Bigband

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jazzisfaction Big Band út Diest (27 maaie 2006)

In Bigband is in muzikaal ensemble dat út ferskate muzykseksjes fan meast 4 of 5 muzikanten bestiet. Dy seksjes binne:

  • Ritmeseksje: drumstel, basgitaar of kontrabas, piano en gitaar. Hoewol't it de bedoeling is dat de ritmeseksje net boppe de oare ynstruminten útkomt is de ritmeseksje essinsjeel foar de big band en har publyk. De ritmeseksje wurdt meast de motor/oandriuwing fan de band neamd, it wichtichste doel is om de band oan te driuwen yn in konstant tempo. De ritmeseksje soarget foar it grutste part foar it swingeffekt fan de bigband. In ritmeseksje dy't net goed meiïnoar spilet sil net swinge mar stiif en kil klinke. As de ritme-ynstruminten goed meiïnoar spylje dan wurdt der eat berikt dat yn de elektroanika phase-lock neamd wurdt, it folslein byinoar wêzen fan tempo en faze. Yn sa'n gefal wurdt de ritmeseksje swingend neamd.
    • Piano: Hoewol't de piano ûnderdiel fan de ritmeseksje is is de bydrage as ritme-ynstrumint yn de praktyk minimaal. De funksje fan de piano is neist solo-ynstrumint ûnder oare it punktuearjen, aksintuearjen fan meldijen en it spyljen fan tsjinmeldijen.
    • Gitaar: De gitaar is yn in bigband in echt ritme-ynstrumint. Yn in 4/4 maat nûmer, spilet de gitarist 4 tellen yn elke maat. De gitarist spilet inkeld ek solo, meast wat minder as de piano.
    • Kontrabas / Basgitaar: Guon sizze dat de kontrabassist of basgitarist it wichtichste lid fan de ritmeseksje is om't it ynstrumint net allinnich de beat oanjout mar ek de basis (fûnemint) fan de harmony fan de bigband. Dat is goed te hearren en wurdt inkeld ek field troch alle bandleden. De bassist spilet meast 4 tellen yn elke 4/4 maat, en spilet yn bigbandarranzjeminten hast altyd sûnder rêst, soks yn tsjinstelling ta de blazers. Om in goed swinggefoel te krijen spilet de bassist meast ekstreem legato wêrtroch de noaten yn elkoar oergeane sadat in konstant pulsearjend lûd ûntstiet. Yn swingstikken wurdt stakkato basspyljen meast mijd.
    • Drums: De drummer is ek in wichtich lid fan de ritmeseksje. Yn 'e mande mei de bas en gitaar foarmet er de kearn fan de ritme-tiidmasine. Yn bigbandmuzyk spilet de drummer gewoanwei de basdrum hiel licht om sels yn de maat te bliuwen en om net te ynterferearjen mei de bassist. De wichtichste ûnderdielen binne de snaretrom, hi-hat en ride symbaal. By in drumsolo brûkt de drummer it hiele arsenaal fan syn drumstel.
  • Trompetseksje: 1e o/m 4e trompet (inkeld 5 trompetten). De seksjelieder (lead-trumpet) spilet de heechste noaten. As de hiele band itselde ritme spilet jout de lead trompet foar de hiele bigband de frazearring en artikulaasje oan. De twadde trompettist spilet gauris de solostikken.
  • Saksofoansekjse: 1 baritonsaksofoan, 2x tenoarsaksofoan en 2x altsaksofoan. De earste altsaks is altyd de lieder fan dizze seksje. De seksjelieder jout de frazearring en it folume oan. Om't saksofoanspyljen minder ynspannend is as trompet- en tromboanespyljen komt dizze seksje faak oan bod yn de measte bigbandarranzjeminten. It is net ûngebrûklik foar de saksofoanisten om te dûbeljen op oare houtblaasynstruminten lykas de fluit en (bas)klarinet.
  • Tromboaneseksje: 1e o/m 4e tromboane. 1 bastromboane en 3 tenoartromboanes. De tromboanes binne wat leger fan klank as de trompetten.

De trompet- en tromboaneseksje wurdt ek wol de brass-seksje neamd. Inkeld is der ek in sjonger of sjongster, dy't dan de meldijpartij sjongt. As der gjin sang by is dan wurdt dat troch ynstruminten út it orkest dien.

Tsjintwurdich (2007) hat de beneaming bigband mear mei de besetting te krijen as mei de muzykstyl dy't spile wurdt. Bigbands fan no spylje net allinnich jazzmuzyk (tink oan de Glenn Miller Big Band), mar ek populêre muzyk dy't spesjaal foar har arranzjearre waard.

Bigband lieders[bewurkje seksje | edit source]

Yn de fyftiger jierren fan de 20e ieu wiene der in fiks tal bigbands dy't in lieder hiene dy't de namme oan de bigband joech, en gauris ek de reputaasje. Ornaris spile de lieder fan de bigband op de piano, en fersoarge gauris ek arranzjeminten fan nûmers, of skreau sels nije nûmers. In tal grutte nammen út de bigbandwrâld binne:

Bogerman Bigband[bewurkje seksje | edit source]

In bekende Fryske bigband is de Bogerman Bigband út Snits. Dat is in skoalband fan it Bogerman Kolleezje, oprjochte yn 1985.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]