Cynthia McLeod
Cynthia Henri McLeod (Paramaribo, 4 oktober 1936) is in Surinaamsk skriuwster.
McLeod waard berne as Cynthia Ferrier; dochter fan Eugenie Lionarons en Johan Ferrier, de earste presidint fan Suriname.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de middelbere skoalle sudearre hja fierder yn Nederlân foar Leararesse Bernefersoarching en -opbringing. Se boaske oan Drs Donald McLeod. 1962 giene hja werom nei Suriname, dêr't McLeod M.O Nederlânsk studearre. Fan 1969 oant 1978 wie hja leararesse Nederlânsk oan it vwo yn Paramaribo. Donald McLeod waard 1978 ambassadeur fan Suriname yn Fenezuela. Dêrnei krige er posten yn België en de Feriene Steaten. Yn it bûtenlân sette hja mei de skriuwerij út ein; benamme yn Belgje wie hja yn de gelegenheid om argyfûndersyk te dwaan yn De Haach, Amsterdam, Rotterdam, Emmerich, Keulen ensafuorthinne.
De McLeods gienen werom nei terug naar Suriname yn 1986 en 1987 ferskynde har debút “Hoe duur was de Suiker?” by útjouwerij Vaco yn Paramaribo. Cynthia McLeod waard op slach de meast ferneamde skriuwster yn Suriname. Dy histoaryske roman oer de sûkerkultuer yn de 18e iuw waard letter op 'en nij útjûn troch de Nederlânske útjouwerij Conserve. Rillegau ferskynden der ek oare histoaryske romans fan har.
Elisabeth Samson
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]McLeod die goed fiif jier yngeand ûndersyk nei Elisabeth Samson, in frije negerinne waans namme in protte foarkomt yn histoaryke wurken oer Suriname, meidat hja boaskje woe mei in blanke man, wat yn it Suriname fan de earste helte 18e iuw ferbean wie. De útkomsten fan it ûndersyk waarden earst útjûn troch de Fakulteit Culturele Antropology fan de Universiteit fan Utrecht. Dêrnei bestudearre McLeod noch acht jier de sosjale struktuer en it maatskiplik libben út dy perioade. Sa koe hja Elisabeth as begoedige frije swarte goed pleatse yn dy mienskip mei syn foaroardielen en blanke supremasy. Dat alles kriget moai stâl yn de roman: "De Vrije negerin Elisabeth, gevangene van Kleur.”
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hoe duur was de suiker (1987), ISBN 90-5429-056-0
- Vaarwel Merodia (1993), ISBN 99914-0-047-8
- Ma Rochelle Passée Welkom El Dorado (1996), ISBN 90-5429-053-6
- Tweemaal Mariënburg (1997), ISBN 90-5429-087-0
- Herinneringen aan Mariënburg (1998), ISBN 99914-0-055-9
- De vrije negerin Elisabeth (2000), ISBN 90-5429-078-1
- The Free Negress Elisabeth (2005), ISBN 99914-712-0-0
- ...die Revolutie niet begrepen!... (2005), ISBN 90-5429-201-6
- Tutuba. Het meisje van het slavenschip Leusden. Historische novelle (2013), ISBN 978 90-5429-357-6
- Zenobia – Slavin op het paleis (2015), ISBN 90-5429-399-3
- Stúdzjes
- Elisabeth Samson; een vrije zwarte vrouw in het achttiende-eeuwse Suriname(1993/1996), ISBN 90-5429-0544
- Slavernij en de Memorie (2002), ISBN 90-5429-159-1
- Kriskras door Frimangron (2003), ISBN 90-6832-537-X
- Paramaribo. Stad van harmonische tegenstellingen, Skoarl: Utjouwerij Conserve (2007), ISBN 9789054292371, yn 'e mande mei Hennah Draaibaar.
- Berneboeken en bernemusicals
- Lafu (1992),ISBN
- Toen het vakantie was (1999), ISBN 99914-8702-6
- De kinderen van de Burenstraat (1997)
- Het Grote Regenwoud (2003)
- No kwik in ons bos (2017)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kempen, Michiel van: Een Geschiedenis van de Surinaamse literatuur. 1957-2000, Breda 2003 (Utj. De Geus), s. 988, 1048-1056.
- Wagenaar, Leonoor: Een schrijvende duizendpoot, yn: Parbode, nr. 23, maart 2008, s. 6-9.