Springe nei ynhâld

Corinne Suter

Ut Wikipedy
Corinne Suter
sporter
Corinne Suter (2020)
Corinne Suter (2020)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Corinne Suter
nasjonaliteit Switsersk
bertedatum 28 septimber 1994
berteplak Schwyz
lingte 1.71 m
gewicht 70 kg
sportive ynformaasje
sport Skyen
ûnderdiel Alpineskyen
O.S. Pyeongchang 2018,
Peking 2022
debút 2011
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2022
1x goud WK 2021
2x sulver WK 2019, 2021
1x brûns WK 2019

Corinne Suter (Schwyz, 28 septimber 1994) is in Switsersk skyster. Suter is spesjalisearre yn de ôfdaling en de super-G. Sy waard yn 2021 yn Cortina d'Ampezzo wrâldkampioene op de ôfdaling, en wûn sulver op de super-G. By de wrâldkampioenskippen yn 2019 yn it Sweedske Åre behelle sy in sulveren medalje op de ôfdaling en in brûnzen medalje op de super-G. Yn 2022 waard se yn Peking Olympysk kampioene op de ôfdaling.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:DE
  • Wikipedy:EN