Kathleen Ferrier (politika)
Kathleen Ferrier (politika) | ||
politikus | ||
bertedatum | 8 maart 1957 | |
berteplak | Paramaribo | |
ficefoarsitter programmateam CDA | ||
amtsperioade | 2000-2001 | |
Lid Twadde Keamer | ||
amtsperioade | 2002-2012 | |
offisjele webside | ||
Biografy by Parlement.com |
- Dizze side giet oer de Surinaamsk-Nederlânske politika. Foar de Britske sjongster, sjoch: Kathleen Ferrier.
Kathleen Gertrud Ferrier (Paramaribo, 8 maart 1957) is in Nederlânske bestjoerder en earder politika út namme fan it CDA.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferrier waard berne as dochter fan Johan Ferrier, de lettere gûverneur en presidint fan Suriname, en fan Edmé Vas, leararesse. Hja waard ferneamd nei de Ingelske altsjongster Kathleen Ferrier dêr't hja yn 'e fierte oan besibbe wêze soe. Sy is de jongere suster fan Joan Ferrier en is in healsuster fan de auteurs Cynthia McLeod en Leo Ferrier.
Ferrier gie nei de legere skoalle yn Den Haach en yn Paramaribo, dêr't hja ek úteinsette mei it Ateneum oan de Iepenbiere Frije HBS. Yn 1973 ferfear hja nei Nederlân. Sy makke it Ateneum oan it Visser 't Hooft Lyceum yn Leien ôf (1976) en studearre Spaanske taal- en letterkunde en Untwikkelingsgearwurking oan de Universiteit Leien oant 1984. Wilens har stúdzje wie hja ûnder oaren stewardesse by de KLM.
Fan 1984 oant 1991 arbeide se yn Sily as saakkundige ûntwikkelingsgearwurking en doe oant 1994 yn Brazylje. Yn 1994 kaam hja werom yn Nederlân. Sy waard sekretaris fan de feriening Samen Kerk in Nederland (SKIN), in organisaasje fan migrantetsjerken, en fan 1996 ôf ek sekretaris fan de Latynsk-Amerikaanske sinding fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.
Ferrier waard earst yn 1999 lid fan it CDA. Sûnt 23 maaie 2002 is Ferrier lid fan de Twadde Keamer foar it CDA; sûnt maart 2003 ek ûnderfoarsitter fan de fêste Keamerkommisje foar Sosjale Saken en Wurkgelegenheid.
Yn 2004 reizge se mei D66-keamerlid Boris Dittrich en de Spaanske parlemintaarjer Jorge Moragas nei Kuba om dêr mei dissidinten te sprekken. Al op it fleanfjild waarden hja oanholden en fuortendaliks it lân útset. Minister fan Utlânske Saken Bot liet doe de Kubaanske ambassadeur by him komme. Yn septimber 2010 die bliken dat hja ien fan de trije dissidinten yn de CDA-fraksje wie, dy't tsjin it nije kabinet Rutte-Verhagen binne, at dat allinne bestean kin mei stipe fan de PVV-fraksje yn it parlemint.
Yn maaie 2012 makke Kathleen Ferrier bekend dat se by de Twadde Keamerferkiezings fan 2012 net mear ferkiesber wêze soe. By har fuortgean út de Twadde Keamer op 19 septimber 2012 waard Ferrier beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Op 1 septimber 2019 waard Ferrier beneamd ta foarsitter fan de Nederlandse Unesco Commissie foar in perioade fan fjouwer jier.
Persoanlik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferrier is boaske oan dûmny Tjeerd de Boer en hat mei him twa soannen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Siden dy't by de tiid brocht wurde moatte
- Surinaamsk politikus
- Nederlânsk politikus
- CDA-politikus
- Twadde Keamerlid
- Nederlânsk konservatyf
- Surinaamsk-Kreoalsk persoan
- Surinaamsk persoan fan Frânsk komôf
- Surinaamsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Hindoestaansk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf
- Persoan berne yn 1957