Altsaksofoan

Ut Wikipedy
Altsaksofoan

In altsaksofoan of altsaks is de meast foarkommende útfiering fan de saksofoan. It ynstrumint stietstimd yn Es hoewol't der ek eksimplaren yn C foarkomme. De altsax is goed wer te kennen oan de rjochte hals (boppeste stik dêr't it mûlestik op set wurdt), dy't boppe it middenstik (de rest fan it ynstrumint oant de beker) ynienen nei ûnderen knikt. De hals fan de ek in soad brûkte tenoarsaksofoan is dêrfoaroer bochtich.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De altsaksofoan wurdt in soad brûkt by jazz en funk. Troch de lytsere omfang yn ferliking mei de tenoar, klinkt de alt heger en 'jubeljender', sadat de alt by útstek as solo-ynstrumint brûkt wurde kin, tige geskikt foar flugge stikken en it meitsjen fan 'muzikale statements'.

In echte altsaks-klassiker is Take Five mei Paul Desmond op de alt yn The Dave Brubeck Quartet. Foar Nederlanners is Candy Dulfer sûnder mis de bekendste altsaksofoanist(e).

Yn de klassike muzyk wurdt de altsax mar inkeld brûkt, lykas yn de Bolero fan Maurice Ravel. De altsaks wurdt wol in soad brûkt yn it fanfare- en harmony-orkest en is fêst ûnderdiel fan de besetting fan in big band.

Bekende altsaksofoanisten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]