Nice Leng'ete
Nice Leng'ete | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nice Nailantei Leng'ete | |
nasjonaliteit | Keniaansk | |
berne | 1991[1] | |
berteplak | Kimana (Kenia)[1] | |
etnisiteit | Masai[1][2] | |
wurkpaad | ||
berop/amt | meiwurkster fan Amref Flying Doctors[2] | |
aktyf as | minskerjochte-aktiviste | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
reden bekendheid |
striidster tsjin frouljusbesnijenis[1] | |
offisjele webside | ||
Nice Leng'ete op Twitter |
Nice Leng'ete (folút: Nice Nailantei Leng’ete; útspr.: [nɑɪs 'nɑɪləntɛ lɛ̃ŋ'ɛtɛ], likernôch: "nais nai-lun-teh leng-et-teh"; Kimana, 1991)[1] is in Keniaansk minskerjochte-aktiviste fan etnysk Masai-komôf.[1][2] Hja krewearret mank har folk foar de ôfskaffing fan 'e frouljusbesnijenis, ek bekend as froulike genitale skeining, wêrby't by famkes op in jonge leeftyd de klitoris ôfsnien wurdt.[1][2] Troch har ynset is de frouljusbesnijenis anno 2019 yn 47 mienskippen ôfskaft en ferfongen troch in oar, froufreonlik en feestlik oergongsritueel.[2] Dêrmei hat Leng'ete nei skatting 14.000 famkes fan frouljusbesnijenis rêden.[2] Fierders kantet se har ek oan tsjin bernehouliken en de fersprieding fan HIV/AIDS,[2] en besiket se har folk as meiwurkster fan Amref Flying Doctors in better begryp fan seksualiteit yn it algemien by te bringen.[2] Yn 2018 waard Leng'ete troch it Amerikaanske tydskrift Time oanmurken as ien fan 'e hûndert ynfloedrykste persoanen fan 'e wrâld.[2][3][4][5]
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leng'ete waard yn 1991 berne[1] yn it Masai-doarp Kimana, yn it suden fan Kenia.[1] Hja waard wees doe't har âlden koart nei inoar yn 1997 en 1998 kamen te ferstjerren.[1][2] Om't har pake net foar de doe seisjierrige Leng'ete soargje koe, waard se yn har doarp in skoftke fan 'e iene húshâlding nei de oare taskood,[1] foar't se úteinlik nei in kostskoalle ta stjoerd waard.[1][2] Dêr mette se famkes fan har eigen jierren fan oare etnyske groepen, mei oare tradysjes en gebrûken. Dat wie in kearpunt yn Leng'ete har libben.[1][2]
Mank de Masai, dy't fan âlds as nomadyske feehoeders oer de Serengetiflakte doarmen, spriek it nammentlik fansels dat famkes op jonge leeftyd de frouljusbesnijenis ûndergiene, wêrby't de klitoris ôfsnien waard.[2] Dat barde sûnder ferdôving, útsein in kâlde dûs.[2] Leng'ete har mem hie har as beuker al meinommen nei sokke seremoanjes, om har te learen hoe wichtich it wie dat dejinge dy't it ritueel ûndergie, net sjen liet dat se pine hie.[2] It fuortsnijen fan 'e klitoris wie mank de Masai sa normaal dat nimmen it gebrûk yn 'e kiif stelde. Manlju, dy't har der fierders net mei bemuoiden en der dêrom ek mar amperoan wat fan wisten, woene net mei ûnbesniene froulju trouwe, dus foar famkes wie der gjin houlik en dêrmei gjin takomst sûnder de besnijenis, dy't as in oergongsritueel nei it frouwêzen beskôge waard.[2]
Troch har ûnderfinings op 'e kostskoalle krige Leng'ete it yn 'e holle dat se net besnien wurde woe. En likemin woe se mei tolve jier of soms al mei tsien jier úthylke wurde oan in folwoeksen man.[2] Doe't se mei acht jier de besnijenis ûndergean moast, besleat Leng'ete om út te naaien. Se wist har twa jier âldere suster Nelly safier te krijen dat dy mei har gie, en tegearre pykten de famkes út.[2][4] Om net sjoen te wurden, diene se dat dwers troch de wyldernis. Se berikten feilich it hûs fan harren muoike, 70 km fierderop, dêr't se ûnderdoeken.[4] In lulke omke en oare manlju út har doarp ûntdieken al rillegau wêr't Leng'ete en har suster harren ferskûle hiene. Doe't se harren fûnen, joegen se de famkes in wan bruien en bedrigen se harren.[2][4] Mar om't de frouljusbesnijenis inkeld op fêste tiden útfierd waard, wiene se foarearst feilich.[2][4]
In stikmannich moannen letter,[2] doe't der wer in besnijenisseremoanje organisearre waard, woe Leng'ete wer útnaaie, mar dy kears liet Nelly har net oerhelje om mei.[2][4] Ynstee stjoerde se Leng'ete nei it hûs fan ien fan har leararessen, wylst se sels it ritueel ûndergie.[2] Yn in fraachpetear yn 2019 fertelde Leng'ete hoe't it fierder beteard wie mei Nelly. Nei't se besnien waard, gie se mei tsien jier fan skoalle, en koarte tiid letter troude se mei in folle âldere man, mei wa't se trije bern krige.[2] "Dat wie net it libben dat se sels keas," sei Leng'ete, "Har dreamen waarden har ôfnommen."[2] Underwilens hie Nelly harsels lykwols oan har ûnwinske houlik ûntwraksele en wenne se mei har trije soannen by Leng'ete yn.[2]
Doe't Leng'ete sels nei ôfrin fan 'e seremoanje weromkearde nei har doarp, wist se har pake, dat ien fan 'e stamâldsten wie,[2] te bepraten op har besnijenis út te stellen.[2][4] Dat die se troch dermei te driigjen foargoed út te naaien.[2][4][5] Meitiid late útstel yn har gefal ta ôfstel.[2] Har pake stimde deryn ta om har wer nei skoalle gean te litten,[4] en Leng'ete waard it iennichste famke út har mienskip dat trochlearde.[2][4][5] Lykwols wie it net in maklik bestean foar har, want se waard troch eltsenien mei de nekke oansjoen[4] en beskôge as in min foarbyld foar oare famkes.[2] Se wie ommers immen dy't skande oer har famylje brocht hie.[4][5] It holp yn dat ferbân fansels ek net dat se letter, sa't se sels troch har muoike en har leararesse ferburgen wie, sels oare jonge famkes ferburch dy't útnaaiden foar it besnijenisritueel.[6]
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2008, doe't se santjin jier wie, waard Leng'ete troch de sûnensorganisaasje Amref Flying Doctors útkeazen om in oplieding op it mêd fan seksualiteit en sûnenssoarch te folgjen. Se sochten in jonge en in famke, dy't beiden al in algemiene foaroplieding hân hiene, en Leng'ete wie it iennichste famke yn har mienskip dat net al ier fan skoalle gien wie.[2] Nei se de oplieding ôfrûne hie, waard it de taak fan Leng'ete om har folk te ûnderwizen oer seksualiteit yn it algemien, mar ek oer spesifike kwestjes as frouljusbesnijenis, bernehouliken en HIV/AIDS.[2] Dat wie foar har in drege put, want net inkeld lei se by de measte leden fan har folk op in minne namme om't se wegere hie har besnije te litten en om't se oare famkes holp om oan 'e besnijenis te ûntkommen, mar yn 'e kultuer fan 'e Masai is it ek nochris sa dat in famke net samar in man oansprekke kin.[2][5]
Leng'ete fersocht de stamâldsten fan har eigen doarp om mei de manlju prate te meien, mar nei witwat redendielen waard it har inkeld tastien om mei de jongere manlju te sprekken.[2][5] Dy hiene lykwols gjin belangstelling foar wat se sizze woe, en wegeren om nei har te harkjen. Twa jier lang hold Leng'ete oan mei te besykjen om 'e jonge manlju nei har lústerje te litten, en úteinlik oarderen de stamâldsten de jonge manlju om nei har te harkjen om fan it geseur ôf te wêzen.[5] Yn 't earstoan wiene der mar trije jonge manlju dy't mei har prate woene, mar doe't dúdlik waard dat Leng'ete dingen te fertellen hie dêr't se harren foardiel mei dwaan koene, kamen der allinkenoan mear by.[5] Leng'ete wreide de ûnderwerpen fan petear stadichwei út fan it foarkommen fan besmetting mei HIV nei swierwêzen by tinerfamkes en de komplikaasjes foar de sûnens dy't dêrmei mank geane, nei bernehouliken, nei it gebrek oan ûnderwiis by famkes en úteinlik ek nei frouljusbesnijenis.[5]
Leng'ete lei de jonge manlju út hokker ynfloed oft besnijenis hat op 'e takomst fan froulju, harren sekslibben en harren sûnens.[5] Se besocht harren derfan te oertsjûgjen dat eltsenien sûner, lokkiger en ek riker wêze soe as famkes mear trochlearden, letter trouden en bern krije koene sûnder de komplikaasjes dy't besnijenis feroarsaakje kin.[5] It kearpunt kaam doe't se harren in fideo sjen liet fan in besnijenisseremoanje. De manlju hiene gjin idee wat dat krekt ynhold, om't it in frouljusseremoanje is, dêr't manlju net by talitten wurde. De reäksje wie sa't Leng'ete hope hie: ien fan skok en walging. De jongere manlju begûnen harren dêrnei út te sprekken tsjin 'e frouljusbesnijenis, en wegeren om harren dochters dêroan te ûnderwerpen.[2] Nei hast fjouwer jier fan redendielen besleaten de stamâldsten fan Leng'ete har doarp en skaf de frouljusbesnijenis ôf.[5] Dêrfoar yn 't plak kaam in oar, froufreonlik en feestlik oergongsritueel.[2] Omreden fan har ynset foar wat no as in goede saak sjoen waard, wie Leng'ete de earste frou yn har doarp dy't de Swarte Gongelstôk takend krige, dy't yn har mienskip in symboal is fan liederskip, respekt en macht.[5]
Neitiid sette Leng'ete har krewearjen fuort om ek yn oare Masai-doarpen in ein oan 'e frouljusbesnijenis te meitsjen.[2][4] Amref Flying Doctors helle har nei it bûtenlân ta, dêr't se op ferskate plakken yn 'e wrâld taspraken en lêzings hold oer har kampanje om 'e frouljusbesnijenis út te bannen. Sa spriek se yn 2013 op it Clinton Global Initiative (CGI) yn New York en op in konferinsje oer seksuële en fuortplantingsrjochten yn Amsterdam.[7] Yn 2014 naam de rie fan stamâldsten fan it hiele Masai-folk, dy't regearret oer oardel miljoen minsken, it beslút dat de frouljusbesnijenis net mear útfierd wurde moast.[6] Troch Leng'ete har wurk wie dy praktyk anno 2019 yn 47 mienskippen yn Kenia útband, wêrmei't doe al 14.000 famkes fan 'e besnijenis rêden wiene.[2]
Sûnt 2014 hat Leng'ete as in projektliedster fan Amref wurke yn it Kenya Alternative Rite of Passage-projekt (ARP), wêrfoar't se fan doarp nei doarp reizget om 'e froulju te helpen in alternatyf oergongsritueel foar famkes te organisearjen.[7][8] Tagelyk besiket se stamâldsten en oare mienskipslieders oer de streek te lûken, dy't noch net fan 'e needsaak trochkrongen binne om it near te lizzen mei de besnijenistradysje.[7][8] Dêrnjonken wurket se nau gear mei oare fertsjintwurdigers fan Amref om benammen de jongerein fan 'e Masai te ûnderrjochtsjen op it mêd fan seksualiteit en fuortplanting.[6] Hoewol't Kenia frouljusbesnijenis yn 2011 yllegaal ferklearre hat en de stamâldsten fan 'e Masai de tradysje yn 2014 ferbean hawwe, is it lykwols dreech om it ferbod ôf te twingen, benammen yn ôfhandige doarpkes op it plattelân. It wurk fan Leng'ete en oaren op it mêd fan ûnderwiis is dêrom fan krúsjaal belang om ek dêre in diskusje oer de frouljusbesnijenis op gong te bringen en om kennis oer dat ûnderwerp te fersprieden.[6]
Erkenning
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtige rol dy't Leng'ete spile hat en noch spilet, is erkend troch de takenning fan ferskate prizen oan har. Sa ûntfong se yn 2015 de Inspirational Woman of the Year Award fan it Keniaanske Ministearje fan Devolúsje,[7] en krige se yn 2018 de Amerikaanske Annemarie Madison Prize taparte.[6]Yn 2016 ûntfong se fierders in Mandela Washington Fellowship for Young African Leaders.[7] Yn 2018 waard Leng'ete troch it Amerikaanske tydskrift Time oanmurken as ien fan 'e hûndert ynfloedrykste persoanen fan 'e wrâld.[2][3][4][5]