933), in mynwurker en letter hierknipper en noch letter gemeenteriedslid, dy't yn it Amerikaanske Leger tsjinne doe't Winfrey berne waard. In oare man dy't úthâldt Winfrey har heit te wêzen, is lykwols de boer en feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch Noah Robinson sr. (1925).

Winfrey by opnamen yn Denemark, yn 2009.

Yn 2006 kaam troch DNA-ûndersyk oan it ljocht dat Winfrey yn 'e froulike line ôfstammet fan 'e Kpelle, in etnyske groep út it Westafrikaanske lân Libearia. Teffens die út datselde ûndersyk bliken dat Winfrey har foarâlden foar 89% swarten út Afrika besuden de Sahara wiene; foar 8% Yndianen; en foar 3% Aziaten (hoewol't it skoan kin, de ûnsekuerheden fan sok genetysk ûndersyk yn acht nommen, dat it by dy Aziaten eins ek om Yndianen giet, mei't de Yndianen oarspronklik út Aazje oerkamen nei Amearika).

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei Winfrey har berte sette har mem ôf nei it Noarden fan 'e Feriene Steaten, op 'e siik nei in bettere takomst, wylst Winfrey sels de earste seis jier fan har libben tafertroud wie oan 'e soargen fan har beppe oan memmekant, Hattie Mae Presley Lee (1900-1963), op it plattelân fan Mississippy. Hja wiene se earm dat Winfrey gauris jurken drage moast dy't makke wiene fan jirpelsekken, dêr't se dan troch de oare bern út dy kontreien om narre waard. Har beppe learde har foar har trêde jierdei al lêzen en soarge dat se trou nei tsjerke gie en bibelfersen út 'e holle learde. As se oerhearrich wie of har op oare manearen misdroech, krige se fan beppe op 'e hûd mei in stôk.

Mei seis jier ferfear se yn 1960 nei de grutte stêd Milwaukee, yn it noardlike Wiskonsin, dêr't se by har mem ynloek. Fanwegen de lange dagen dy't dy makke as faam, wie hja in stik minder ûnderstypjend en oanmoedigjend as Winfrey har beppe. Boppedat hie se tsjin dy tiid in twadde dochter krigen, Winfrey har suster Patricia, dy't letter (yn 2003, mei 43 jier) komme soe te ferstjerren oan 'e gefolgen fan in kokaïneferslaving. Yn 1962, doe't se acht jier wie, waard Winfrey nei har heit Vernon ta stjoerd, yn Nashville, mei't har mem beide bern mar kwealk ûnderhâlde koe, en se boppedat al wer yn ferwachting rekke wie fan in trêde dochter, dy't se opjoech foar adopsje. Fan it bestean fan dizze twadde healsuster, dy't troch har oannommen âlden ek Patricia neamd waard, kaam Winfrey pas yn 2010 te witten. Doe't se in pear jier letter wer by har mem werom kaam, hie dy krekt it libben skonken oan har healbroer Jeffrey, dy't yn 1989 oan AIDS stjerre soe.

Winfrey op har fyftichste jierdei, yn 2004.

Fan 1963 ôf, doe't se njoggen jier wie, waard Winfrey it slachtoffer fan ynsest en ferkrêfting troch in neef, in omke en in freon fan 'e famylje. Dat bleau in djip dûnker geheim oant se de hiele saak mei har famylje bespriek doe't 24 jier wie, mar net leaud waard. Yn 1986 brocht se it misbrûk nei bûten ta yn in ôflevering fan har praatprogramma dy't wijd wie oan sedemisdriuwen. Winfrey hat sein dat se derfoar keazen hat en krij gjin bern, om't se sels dwersferkeard grutbrocht is. Mei trettjin jier, yn 1967, naaide se in hoart út, en in jier letter, doe't se fjirtjin jier wie, rekke se swier, mar har jonkje stoar koart nei de berte. Dat ferhaal kaam yn 1990 yn it rabbersblêd de National Enquirer, nei't in famyljelid fan harres it dêroan ferkocht hie; Winfrey sei dêroer dat se har ferret fielde.

Op 'e middelbere skoalle gie it learen Winfrey yn 't earstoan goed ôf, mar doe't se oerpleatst waard nei in skoalle yn in rike foarstêd, waard se allegeduerigen mei har eigen earmoede konfrontearre en begûn se jild te stellen fan har mem om har woltierige klasgenoaten noch in bytsje belykje te kinnen. Fan gefolgen stjoerde har frustrearre mem har op 'e nij nei har heit yn Nashville ta, mar diskear naam se har net wer werom. Vernon Winfrey wie strang foar har, mar fitere har ek oan om in goede oplieding te folgjen. Winfrey wist in stúdzjebeurs te winnen foar de Steatsuniversiteit fan Tennessee, in swarte universiteit, dêr't se kommunikaasjekunde studearre. Dêrnjonken wûn se mei santjin jier de Miss Black Tennessee-wedstryd. Dêrmei loek se de oandacht fan it pleatslike swarte radiostasjon WVOL, dat har oannaam om yn dieltiid it nijs te presintearjen.

Tillefyzjekarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As bern boarte Winfrey al gauris dat se in korrespondinte wie, en ynterviewde se har pop en de krieën dy't op it stek by har beppe' hûs sieten. Har baan by WVOL hold se fjouwer jier, twa jier dat se noch op 'e middelbere skoalle siet, en de earste beide jierren fan har stúdzje. Neitiid waard se oannommen troch WLAC-TV, in swarte tillefyzjestjoerder yn Nashville, dêr't se de jongste en de earste froulike nijslêzer wie. Yn 1976 ferfear se nei Baltimore, dêr't se ien fan 'e beide fêste nijslêzers fan it seis-oerenijs waard by de stjoerder WJZ-TV. Yn 1978 waard se op deselde stjoerder troch Richard Sher oanlutsen as syn mei-presintator fan it praatprogramma People Are Talking.

De studio's fan Oprah Winfrey har bedriuw Harpo Productions.

Fiif jier letter, yn 1983, ferhuze se nei Chicago om dêr by WLS-TV AM Chicago, in talkshow op 'e moarnstillefyzje te dwaan, dêr't net folle fan ferwachte waard. Mei Winfrey as presintatrise fleagen de sjochsifers lykwols de hichte yn, en wie it binnen in fearnsjier it bêst besjoene moarnstillefyzjeprogramma fan 'e stêd. Nei trije jier helle de filmresinsint Roger Ebert Winfrey oer om syn eigen programma op 'e nasjonale tillefyzje oer te nimmen. It waard omneamd ta The Oprah Winfrey Show, útwreide ta in fol oere en de earste ôflevering waard útstjoerd op 8 septimber 1986. Krekt sa't Ebert foarsein hie, wie Winfrey har programma binnen de koartste kearen de bêste besjoene talkshow fan 'e Feriene Steaten. Yn 't earstoan seagen der fral húsfroulju nei, mar nei't har populariteit grutter waard, wist Winfrey ek froulju (en sels manlju) út alle rangen en stannen oan har te binen.

The Oprah Winfrey Show soe 25 jier lang ien fan 'e bêst besjoene tillefyzjeprogramma's fan Amearika bliuwe. Yn 'e iere jierren wie it in sljochtwei praatprogramma mei spraakmeitsjende ûnderwerpen en gewoane minsken as gasten. Healwei de jierren njoggentich ferskode Winfrey it format sadat se it hawwe koe oer saken dy't mear har persoanlike belangstelling hiene, lykas de politike tastân yn 'e wrâld, beskate sykten en har remeedzjes (kanker, hertsykten, ensfh.), spiritualiteit en meditaasje, de drugsferslavingsproblematyk, goede doelen en oare maatskiplike kwestjes. Yn The Oprah Winfrey Show wiene fan doe ôf oan geregeldwei superstjerren te gast út it fjild fan 'e Amerikaanske muzyk en de filmwrâld fan Hollywood. De útstjoering 'e lêste ôflevering fan it programma wie op 25 maaie 2011. Sûnt presintearret Winfrey net minder as fiif ûnderskate praatprogramma's op har eigen tillefyzjestjoerder OWN, it Oprah Winfrey Network.

Oprah Winfrey yn 2007.

Oare wurkterreinen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har praatprogramma wie Winfrey ek al fanôf mids jierren tachtich aktyf as aktrise, tillefyzjeregisseur, senarioskriuwster en tillefyzje- en filmprodusinte. Sa spile se yn 1985 ien fan 'e haadrollen yn 'e film The Color Purple, fan regisseur Steven Spielberg, wêrfoar't se nominearre waard foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Teffens produsearre se de minysearje The Women of Brewster Place, út 1989, dêr't se ek ien fan 'e haadrollen yn fertolkte. Sûnt dy tiid hat se by- en gastrollen hân yn tsientallen films en tillefyzjesearjes, gauris as harsels. Mei oaren stie se oan 'e widze fan 'e frouljustillefyzjestjoerder Oxygen, en ek hat se in eigen produksjebedriuw, dat fan Harpo Productions hjit (Harpo is "Oprah" efterstfoarst stavere). Fierders hat Winfrey ek wurke as stimaktrise, wêrby't se û.m. Gussie de Goes spile yn Charlotte's Web (2006), en yn 2005 produsearre se in Broadway-musical dy't basearre wie op The Color Purple.

Winfrey hat (mei oaren) fiif boeken skreaun, wêryn't se gauris autobiografyske eleminten ferwurke hat. Yn 2005 krige se foar it skriuwen fan in boek oer ôfslankjen, dat se skriuwe soe mei har persoanlike trainer Bob Greene, troch de útjouwer in bedrach foarôf bean dat nei't der grute wurdt it heechste út 'e Amerikaanske skiednis wie, in rekôr dat foartiid yn 'e hannen wie fan âld-presidint Bill Clinton, foar dy syn autobiografy. Sels jout Winfrey in tige goed ferkeapjend eigen tydskrift út, dat fan O, The Oprah Magazine hjit. Tusken 2004 en 2008 wie hja ek útjouwer fan in twadde tydskrift, O at Home. Fanôf 2006 hat Oprah fierders ek in eigen radiostasjon, Oprah Radio.

Ynfloed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de ûnbidige ynfloed dy't hja hat op tsientallen miljoenen fral froulike Amerikanen, is Oprah Winfrey tsjintwurdich immen om rekken mei te hâlden. It effekt dat har goedkarring op 'e ferkeapsifers fan tige útinoar rinnende produkten hat, wurdt wol it Oprah Effect neamd. Sa sette Winfrey ein 1996 útein mei Oprah's Book Club. De romans en oare boeken dy't hja dêrfoar útkeas koene elts de ferkeap fan op syn minsten ferskate miljoenen ekstra eksimplaren ferwachtsje. Sa stige East of Eden, de klassiker fan John Steinbeck, ynienen nei de top fan 'e bestsellerlisten doe't Winfrey it oanpriizge hie. Ek hat hja de tillefyzjekarriêre opstarten fan ferskate beskermelingen, dy't troch har bekend en populêr wurden binne by it bredere publyk.

Oprah Winfrey kriget de Presidinsjele Frijheidsmedalje omhongen troch Barack Obama, yn 2013.

As earste dêrfan moat tillefyzjepsycholooch Phil McGraw neamd wurde, dy't no in eigen programma hat (Dr. Phil) en wrâldwiid ferneamd wurden is. Fierders wiene der û.m. Winfrey har hierknipper Andre Walker, har fisazjist Reggie Wells, de binnenhûsarsjitekt Nate Berkus en spirituële liedslju as Gary Zukav en Eckhart Tolle. It boek A New Earth: Awakening to Your Life's Purpose, fan Tolle, waard útkeazen troch Oprah's Book Club en sa ta bestseller makke. Winfrey, dy't nea benaud is om in konfrontaasje oan te gean, sei yn ferbân mei dat boek oer sprititualiteit: "God is in gefoel en gjin leauwe. As jo godstsjinst in leauwige ûnderfining is [...] dan hat it net echt mei God te krijen." Dat wie fansels tsjin 'e seare skonk fan 'e kristlike fûnemintalisten dêr't Amearika grôtfol mei sit. Ien fan harren, radiopresintator Frank Pastore, sei: "as se [Winfrey] al in kristen is, dan is se in ûnwittenden-ien, want it kristendom kin net fermongen wurde mei New Age-ideeën."

In oar terrein dêr't Winfrey tige ynfloedryk op west hat, is de akseptaasje fan swierdere froulju yn represintative beroppen (lykas dat fan presintatrise). Hja hat altyd hiel iepen west oer har eigen gewichtsproblemen, dy't troch de jierren hinne op en del giene, mei as abslute top in gewicht fan 108 kg. Dêrmei klearre se in paad foar oare wat wielderiger froulju op 'e tillefyzje, lykas aktrise Roseanne Barr en presintatrise Rosie O'Donnell. Teffens hat se hiel wat út 'e wei set foar de maatskiplike akseptaasje fan homo's, lesbiënnes, biseksuëlen en transseksuëlen yn 'e Feriene Steaten. Neffens it boek Freaks Talk Back, fan Joshua Gamson, heechlearaar oan 'e Universiteit fan Yale, wie Winfrey sels as gjin oar ferantwurdlik foar homo-emansipaasje, mei't troch har tadwaan foar it earst homo's, lesbo's, bys en transgenders geregeldwei de trochsneed Amerikaanske húskeamer binnenkrongen, dêr't men úteinlik sjen koe dat it gewoan minsken wiene lykas alle oaren.

Oprah Winfrey mei Barack en Michelle Obama, yn 2007, ûnder de kampanje foar de presidints-ferkiezings fan it jiers dêrop.

Meitiid kaam it sels safier dat Winfrey har ynfloed freze waard. Doe't se yn 1996, ûnder de panyk om 'e gekkekowesykte, sei dat se no gjin kowefleis mear troch de strôt krige, waard se foar de rjochter sleept troch in groep Teksaanske feeboeren, dy't har oanklagen foar $11 miljoen foar kwealaster fan beheind hâldbere itenswaren en it yn diskredyt bringen fan harren libbensûnderhâld. Begjin 1998 spriek in rjochter yn Amarillo Winfrey lykwols frij fan alle oanklachten. Yn 2007, ûnder de kampanje foar de presidintsferkiezings fan 2008, spriek hja foar it earst yn har libben har stipe út foar in kandidaat, de doe noch frij ûnbekende swarte senator Barack Obama. Winfrey smiet har folle gewicht yn 'e striid, en besoarge Obama allinnich al by de Demokratyske foarferkiezings (neffens de skattings fan ûndersikers ferbûn oan 'e Universiteit fan Maryland te College Park) tusken de 420.000 en 1,6 miljoen stimmen. Dêrmei wie hja fan krúsjaal belang foar Obama syn binnenheljen fan 'e Demokratyske nominaasje, dy't sûnder Winfrey frijwol wis nei Hillary Clinton gien wie.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winfrey har priveefermogen waard yn 2000 rûsd op $800 miljoen, wêrmei't se de rykste Afro-Amerikaan fan 'e tweintichste iuw wie. Tsjin 2008 fertsjinne se $275 miljoen jiers, en anno 2014 is hja de iennichste Afro-Amerikaanske miljardêr, mei in fermogen fan boppe de $2,9 miljard. Mei har fermogen en har ynfloed wurdt hja no beskôge as de machtichste frou fan 'e wrâld.

Winfrey har haadresidinsje is op 't heden The Promised Land ("It Unhjitten Lân"), in bûtenpleats fan 17 km² yn it Kalifornyske Montecito. Dêrnjonken hat se ek in hûs yn Lavallette, yn Nij-Jersey; in appartemint yn Chicago; in bûten yn Fisher Island, yn Floarida; in skyhûs yn Telluride, yn Kolorado; in filla op it Hawaïaanske eilân Maui; en in hûs op it Karibyske Antigua. Har praatprogramma's wurde allegear opnommen yn Chicago, dat dêr hâldt hja in grut part fan it jier ta.

In loftfoto fan Oprah har filla yn Montecito.

Op it mêd fan har leafdeslibben hie Winfrey yn 'e earste fyftjin jier fan har libben as folwoeksene yntime relaasjes mei ferskate manlju, mei dêrûnder in stikmannich dy't misbrûk makken fan it minderweardichheidskompleks dêr't se mei oanhelle rekke wie as gefolch fan 'e ynsest dy't se as bern ûndergien hie. Oan 'e universiteit yn Nashville mette se yn 1971 har earste echte leafde, William "Bubba" Taylor, mar har relaasje mei him rûn op 'e non doe't Winfrey yn 1976 in baan yn Baltimore oanbean krige, en Taylor net út Nashville wei woe. Yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich hie Winfrey ferskate minne relaasjes, wêrûnder ien mei in troude man dy't totaal net fan doel wie om by syn frou wei te gean, en twa oaren mei manlju dy't har oansetten ta it smoken fan crack. Yn 1986 krige se in fêste relaasje mei de publisist en ûndernimmer Stedman Graham, en Winfrey en hy binne hjoed oan 'e dei noch byinoar. Yn 1992 ferloofden se har, mar se binne nea troud.

Winfrey hat ek in tige yntime relaasje mei har bêste freondinne, Gayle King, de eardere presintatrise fan The Gayle King Show, dy't no redaktrise is foar O, The Oprah Magazine. Der geane oanhâldend geroften dat Winfrey en King in lesbyske relaasje ûnderhâlde soene, mar Winfrey hat soks nei it ryk der fabels ferwiisd troch te sizzen: "Ik haw frijwol alles ferteld dat ik te fertellen haw. Myn hiele hawwen en hâlden is bekend. En nòch tinke de minsken dat ik my sa skamje soe foar myn homoseksualiteit dat ik it net tajaan wolle soe? Kom no."

Filantropy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har eigentlike wurk besteget Oprah Winfrey ek in grut part fan har tiid oan goeddiedichheidsprojekten. Sa rjochte se yn 1998 Oprah's Angel Network op, in stifting dy't goeddiedige projekten en non-profitorganisaasjes oer de hiele wrâld finansjeel ûnderstipet. Yn 'e tolve jier fan syn bestean (de stifting waard yn 2010 opheft) helle Oprah's Angel Network $80 miljoen op foar goede doelen (wêrfan't $1 miljoen donearre waard troch de sjonger Jon Bon Jovi). Mei't Winfrey alle administrative kosten út eigen beurs betelle, gie dat jild foar de folle 100% nei de plakken dêr't it nedich wie. Fierders hat Winfrey yn 2004 yn it troch AIDS en seksueel geweld teheistere Súd-Afrika in famkesskoalle oprjochte, de Oprah Winfrey Leadership Academy for Girls, dêr't se fia in satellytferbining lesjout.

Winfrey besiket lju út New Orleans, nei de evakuaasje fan dy stêd fanwegen de orkaan Katrina, yn 2005.

Los fan sokke programma's hat Winfrey har as persoan ek goederjousk toand. Sa skonk se $10 miljoen oan 'e húsfêsting fan 'e lju dy't yn 2005 foar de orkaan Katrina New Orleans ûntflechtsje moasten en jierrenlang net weromkoene om't har huzen ferwuostge wiene troch de mei de stoarm mank geande oerstreaming. Tsjin 2012 hie se 400 stúdzjebeurzen útkeard foar kânsearme studinten oan it Morehouse Kolleezje yn Atlanta. Dat jiers hie se yn totaal al $400 miljoen oan ûnderwiisprojekten útjûn. En yn 2013 joech se $12 miljoen oan it Nasjonaal Museum foar Afro-Amerikaanske Skiednis en Kultuer fan it Smithsonian Ynstitút yn Washington, D.C. Foar har filantropy krige Winfrey yn 2002 de Bob Hope Humanitarian Award, in eare-Emmy, en yn 2011 de Jean Hersholt Humanitarian Award, in eare-Oscar. Yn 2013 krige hja út 'e hannen fan presidint Barack Obama de Presidinsjele Frijheidsmedalje, de heechste Amerikaanske net-militêre ûnderskieding. Letter dat jier waard har troch de prestizjeuze Universiteit fan Harvard in earedoktoraat takend. Yn jannewaris 2018 waard Winfrey fierders foar har hiele karriêre de Cecil B. DeMille Award jûn, de oeuvrepriis fan 'e Golden Globes.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bibliography en References, op dizze side.