Fearless Nadia

Ut Wikipedy
Fearless Nadia
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mary Ann Evans
nasjonaliteit Yndiaask
berne 8 jannewaris 1908
berteplak Perth (West-Austraalje)
stoarn 9 jannewaris 1996
stjerplak Bombay (Yndia)
etnisiteit Skotsk
jierren aktyf 19331970
offisjele webside
n.f.t.

Fearless Nadia (Ingelsk foar: "Nadia-sûnder-Frees"; echte namme: Mary Ann Evans; Perth, 8 jannewaris 1908Bombay, 9 jannewaris 1996) wie in Yndiaask aktrise en stuntfrou fan Skotsk-Australysk komôf. Hja spile yn it doetiidske Britsk-Ynje de haadrol fan 'e maskere superheldinne Hunterwali yn 'e film mei deselde namme út 1935. Dat wie ien fan 'e earste Bollywood-films mei in froulike haadpersoan. It makke har ûnbidige populêr en fêstige har reputaasje as aktrise. Nadia spile neitiid yn tsientallen oare grutte Bollywood-produksjes en troude mei filmprodusint Homi Wadia.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fearless Nadia waard yn 1908 berne as Mary Ann Evans yn Perth, de haadstêd fan West-Austraalje. Hja wie de dochter fan 'e Skot Herbertt Evans, in frijwilliger yn it Britske Leger, en dy syn frou Margret. Doe't Nadia noch mar ien jier wie, waard har heit tafoege oan in rezjimint fan it Britsk-Yndyske Leger dat yn Bombay lei. Uteinlik kaam Nadia yn 1913, doe't se fiif jier âld wie, mei har mem oer nei Britsk-Ynje dêr't de húshâlding him yn Bombay fêstige.

Yn 1915, nei't Herbertt Evans yn 'e Earste Wrâldoarloch sneuvele wie yn 'e striid tsjin 'e Dútsers, ferfearen Nadia en har mem nei Peshawar, yn wat no Pakistan is. Dêr groeide se op. Se learde der hynsteriden, jeien, angelfiskjen en sjitten by besiken oan 'e Noardwestlike Grinsprovinsje (no Khyber Pakhtunkhwa).

Teäterkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1928 kearde Nadia werom nei Bombay mei har mem en in soan, Robert Jones, oer wa't net folle bekend is. Hja wurke dêr as winkelbetsjinde yn 'e Army & Navy Store, wylst se dêrnjonken balletlessen folge by in frou Astrova. Dy stie oan it haad fan in teäterselskip dat optredens fersoarge foar Britske soldaten dy't yn Britsk-Ynje legere wiene, foar Britsk-Yndyske adel en foar lânseigen publyk op 'e pleinen fan stedsjes en doarpen. Nadia joech har by it selskip en learde om û.m. rêdslaggen en splits út te fieren. Dy atletyske eftergrûn soe har letter goed fan pas komme as stuntfrou.

It wie yn deselde snuorje dat in Armeenske wiersizzeresse har foarsei dat se in súksesfolle karriêre as aktrise hawwe soe, salang't se mar in artystenamme keas dy't begûn mei de letter N. Se keas doe de namme 'Nadia' om't se dy eksoatysk klinken fûn.

Filmkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se mei it selskip fan Astrova op toernee west hie troch hiel Britsk-Ynje, joech Nadia har yn 1930 by it Zarko Sirkus. Fia-fia kaam se yn 'e kunde mei J.B.H. Wadia, de oprjochter fan 'e filmstudio Wadia Movietone, dy't Hindytalige films makke yn 'e iere jierren fan 'e filmyndustry fan Bollywood. Dyselde wie yn 't earstoan fernuvere oer Nadia har oankringen op in filmrol, mar nei ferrin fan tiid joech er ta en krige se in lyts roltsje as slavinne yn 'e film Desh Deepak. It wie in hânkleure sêne dy't har blûne hier, ljochte hûdskleur en blauwe eagen goed útkomme lieten. Neitiid mocht se prinsesse Parizaad spylje yn Noor-e-Yaman.

Fearless Nadia bliek populêr by it Britsk-Yndyske filmpublyk, dat J.B.H. Wadia en syn jongere broer Homi Wadia besleaten har ta in filmstjer te meitsjen. Betinkend dat har sterkste punten har tsjeppe uterlik en har atletyske feardichheden wiene (en net har haperjende útspraak fan it Hindy), joegen se har yn 1935 de haadrol fan in superheldinne avant la lettre yn Hunterwali. Dy film woeks út ta in ûnbidich súkses, nettsjinsteande dat (of miskien wol just trochdat) der kontroverse ûntstie oer it feit dat de heldinne dêryn dingen die dy't fatsoenlike froulju net hearden te dwaan (lykas manlju yninoar slaan en omspringe yn in strak sittende koarte broek dy't har bleate boppeskonken sjen liet).

De filmposter fan Hunterwali.

Hunterwali betsjutte de trochbraak fan Fearless Nadia as aktrise. Fral har stunts by it hynsteriden, mei hynder-en-wein en op it dak fan in trein foelen der by it publyk wakker yn. Har gjalp "Hee-i-i" ûntwikkele him yn Yndia ta in wier biedwurd. Neitiid groeide Nadia út ta in legindarysk figuer yn 'e Yndiaaske filmyndustry, nettsjinsteande it feit dat se nea aksintleas Hindy learde te sprekken. Se waard sjoen as in feministysk ikoan dat troch it glêzen plafon hinne brutsen wie en froulju de mooglikheid jûn hie om filmstjer te wurden. De folgjende tweintich jier wie se de meast fertsjinjende aktrise yn Bollywood.

Homi Wadia brocht yn 1943 in ferfolchfilm út, Hunterwali ki Beti ("De Dochter fan Hunterwali"), op 'e nij mei Fearless Nadia yn 'e titelrol. Krekt as Hunterwali sels waard ek dy film in trochslaand súkses. Guon oare grutte Bollywood-produksjes dêr't Nadia yn spile, wiene Miss Frontier Mail (1936), Lataru Lalna (1938), Bambaiwali (1941), 11 O'Clock (1948) en Jungle ka Jawahar (1953). Yn 1968, doe't se sechstich jier wie, spile se noch yn 'e James Bond-parody Khilari.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1961, doe't se 63 jier wie, troude Nadia mei Homi Wadia, en waard se sadwaande Nadia Wadia.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fearless Nadia kaam op 9 jannewaris 1996 oan natuerlike oarsaken te ferstjerren, ien dei nei har 88e jierdei.

Neilittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1993 makke Riyad Vinci Wadi, de âldomke- en -muoikesizzer fan Fearless Nadia en Homi Wadia, de dokumintêre Fearless: The Hunterwali Story oer it libben fan 'e aktrise. Nei't Dorothee Wenner dy film dat jiers op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn sjoen hie, skreau se in biografy fan Nadia dy't yn 2005 yn it Ingelsk útkaam as Fearless Nadia: The True Story of Bollywood's Original Stunt Queen. Regisseur Vishal Bharadwaj makke yn 2017 de biografyske film Rangoon oer it libben fan Fearless Nadia, mei aktrise Kangana Ranaut yn 'e haadrol.

Selektearre filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1935 Desh Deepak slavinne
1935 Noor-e-Yaman prinsesse Parizaad
1935 Hunterwali prinsesse Madhuri / Hunterwali "In Frou mei in Swipe"
1936 Miss Frontier Mail Savita
1938 Lutaru Lalna Indira "It Banditefamke"
1939 Punjab Mail ?
1940 Diamond Queen Madhurika
1941 Bambaiwali Bambaiwali "It Fanke út Bombay"
1942 Jungle Princess Mala
1943 Muqabala Madhuri
1943 Hunterwali ki Beti prinsesse Madhuri / Hunterwali
1946 Sher-e-Baghdad Zubeida
1948 Mauj ?
1948 11 O'Clock Lakshmi
1949 Dhoomketu Shanti "De Komeet"
1953 Jungle ka Jawahar Mala "Held fan 'e Jungle"
1956 Baghdad ka Jadu Yasmina
1956 Jungle Queen Mala
1957 Diler Daku prinsesse Farida
1968 Khilari Agent X1 "De Spiler"

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.