Springe nei ynhâld

Mayon Kuipers

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Mayon Kuipers
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
bertedatum16 febrewaris 1988
berteplakIt Hearrenfean
sportive ynformaasje
ûnderdielsprint

Mayon Kuipers (It Hearrenfean, 16 febrewaris 1988) is in Fryske reedrydster. Oant seizoen 2006/2007 ried se by Jong Oranje, mar yn seizoen 2007/2008 is BlauweStad.nl de sponsor. Yn seizoen 2008/2009 sit se by de KNSB Regiotop.

Op sneon 5 jannewaris 2008 helle se op de Nederlânske kampioenskippen Sprint yn Thialf op It Hearrenfean in tsiende plak op de 500 meter mei in tiid fan 40,10. Yn de twadde run op snein 6 jannewaris helle se in 9e plak mei in tiid fan 39,98. In jier letter waard Kuipers op it NK Ofstannen achtste. Har ynternasjonale debút makket se wierskynlik by de world cup yn Kolomna("Tawizing World Cup-tickets" De Telegraaf, 4 jannewaris 2009 )

Persoanlike rekords

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 500m :39.72 (31 oktober 2008) - Thialf
  • 1000m :1.20,23 (19 maart 2007) - Thialf
  • 1500m :2.07,80 (18 maart 2007) - Thialf
  • 3000m :4.36,88 (16 jannewaris) - Thialf
jier NK
Ofstannen
NK
Sprint
20078e 500m
200811e 500m15e
20098e 500m9e
Keppeling(s) om utens: