Rixt Weiland

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Rixt Weiland
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 febrewaris 1990
berteplak Ljouwert
wurk
prizen Junior Rely

Rixt Weiland (Ljouwert, 2 febrewaris 1990) is in Frysk skriuwster.

Yn 2004 hat se in earste priis fan 'e Junior Rely wûn mei har ferhaal Remco. Yn 2005 wûn se in dielde earste priis by Frysk bloed, de Horror-wedstriid fan Doar, mei it ferhaal Drang om te moardzjen. Dat selde jier wûn se op 'e nij de Junior Rely, mei it ferhaal Eigen miening.

Rixt Weiland skriuwt ferhalen oer wat har ynteressearret. Alhoewol't yn har ferhalen in ik-figuer foarkomt, geane dy net oer harsels. Al is it sa dat hja yn har wurk fan en ta dingen brûkt dy't hja sels sjoen as meimakke hat. Har styl hat dêrmei wat fan dy fan Doete Venema.

Rixt Weiland is opwoeksen yn Goutum. Hja studearet oan 'e Ryksuniversiteit en wennet yn Grins.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

http://rixtweiland.blogspot.nl/