Springe nei ynhâld

John F. Kennedy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan JFK)
John F. Kennedy
politikus
echte namme John Fitzgerald Kennedy
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 29 maaie 1917
berteplak Brookline (Massachusetts)
stjerdatum 22 novimber 1963
stjerplak Dallas (Teksas)
dynasty Kennedy-famylje
etnisiteit Iersk
partij Demokratyske Partij
prizen Pres. Frijheidsmedalje 1963
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19611963
foargonger Dwight D. Eisenhower
opfolger Lyndon B. Johnson
Amerikaansk senator foar Massachusetts
amtsperioade 19531960
foargonger Henry Cabot Lodge jr.
opfolger Benjamin A. Smith II
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 11de Distrikt fan Massachusetts)
amtsperioade 19471953
foargonger James Michael Curley
opfolger Tip O'Neill

John F. Kennedy, ropnamme: Jack, folút: John Fitzgerald Kennedy en ek wol bekend ûnder syn inisjalen JFK (Brookline (Massachusetts), 29 maaie 1917Dallas (Teksas), 22 novimber 1963), wie in Amerikaansk steatsman fan etnysk Iersk komôf. Hy tsjinne yn 'e Twadde Wrâldoarloch as luitenant-op-see yn 'e Amerikaanske Marine, wie fan 1946 oant 1952 foar de Demokratyske Partij lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1952 oant 1960 fan 'e Amerikaanske Senaat. Yn 1960 wûn er it by de presidintsferkiezings mei in tige smelle marzje fan Richard Nixon, wêrnei't er fan 1961 oant 1963 de 35ste presidint fan 'e Feriene Steaten en teffens de earste roomske Amerikaanske presidint wie. Op 22 novimber 1963 waard Kennedy yn Dallas deasketten troch in slûpskutter. De fermoedlike dieder, Lee Harvey Oswald, waard sels twa dagen letter fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby. De moard op John F. Kennedy is sûnt mei riedsels omjûn, der binne withoefolle gearspanningsteoryen oer ûntstien.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John F. Kennedy waard op 29 maaie 1917 berne yn in ryk fermidden yn Brookline, yn 'e steat Massachusetts, as de twadde soan fan sakeman en politikus Joe Kennedy (1888-1969) en filantrope Rose Elizabeth Fitzgerald (1890-1995), in dochter fan John F. Fitzgerald (1863-1950), de boargemaster fan Boston. Alle fjouwer fan Kennedy syn pakes en beppes wiene bern fan Ierske ymmigranten. Kennedy groeide op yn in gesin mei njoggen bern: fiif famkes en fjouwer jonges. Syn âldere broer Joe Kennedy kaam om yn 'e Twadde Wrâldoarloch, en syn jongere bruorren Robert Kennedy (dy't yn 1968 fermoarde waard) en Ted Kennedy giene krekt as hy de Amerikaanske polityk yn.

It gesin Kennedy yn 1931 oan it strân, mei John F. Kennedy lofts boppe-oan, yn it wite boesgroentsje.

As bern siet Kennedy by de paadfinerij. Syn earste tsien jier brocht er troch yn Brookline; dêrnei wenne it gesin twa jier yn 'e Newyorkske wyk de Bronx, en yn 1929 ferfearen se nei Bronxville, yn 'e steat New York. Syn ûnderwiis genoat er oan in opienfolging fan jongesskoallen, oant er yn 1936 in stúdzje ynternasjonale saken oan 'e Universiteit fan Harvard begûn. Yn 1938 bejoech er him nei Jeropa om in assistint fan syn heit te wurden, dy't doedestiden de Amerikaanske abassadeur yn Grut-Brittanje wie. It jiers dêrop makke er, oan 'e foarjûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch, in rûnreis troch West-Jeropa, de Sovjet-Uny, de Balkan en it Midden-Easten. Nei it útbrekken fan 'e oarloch kearde er werom nei de Feriene Steaten, dêr't er syn stúdzje oan Harvard ôfmakke en in skripsje skreau oer it Ferdrach fan München, dy't in bestseller waard ûnder de titel Why England Slept. Hy studearre cum laude ôf yn 1940, en folge neitiid kolleezjes oan 'e Stanford Graduate School of Business. Yn 1941 holp er syn heit by it skriuwen fan dy syn memoires oer syn ambassadeurskip en makke dêrnei in rûnreis troch Súd-Amearika.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn septimber 1941, nei't er ôfkard wie troch it Amerikaanske Leger fanwegen syn groanyske rêchproblemen, naam Kennedy tsjinst by de Amerikaanske Marine, dêr't er binnenholpen waard troch in maat fan syn heit. Hy tsjinne as kadet op it Amerikaanske Ministearje fan de Marine doe't de Japanners de Oanfal op Pearl Harbor útfierden. Dêrnei melde er him as frijwilliger oan foar de oplieding ta befelfierder fan in patrûljetorpedoboat, ien fan 'e lytste soarten boaten fan 'e Amerikaanske Marine. Neitiid waard er earst stasjonearre yn 'e Panamakanaalsône, en letter yn 'e Stille Oseaan.

Op 2 augustus 1943 wie Kennedy yn syn boat, de PT-109, nachts op patrûlje by Nij-Georgia, yn 'e Salomonseilannen, doe't se raamd waarden troch de Japanske torpedoboatjager Amagiri. Harren boat sonk en de oerlibjende bemanningsleden swommen nei in eilantsje ta, wêrby't Kennedy nettsjinsteande it feit dat er oan syn dochs al swakke rêch ferwûne rekke wie, in slim ferbrânde ûnderhearrige meisleepte. Neitiid sleepte er him noch fierder mei nei in oar eilantsje, dêr't se úteinlik ûntdutsen en rêden waarden troch de Amerikaanske Marine. Foar dit dwaan krige Kennedy letter de Navy and Marine Corps Medal útrikt. Nei behanneling oan syn rêch waard er yn 1944 ûntslein út aktive tsjinst, en yn 1945 waard er earfol ûntslein út 'e marine.

Kennedy en syn frou Jackie op kampanje yn Wiskonsin (1960).

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 12 augustus 1944 sneuvele Kennedy syn âldere broer Joe, dy't troch harren heit al jierren ree makke waard foar in glânsrike politike karriêre. Dy plicht foel doe oan John F. Kennedy ta, en yn 1946, doe't kongreslid James Michael Curley (op oanstean fan Joe Kennedy sr.) besleat om syn sit op te jaan en boargemaster fan Boston te wurden, wûn John F. Kennedy de frijkommen sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Dêr bleau er ien termyn (fan seis jier), en yn 1952 stelde er him kandidaat foar de Amerikaanske Senaat foar syn bertesteat Massachusetts, wêrby't er de sittende Republikeinske senator Henry Cabot Lodge jr. fersloech. Hy ûntbriek gauris yn 'e Senaat fanwegen syn opspyljende rêchkrupsje, dêr't er ferskate kearen foar operearre wurde moast. Ienris wied er sa siik dat him it lêste sakremint tatsjinne waard. Wylst er yn 1956 oan it opbetterjen wie, skreau er it boek Profiles in Courage, oer Amerikaanske senators dy't harren politike takomst op it spul set hiene foar harren persoanlike oertsjûgings. Dêrmei wûn er it jiers dêrop de Pulitzerpriis foar in Biografy.

Kennedy en Nixon nimme yn 1960 diel oan in ferkiezingsdebat.

Yn 1956 wie der eefkes sprake fan dat Kennedy dat jiers de Demokratyske fise-presidintskandidaat wurde soe, mar dat wie sa net. Yn 1958 waard er werkeazen as senator, mar yn 1960 stelde er him kandidaat foar de Amerikaanske presidintsferkiezings. Nei't er by de foarferkiezings binnen de Demokratyske Partij û.o. senator Hubert Humphrey fan Minnesota en senator Lyndon Johnson fan Teksas ferslein hie, bûn er by de eigentlike ferkiezings de striid oan mei de Republikeinske kandidaat Richard Nixon. As syn running mate keas er út poer politike omtinkens (want persoanlik koed er de man net útstean) Lyndon Johnson, dy't er nedich wie om yn it Suden te winnen. Mei Nixon fierde Kennedy de earste op 'e tillefyzje útstjoerde ferkiezingsdebatten út 'e Amerikaanske skiednis. Dêrby kaam de flotte Kennedy, dy't himsels boppedat foarôf opmeitsje liet, folle better oer as de stugge Nixon mei syn swiere burdgroei. Sadwaande wiene dy tillefyzjedebatten foar Kennedy in flinke triuw yn 'e rêch. Kennedy fersloech Nixon úteinlik mei 49,7% fan 'e stimmen tsjin 49,5% (wat eins neat seit, want yn 'e Feriene Steaten draait it net om prosinten, mar om kiesmannen, en dêrfan hie Kennedy der 303, tsjin Nixon 219). Kennedy wie de jongste presidint ea, en boppedat de earste roomske presidint.

Kennedy ûnder syn ferneamde taspraak yn Berlyn.

Under Kennedy syn presidintskip fûn yn 1961 de mislearre Ynfaazje fan de Bargebaai plak, yn Kuba, wêrby't in legerke fan rjochtse politike Kubaanske ballingen mei help fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA op 'e Kubaanske kust besocht te lânjen. De Kâlde Oarloch wie yn folle gong, en datselde jiers lieten de Russen yn Berlyn de Berlynske Muorre oanlizze, dy't it frije westlike part fan 'e stêd skate fan it kommunistyske eastlike diel. Nei't der sein wurdt, hold Kennedy dêrby de Amerikaanske Striidkrêften en de hauken yn syn eigen regear ôf fan in reäksje dy't mooglik ta in iepentlike oarloch mei it Eastblok laat hawwe soe. As direkt gefolch fan 'e bou fan 'e Muorre besocht Kennedy yn juny 1963 Berlyn, dêr't er in taspraak hold mei de ferneamde wurden "Ich bin ein berliner" ("Ik bin in Berliner"), wêrmei't er sizze woe dat de wrâld mei de befolking fan Berlyn meilibbe. (Dat gauris oanhelle sitaat is trouwens grammatikaal fout; it hie heard te wêzen: Ich bin berliner; sa't hy it sei, klonk it as bedoelde er dat er in Berlynske bol, in pleatslik gebakje, wie.)

Yn 1962 ûntstie der in nije krisis, de saneamde Kubakrisis, doe't de Sovjet-Uny nukleêre wapens op Kuba stasjonearje woe. Dêrby wist Kennedy úteinlik troch mei yngripen te driigjen Sovjet-lieder Nikita Chroesjtsjov te twingen en sjoch fan dat plan ôf. Under it presidintskip fan Kennedy rekken de Feriene Steaten fierders almar djipper behelle yn 'e Fjetnamoarloch, al wied er dêrby folle tebekhâldender as syn opfolger Lyndon Johnson. In oar ûnderdiel fan Kennedy syn bûtenlânpolityk, en ien fan 'e earste maatregels dy't er as presidint naam, wie de oprjochting yn 1961 fan it saneamde Fredeskorps, in organisaasje dy't jonge Amerikanen holp en oantrune om nei harren stúdzje en foarôfgeande oan harren karriêre in pear jier as frijwilligers yn ûntwikkelingslannen te wurkjen. Grutte ynfloed hie Kennedy ek op it Amerikaanske romtefeartprogramma. Hy makke jild frij foar it Apolloprogramma fan 'e NASA, dat de oanset joech ta de Romtefeartrace mei de Sovjet-Uny, en dat yn 1969 útmûnje soe yn 'e Moannelâning.

Kennedy by in moeting mei Sovjet-lieder Nikita Chroesjtsjov.

Op it mêd fan binnenlânsk belied waard Kennedy syn stribjen nei herfoarmings yn û.m. it ûnderwiis en de sûnenssoarch, sa't dat fêstlein wie yn syn beliedsprogram de New Frontier, dwerseide troch it Amerikaanske Kongres. Syn presidintskip foel fierders fierhinne gear mei de opkomst fan 'e Amerikaanske Boargerrjochtebeweging, dy't him oankante tsjin 'e rasseskieding op skoallen, yn it iepenbier ferfier en op withoefolle oare maatskiplike mêden, benammen yn it Suden, dêr't doedestiden in sitewaasje bestie dy't dy yn it Súd-Afrika fan it apartheidsrezjym net wanlyk wie. Kennedy stipe de boargerrjochtestriid op in healslachtige manear; persoanlik stied er oan 'e kant fan 'e boargerrjochtebeweging, mar polityk sjoen distansjearre er him der ferskate kearen fan, om't er bang wie dat it him oars stimmen kostje soe ûnder de yn mearderheid Demokratyske blanke kiezers yn it Suden. Likegoed wied er twongen om yn te gripen yn Mississippy, yn 1962, en yn Alabama, yn 1963, doe't de saak dêr út 'e klauwen drige te rinnen. Uteinlik kaam er yn 'e simmer fan 1963 mei foarstellen dy't de maatskiplike posysje fan 'e swarten yn Amearika struktureel ferbetterje soe, mar de ymplemintaasje dêrfan, yn 1964, makke er net mear mei.

Kennedy kaam yn 'e tiid dat er noch yn it Hûs fan Offurdigen siet by in formeel diner yn 'e kunde mei Jacqueline Lee Bouvier (1929-1994), dy't harsels Jackie neame liet. Hja trouden op 12 septimber 1953. Jackie krige yn 1955 in miskream en yn 1956 in deaberne famke dat Arabella hjitte sillen hie. Letter krigen Kennedy en sy noch trije bern: Caroline Bouvier Kennedy (1957), John Fitzgerald Kennedy jr. (1960-1999) en Patrick Bouvier Kennedy (1963-1963), dy't fiif wiken te betiid berne waard en twa dagen nei de berte kaam te ferstjerren. Kennedy en Jackie wiene folle jonger as dat foar Amerikaanske presidinten en first ladys wenst wie, en hja lieken sa gelokkich mei-inoar dat Kennedy syn presidintskip foar de bûtenwrâld wol in goudene tiid liek en letter gauris mei "Camelot" oantsjutten waard, ferwizend nei it mytyske kastiel fan 'e legindaryske kening Arthur.

Kennedy mei syn gesin (1963).

Mar alles wie net pais en free yn "Camelot". Yn it foarste plak kampte Kennedy mei ûnderskate sûnensproblemen dy't sekuer geheim holden waarden foar de media en it Amerikaanske publyk. Sa litte er oan 'e sykte fan Addison, in seldsume en potinsjeel libbensgefaarlike krupsje wêrby't it lichem te min fan 'e hormoanen kortisol en aldosteron oanmakket fanwegen in groanyske bynierskoarsynsuffisjinsje (oftewol: de bynierskoars docht net wat er heart te dwaan). Dêrnjonken hie Kennedy ek noch hypotyreoïdy, wêrby't de skyldklier te min hormoanen oanmakket. Dat er dy beide sykten hie, wiist derop dat er mooglik in djipper lizzende auto-ymmuniteitsstoarnis hie, dy't de dokters doedestiden noch net ûntdekke koene.

En fierders wie John F. Kennedy in rokkejager en fiterhynst, dy't allegeduerigen bûten de pôt pisse en wêrmei't Jackie hiel wat te stellen hie. Foar syn trouwen hie Kennedy relaasjes hân mei û.o. de Deenske sjoernaliste Inga Arvad en de Amerikaanske aktrise Gene Tierney. As troud man hied er, nei't sein wurdt, frijaazjes mei in hiele rige froulju, wêrûnder aktrise Marilyn Monroe (dy't yn 1962 op in grut feest op tige seksy wize Happy Birthday, Mr. Presidint foar him song), de Sweedske ealfrouwe Gunilla von Post, maffiamêtresse Judith Campbell, keunstneresse Mary Pinchot Meyer, aktrise en sjongster Marlene Dietrich, stazjêre Mimi Alford en Jackie har eigen parsefoarljochtster Pamela Turnure. Fral Kennedy syn relaasje mei Marilyn Monroe hat hiel wat opsjoch jûn, yn it bysûnder nei har hommels en riedselich ferstjerren yn 1962, dat alderhanne gearspanningsteoryen de wrâld yn holpen hat. Ynhoefier't alle geroften oer harren beiden wier binne, sil no nea mear oan it ljocht komme, mar se skine yn elts gefal yn maart 1962 in wykein tegearre trochbrocht te hawwen yn Bing Crosby syn hûs.

John F. Kennedy en syn frou Jackie arivearje op it fleanfjild Love Field, te Dallas, op 22 novimber 1963, koart foar't de presidint fermoarde wurde sil.

Yn novimber 1963 ûndernaam Kennedy in twadeiske politike rûnreis troch in stikmannich Teksaanske stêden, mei as doel om, foarútrinnend op 'e presidintsferkiezings fan 1964, wêrby't er werkeazen hope te wurden, in deilisskip yn 'e Teksaanske Demokratyske Partij op te lossen tusken de konservative gûverneur John Connally en de frijsinnige partijpommeranten Ralph Yarborough en Don Yarborough (gjin famylje faninoar). Ek de stêd Dallas waard dêrby oandien, dêr't Kennedy en Jackie rûnriden waarden yn in iepen limûsine, tusken in hage fan wiuwende boargers troch. Op freed 22 novimber, om likernôch healwei ienen middeis pleatslike tiid, waard der in moardoanslach op 'e presidint dien wylst de limûsine Dealey Plaza passearre. Kennedy waard trije kear rekke: ien kear yn 'e rêch, ien kear yn 'e hals (al besleat de Kommisje Warren, dy't de moard neitiid ûndersocht, dat dy beide wûnen troch deselde kûgel feroarsake wiene) en ien kear, it fatale skot, yn 'e holle. Connally, dy't foar him yn 'e auto siet, rekke ek swier ferwûne, en in omstanner, James Tague, licht ferwûne. De moard waard op film fêstlein om't ien fan 'e taskôgers, Abraham Zapruder, it foarbykommen fan 'e presidint opnaam; dat filmke hjit sûnt de Zapruder-film.

Neitiid waard Lee Harvey Oswald, in wurknimmer fan it Texas School Book Depository, dêr't de skotten fermoedlik wei ôffjurre wiene, oppakt. Letter dy deis waard er oanklage foar de moard op J.D. Tippit, in pleatslike plysje dy't dyseldichste deis op in oar plak yn Dallas deasketten wie, en yn 'e iere moarn fan 23 novimber kaam dêr de oanklacht foar de moard op 'e presidint by. Sels ûntstried Oswald dat er wat mei lykfol hokker moard te krijen hie, en hold er út dat er as sûndebok útkeazen wie om't er in hoart yn 'e Sovjet-Uny wenne hie. Twa dagen nei de moard, op 24 novimber, waard er sels yn 'e parkeargaraazje ûnder it haadburo fan 'e plysje fan Dallas fermoarde troch nachtklubeigner Jack Ruby, dy't sei dat syn motyf wie dat er Jackie Kennedy in langrinnend proses en de needsaak om in tsjûgenis ôf te lizzen besparje woe, al die letter bliken dat dat wat wie dat syn abbekaat optocht hie om sympaty foar Ruby te winnen. Wat Ruby syn echte motyf wie, is noch altyd net dúdlik, al joech er sels ferskate kearen oan dat er ta syn die oanfitere of twongen wie troch guon heechpleatste persoanen. Ruby stoar op 3 jannewaris 1967 yn 'e finzenis oan 'e gefolgen fan longkanker.

John F. Kennedy op in Amerikaanske postsegel.

De moard op Kennedy waard ûndersocht troch de hastich ynstelde Kommisje Warren (neamd nei de foarsitter, opperrjochter Earl Warren), dêr't lykwols frjemd genôch ferskate politike fijannen fan Kennedy in sit yn hiene. Koartsein kamen de konklúzjes fan it ûndersyk troch dy kommisje hjirop del: Oswald wie de dieder, en hy hie folslein allinnich hannele, sûnder help fan wa ek (de lone gunman-teory). Hoewol't de resultaten fan it ûndersyk troch in soad lju yn twifel lutsen waarden, foarmje de konklúzjes fan 'e Kommisje Warren noch altiten fierhinne de offisjele lêzing oer de moardoanslach. Lykwols hawwe troch de jierren hinne withoefolle opinypeilings oantoand dat it it Amerikaanske publyk net oan wol. Sa die yn 2004 út in opinypeiling troch de stjoerder Fox News bliken dat 66% fan 'e Amerikanen fan miening wie dat der in gearspanning west hie om Kennedy te fermoardzjen, en dat 74% leaude dat de saak neitiid yn 'e dôfpôt stoppe wie. Neffens in opinypeiling út novimber 2013, troch de renommearre Gallup-organisaasje (in Gallup Poll dus), tocht 61% dat der in gearspanning west hie en leaude mar 30% dat Oswald de oanslach allinnich út 'e wei set hie. Noch altiten geane der withoefolle gearspanningsteoryen om oer de moard op Kennedy. De bekendsten dêrfan binne dat de Kubanen, de Russen, de maffia (dêr't Ruby konneksjes mei hie) of de eigen Amerikaanske ynljochtingetsjinsten derefter sieten. Der is lykwols troch de ûnderskate oerheidstsjinsten fuort nei de moard sa alderraarst yn it ûndersyk omreage, dat men no inkeld noch mar mei wissichheid sizze kin dat nea mei wissichheid sein wurde kinne sil wat der dy deis krekt bard is.

John F. Kennedy waard op moandei 25 novimber 1963 foarearst begroeven op in lyts, hastich frijmakke hoekje fan it Nasjonaal Begraafplak Arlington, bûten de Amerikaanske haadstêd Washington, yn Firginia. Syn glamourrike foarkommen waard troch syn moard allinnich noch mar yntrigearjender makke: Kennedy is altyd de jongeman bleaun dy't er yn 1963 wie. Hied er libbe oant er âld wurden wie, dan hie der lang sa'n hype net om him hinne ûntstien. No is er ta in Amerikaansk kultureel ikoan wurden, ferlykber mei oaren dy't net âld wurden binne, lykas aktrise Marilyn Monroe en fleanster Amelia Earhart. Yn in perioade fan trije jier, fan 1964 oant 1966, waard Kennedy syn grêf troch nei skatting 16 miljoen minsken besocht. Op 14 maart 1967 waard er werbegroeven yn in permanint grêf, dêr't in tinkteken op kaam te stean. De earewacht by syn grêf bestie út kadetten út it Ierske Leger. Yn 1994 waard syn frou Jackie njonken him begroeven. Syn jongere broer, Robert Kennedy, waard yn juny 1968 deunby begroeven, nei't ek hy fermoarde wie. Yn augustus 2009 waard de trêde broer, senator Ted Kennedy, ek deunby begroeven.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Historiography en Further reading, op dizze side.