Iris Kroes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



Iris Kroes
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
Iris Kroes by de iepening fan it nije Frysk Museum, 13 septimber 2013
Iris Kroes by de iepening fan it nije Frysk Museum, 13 septimber 2013
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 novimber 1992
berteplak Drachten
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjongtaal Ingelsk, Frysk, Nederlânsk
ynstrumint sjonger, harpe
jierren aktyf 2009 - no

Iris Kroes (Drachten, 11 novimber 1992) is in Frysk sjongster en harpspylster.

Sûnt har achtste hat se harplessen by Mona Moog en spilet as harpiste pop mar ek klassyk. Der binne mear muzikale minsken yn har famylje. Nei de Hafû (2004-2010) studearret sûnt 2010 HBO Kommunikaasje yn Grins. Wurke by in Sineesk restaurant De Drait yn Drachten as bybaantsje. Iris sjongt yn popbandsjes fan muzykskoalle de Meldij, ûnder lieding fan Reinout Douma. Noch foardat Kroes meidie oan de talinteshow song se yn maaie 2009 al ris mei in bigband, it 'Noordpool orkest' fan Douma. Ek spilet se yn it duo 'Pieter en Iris'.

Pieter en Iris[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei gitarist Pieter Veenstra (1992) treedt se op as sjongduo mei mearstimmige fokalen begelaat op de akoestyske gitaar. Pieter en Iris kenne elkoar dan de middelbere skoalle, it Drachtster Lyceum. Dêr dienen se as duo mei oan de talintejacht en treden dêrnei op by feestjes en festiviteiten yn Fryslân. Sa wûnen se ek de wedstryd '3 minutes of fame', en mochten dêrby foar wol 6000 minsken optrede yn de WTC Expo te Ljouwert.
Pieter en Iris sjonge benammen yn it Ingelsk, mar spylje sa no en dan ek Nederlânske en Fryske popsongs. It sjenre is breed; fan The Doobie Brothers oant Adele en fan Paolo Nutini oant Guus Meeuwis.

The Voice of Holland[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De twadde edysje fan 'The Voice' wie sûnt septimber 2011 op de telefyzje. Coaches Marco Borsato, Roel van Velzen, Angela Groothuizen en Nick en Simon keazen by blinde audysjes sjongtalinten dy't se moannenlang begelieden. Wûn op 20 jannewaris 2012 The Voice of Holland fan finalist Chris Hordijk yn in finale mei optredens fan Birdy, Gavin DeGraw en Taio Cruz. Der seagen 3,6 miljoen minsken nei de finale. Yn de tuskenstannen gie Kroes alle kearen oan kop, folge troch Chris Hordijk en Erwin Nyhoff. Erwin wie de twadde ôffaller yn TVOH. Paul Turner wie de earste dy't it poadium ferliet. Daliks nei de earste optredens yn de live-útstjoering stie Iris noch op it twadde plak, foarôf gien troch Chris. Iris har earste optreden wie mei Birdy. Tegearre songen se 'Skinny love' fan it opkommende 15-jierige talint út Ingelân. By har twadde live-optreden song Iris 'Someone like you' fan Adele en begelate harsels begelate op de harp. Mei dit nûmer die se har audysje by TVOH, dêr't hja in soad yndruk mei makke, sawol by de sjuery as de sjoggers fan it tillefyzjeprogramma. Yn har lêste optreden yn de finale song se har single 'I can't make you love me'. Iris waard coached troch Marco Borsato dy't foarôfgeand oan de útstjoering syn fertrouwen yn 'syn' talint útspruts fia Fryske tweets.

Iris folget Ben Saunders op, dy't de earste edysje fan it populêre programma wûn.

De sneon fuort nei de finale waard se huldige yn skouboarch De Lawei yn Drachten. It wetter fan de fontein foar De Lawei is goud kleure, der wiene spesjale T-shirts drukt, rûnom hongen affysjes mei in spesjale boadskip foar Iris en se waard op in grut huldigingspoadium tasprutsen troch de wethâlder fan Kultuer.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2012 First 4
  • 2014 It Will Come In Time

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Never Coming Back (2014)
  • Thús (2013)
  • Just more (2012)
  • Look Up Lizzy (2012)
  • I can't make you love me (2012)
  • Nothing Else Matters (2012)
  • When love takes over (2011)
  • Foolish Games (2011)

Keppeling 0m utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: