Nick en Simon

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Nick en Simon

Nick en Simon is in Folendamsk sangduo dat bestiet út Nick Schilder en Simon Keizer. Sy komme beide út ferneamde Folendammer muzykfamyljes.

Simons heit ferstoar oan maachkanker doe't Simon 15 jier wie. Hy kaam by Nick yn de klas en se begûnen mei sjongen. It nûmer 'Still searching' skriuwde Simon spesjaal foar syn heit. It duo waard bekend neidat se in soad te sjen wienen yn de reallifessoap fan harren freon Jan Smit. Yn 2006 soarge dat foar in trochbrek mei de singles 'Steeds weer' en 'Vaarwel verleden'.

It ferske De Soldaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

'De Soldaat' is spesjaal skreaun foar de Nederlânske soldaten yn Uruzgan en harren famyljes thús. Fan de single is op fersyk in nij ferske makke, omdat yn de oarspronklike ferzje de soldaat dea giet. Oan de ein fan it ferske slute de soldaat en syn faam de hannen.

Ek it debútalbum 'Nick & Simon' wie in grut sukses en berikte de top 10 fan de Album Top 100. It album hat wilens de platina status berikt.

2007[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2007 wûnen sy de sulveren harp de oanmoedigingspriis foar de talintfolste artysten dy't in wichtige bydrage levere hawwe oan de Nederlânske muzyk.

Begjin septimber 2007 krige it duo harren tredde top 10 notearring yn de single Top 100. De earste single Kijk omhoog fan it nije album Vandaag kaam binnen op nûmer 2. Dit wie in grut sukses. Yn de Top 40 kaam it duo binnen op nûmer 15 yn de wike dat harren debútalbum de platina status berikte komt it twadde album binnen op nûmer 1 yn de Album Top 100. Dat wie foar Nick en Simon harren earste nûmer 1 posysje

Fan septimber 2007 ôf stjoerde de TROS de aventoeren fan Nick en Simon út dy't se ôfrûne simmer belibben mei de 3js en Jan Smit. Yn it programma Jan Smit de simmer foarby. Harren eigen real-life soap is fan 25 novimber ôf te sjen op Nederlân 1. Ek ferskynt dy moanne harren nije album Vandaag. It album berikte op de dei fan útbringen al de gouden status en úteinlik yn desimber platina.

Op TMF Awards wûnen Nick en Simon de alderearste TMF Borsato Award, wêrtroch sy it evenemint ôfslute mochten. Oare nominearre minsken wienen Stevie Ann en Van Velzen.

Yn novimber 2007 krige it duo foar de twadde kear in Rembrant foar it album Hjoed, in priis fan stifting Nederlânsk Muzyk foar albums dy’t ûnderskiedend binne troch oarspronklike Nederlânske komposysjes en/of teksten. Yn 2006 krige it duo al in Rembrandt foar it album Nick en Simon. Se binne de earste artysten dy’t foar twa opienfolgjende albums de priis krigen. Op 23 novimber 2007 waard bekend dat it duo foar it earst - fan niks - nei nûmer 1 gienen yn de Singel Top 100 mei "Pak mar myn hân". Yn de Top 40 kaam it lykwols mar op posysje 28 binnen. Op de earste krystdei stie de single boppe-oan yn de Folendaam Top 100. De manager fan it duo Aloys Buys melde op 23 desimber 2007 dat Nick en Simon yn 2009 optrede sille yn Ahoy (Rotterdam), Mecc yn Maastricht en ek yn de Brabânhallen yn ‘s-Hertogenbosch.

Op 22 septimber is harren nije album Aangenaam útkaam.