Ruth Bader Ginsburg

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Ruth Bader Ginsburg
Ruth Bader Ginsburg yn 2016.
Ruth Bader Ginsburg yn 2016.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joan Ruth Bader Ginsburg
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 15 maart 1933
berteplak New York (New York)
stoarn 18 septimber 2020
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Flag of Israel.svg Joadsk
reg. identiteit Yiddish flag.png Asjkenazysk
wurkpaad
berop/amt rjochter
jierren aktyf 19802020
reden
  bekendheid
lid fan it Heechgerjochtshôf
   fan 'e Feriene Steaten

Ruth Bader Ginsburg (útspr.: [ɹuθ ˈbe:ʲdəɹ ˈɡɪnzbɜːɹɡ], likernôch: "rûz bee-dur ginz-burk"; berne as: Joan Ruth Bader; New York, 15 maart 1933Washington, D.C., 18 septimber 2020) wie in Amerikaansk jurist dy't yn 1980 ta rjochter beneamd waard en fan 1993 oant har ferstjerren as lid fan it Heechgerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten tsjinne. Doe't se yn 'e 1990-er jierren troch presidint Bill Clinton nominearre waard foar it Heechgerjochtshôf, stie se bekend as immen mei tuskenbeiden politike opfettings en as in konsensusbouster. Meitiid skode Ginsburg lykwols almar mear op nei links en waard se de leafling fan it progressive diel fan 'e Amerikaanske befolking, wylst de konservativen har ferspijden. Har ferstjerren oan kanker, inkele wiken foar de presidintsferkiezings fan 2020, kaam foar de progressiven op in bysûnder ûngelokkich momint, mei't it de Republikeinen yn 'e gelegenheid stelde om in konservative opperrjochter foar har yn it plak te beneamen.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joan Ruth Bader (letter Ginsburg) waard yn 1933 berne yn it Beth Moses Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, as de dochter fan Joadske âlden. Har heit, Nathan Bader, wie in ymmigrant út Odessa, yn 'e Oekraïne, dy't nei de Feriene Steaten oerkommen wie doe't dat foar de Earste Wrâldoarloch noch diel útmakke fan it Keizerryk Ruslân. Har mem, Celia Amster, wie berne yn New York út âlden dy't út 'e Poalske stêd Krakau kamen, doe't dy noch yn Eastenryk-Hongarije lei. Ginsburg hie in âldere suster, Marylin, dy't mei seis jier oan harsensfluesûntstekking ferstoar doe't Ginsburg sels noch mar fjirtjin moannen âld wie. De Baders hearden ta de konservative streaming fan it joadendom, en sa waard Ginsburg ek grutbrocht.

Ruth Bader Ginsburg yn 1977.

Doe't Ginsburg letter nei de legere skoalle gie, kaam se dêr yn in klasse mei ferskate oare famkes dy't Joan hieten; om betizing te mijen begûn men har doe by har middelnamme Ruth te neamen. Har mem Celia fitere o sa oan dat Ginsburg goed ûnderwiis krige. Celia hie sels trochleare wollen, mar hie dêr de kâns net ta krigen om't ynstee har broer te studearjen stjoerd wie en der gjin jild oer wie foar in oplieding foar har. Foar har dochter woe se goedmeitsje wat harsels ûntholden wie, sadat Ginsburg leararesse skiednis wurde koe. Ginsburg koe goed meikomme en makke op har fyftjinde de middelbere skoalle ôf. Se studearre dêrnei oan 'e Universiteit fan Cornell, yn Ithaca (New York), dêr't se op har santjinde yn 'e kunde kaam mei Martin D. Ginsburg. In moanne nei't se yn maaie 1954 ôfstudearre wie mei in bachelorgraad yn bestjoerskunde, troude se mei him.

Se setten harren nei wenjen yn Fort Sill yn Oklahoma, dêr't Martin legere wie nei't er oproppen waard foar militêre tsjinst as lid fan 'e Reserve fan it Amerikaanske Leger. Op har ienentweintichste fûn Ginsburg wurk by de Social Security Administration, de Amerikaanske federale sosjale tsjinst, dêr't se yn rang weromset waard doe't se swier rekke. Nei de berte fan har dochter skreau Ginsburg har yn it neijier fan 1956 yn oan 'e Universiteit fan Harvard om rjochten te studearjen. Hja wie ien fan njoggen froulju yn in lichting fan likernôch 500 manlju. Doe't har man in baan yn New York krige, liet se har oerpleatse nei de Columbia Universiteit, dêr't se yn 1959 as ien fan 'e bêsten fan har klasse ôfstudearre.

Ruth Bader Ginsburg yn 1980 mei presidint Jimmy Carter.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan it begjin fan har karriêre as juriste hie Ginsburg swierrichheden om oan wurk te kommen. Opperrjochter Felix Frankfurter wiisde har bgl. yn 1960 as assistinte ôf fanwegen har geslacht, nettsjinsteande it feit dat se sterk oanrikkemandearre waard troch Albert Martin Sacks, in foaroansteande heechlearaar rjochten oan 'e Universiteit fan Harvard. Doe't se yn oanmerking kaam foar in post as assistinte fan rjochter Edmund L. Palmieri yn New York, drige heechlearaar Gerald Gunther fan 'e Columbia Universiteit dermei dat er Palmieri nea wer advys oer in assistint jaan soe as er Ginsburg net oannaam, wat er doe mar die. Fan 1961 oant 1963 wie Ginsburg as ûndersykster ferbûn oan 'e Columbia Universiteit. Om mei Anders Bruzelius in boek te skriuwen oer it sivyl rjocht yn Sweden learde se Sweedsk en die se ûndersyk oan 'e Universiteit fan Lund. Neitiid waard se yn 1963 oansteld as heechlearaar rjochten oan 'e Rutgers Universiteit yn New Brunswick (Nij-Jersey), in funksje dy't se oant 1972 beklaaide.

Ginsburg wie yn 1970 ien fan 'e oprjochters fan 'e Women's Rights Law Reporter, it earste rjochtetydskrift yn 'e Feriene Steaten dat him eksklusyf talei op it berjochtsjen oer frouljusrjochten. Fan 1972 oant 1980 wie se heechlearaar rjochten oan 'e Columbia Universiteit en dêrnjonken wie se fan 1977 oant 1978 ek ferbûn oan 'e Universiteit fan Stanford, yn Kalifornje. Yn 1972 wie Ginsburg ien fan 'e oprjochters fan it Frouljusrjochteprojekt fan 'e American Civil Liberties Union (ACLU). Dêr wie se ek yn behelle as abbekate, en tsjin 1974 hie se dielnommen oan mear as 300 rjochtsaken op it mêd fan geslachtsdiskriminaasje fan froulju. Fan 1973 oant 1976 brocht se persoanlik seis fan sokke saken foar it Amerikaanske Heechgerjochtshôf, wêrfan't se yn fiif gefallen yn it gelyk steld waard.

Ruth Bader Ginsburg akseptearret yn 1993 formeel har nominaasje foar it Amerikaanske Heechgerjochtshôf troch presidint Bill Clinton.

Yn april 1980 waard Ginsburg troch de Amerikaanske presidint Jimmy Carter nominearre foar it rjochterskip oan it hôf fan berop yn it Distrikt Columbia. Op 18 juny fan dat jier waard se yn dat amt troch de Amerikaanske Senaat beneamd. Yn har tiid by it hôf fan berop krige Ginsburg de reputaasje fan immen dy't as it heal koe nei konsensus socht en der tuskenbeiden politike opfettings op nei hold. Presidint Bill Clinton nominearre har yn juny 1993, op oanrieden fan 'e doetiidske minister fan Binnenlânske Saken Janet Reno, foar in sit yn it Heechgerjochtshôf fan 'e Feriene Steaten. Ginsburg waard op 3 augustus 1993 as sadanich beneamd troch de Senaat, mei 96 stimmen tsjin 3, wêrnei't se op 10 augustus ynsward waard. Se ferfong yn it Heechgerjochtshôf Byron White, dy't (frijwillich) mei pinsjoen gien wie. Se wie de twadde froulike Amerikaanske opperrjochter, nei Sandra Day O'Connor.

Yn 'e earste jierren fan har opperrjochterskip skreau Ginsburg de mearderheidsmienings (fûnissen) fan it Heechgerjochtshôf foar ferskate wichtige rjochtsaken, lykas United States v. Virginia (1996), Olmstead v. L.C. (1999), en Friends of the Earth, Inc. v. Laidlaw Environmental Services, Inc. (2000). Neigeraden dat se langer opperrjochter wie, skode se stadichoan mear op fan 'e midden nei it progressive diel fan it Heechgerjochtshôf. Fral doe't se tusken O'Connor har pinsjonearring yn 2006 en de oanstelling fan Sonia Sotomayor yn 2009 de iennichste froulike opperrjochter wie, waard se wat langer wat mear útsprutsen yn har mienings. Har ôfwikende miening yn 'e saak Ledbetter v. Goodyear Tire & Rubber Co. (2007) joech nei't it skynt de oanset ta de Lilly Ledbetter Fair Pay Act, in wet dy't yn 2009 troch presidint Barack Obama ynsteld waard om 'e salariskleau tsjin te gean.

Fjouwer froulike opperrjochters fan 'e Feriene Steaten yn 2010, f.l.n.rj.: Sandra Day O'Connor, Sonia Sotomayor, Ruth Bader Ginsburg en Elena Kagan. (O'Connor draacht gjin toga om't se doe al pinsjonearre wie.)

Troch har hertstochtlike ôfwikende mienings yn ferskaten fan soksoarte saken groeide Ginsburg yn 'e 2000-er jierren en de iere 2010-er jierren út ta de leafling fan progressyf Amearika, en teffens ta it skrikbyld foar de konservativen. Se kaam bekend stean ûnder har inisjalen RBG (in beskate eare yn 'e Feriene Steaten, mei foargongers as FDR, JFK en MLK). Troch in rjochtestudint waard se by túltsjes "The Notorious R.B.G." ("De Beruchte R.B.G.") neamd, in ferwizing nei de rapper The Notorious B.I.G.. Dat wie in bynamme dy't beklibbe en dy't se letter sels omearme.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ginsburg troude op 23 juny 1954 mei Martin H. Ginsburg, dy't letter namme makke as in ynternasjonaal aktyf abbekaat dy't spesjalisearre wie yn belestingrjocht. Hja wennen foar it meastepart yn New York, mar nei't Ginsburg yn 1980 rjochter waard yn Washington, D.C., ferfearen se dêrhinne. Se krigen twa bern: Jane C. Ginsburg (b. 1955), dy't anno 2020 heechlearaar rjochten oan 'e Georgetown Universiteit yn Washington, D.C. is, en James Steven Ginsburg (b. 1965), de oprjochter en algemien direkteur fan 'e platemaatskippij Cedille Records, dy't spesjalisearre is yn it opnimmen en útbringen klassike muzyk. Martin Ginsburg kaam op 27 juny 2010 te ferstjerren oan kanker, fjouwer dagen nei't hy en Ginsberg harren 56-jierrich houlik fierd hiene.

Ruth Bader Ginsburg mei har man Martin H. Ginsburg yn 2009.

Sûnensswierrichheden en ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By Ginsburg sels waard yn 1999 termkanker fêststeld; dat wie de earste fan fiif kear dat se oanhelle rekke mei kanker. De twadde kear wie yn 2009, doe't bliken die dat se alfleisklierkanker hie. Yn 2018 folge longkanker, yn 2019 waard by har op 'e nij alfleisklierkanker fêststeld, en nei't se yn jannewaris 2020 kankerfrij ferklearre wie, stiek de alfleisklierkanker yn maaie fan dat jier dochs wer de kop op. De ûnderskate soarten kanker waarden by Ginsburg behannele mei operative ferwidering fan tumoaren, folge troch gemoterapy en bestrieling.

Uteinlik kaam Ruth Bader Ginsberg op 18 septimber 2020 yn 'e âlderdom fan 87 jier yn Washington, D.C. te ferstjerren oan komplikaasjes fan har alfleisklierkanker. Se waard opbiere yn it gebou fan it Heechgerjochtshôf, dêr't nettsjinsteande de oangeande pandemy fan it koroanafirus tûzenen minsken delkamen om har de lêste eare te bewizen. Neitiid waard se oerbrocht nei it Kapitoal fan 'e Feriene Steaten, dêr't se ek opbiere waard, foar't se op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan Washington, D.C., njonken har man Martin begroeven waard.

Neisleep[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferstjerren fan Ginsburg kaam foar progressyf Amearika tige ûngelegen, mei't it presidint Donald Trump by steat stelde om foar de trêde kear yn syn presidintskip fan fjouwer jier in nije opperrjochter foar te dragen. Om't de Republikeinske Partij de mearderheid yn 'e Amerikaanske Senaat hie, koe syn kandidaat, de konservative Amy Coney Barrett, krekt foar de presidintsferkiezings fan 3 novimber noch halje-trawalje beneamd wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.