Springe nei ynhâld

Valkyrie (film)

Ut Wikipedy
Valkyrie
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Bryan Singer
produsint Christopher McQuarrie
Bryan Singer
Gilbert Adler
senario Christopher McQuarrie
Nathan Alexander
basearre op wiere foarfallen
kamerarezjy Newton Thomas Sigel
muzyk John Ottman
filmstudio United Artists
Bad Hat Harry Productions
Cruise/Wagner Productions
Studio Babelsberg
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
20th Century Fox (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Tom Cruise
byrollen Bill Nighy
Kenneth Branagh
Terence Stamp
Tom Wilkinson
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 25 desimber 2008
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske oarlochsskriller
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $75 miljoen
opbringst $200,3 miljoen

Valkyrie (útspr.: [ˈvælkɪri], likernôch: "wel-kir-ry", of [ˈvælkəri], likernôch: "wel-kur-ry") is in Amerikaansk-Dútske histoaryske oarlochsskriller út 2008 ûnder rezjy fan Bryan Singer, mei yn 'e haadrol Tom Cruise. De titel betsjut "Walkuere" en ferwiist nei Operaasje Walküre, it nasjonale needplan fan nazy-Dútslân, dat bedoeld wie om it nazy-rezjym tsjin eltse priis oan 'e macht te hâlden. De film fertelt it histoaryske ferhaal fan it Komplot fan 20 July (op 20 july 1944), de lêste en bekendste yn in rige fan fyftjin mislearre moardoanslaggen troch Dútsers op diktator Adolf Hitler. It wichtichste oandiel dêroan waard levere troch de lichaamlik beheinde kolonel Claus Schenk greve von Stauffenberg, de stêfsjef fan 'e reservestriidkrêften fan nazy-Dútslân, dy't in aktetas mei in bom ûnder in gearkomstetafel pleatste yn 'e Wolfsschanze, Hitler syn militêr haadkertier. Neitiid besochten hy syn mei-gearspanners en brûk Operaasje Walkûre om in steatsgreep te dwaan en de macht yn Berlyn oer te nimmen. Valkyrie krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e Amerikaanske filmkritisy, wylst de resinsinten yn Dútslân fral opluchte wiene dat de filmyndustry fan Hollywood fan it ferhaal gjin aksjespektakel makke hie. Yn 'e bioskopen wie Valkyrie in kommersjeel súkses.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinnet Claus Schenk greve von Stauffenberg yn Tuneezje as kolonel by it Afrikakorps fan 'e Wehrmacht fan nazy-Dútslân. Dy post oan it front, fier fan hûs, hat er tawiisd krigen as bestraffing foar syn anty-nazistyske opfettings. As er yn Noard-Afrika mei eigen eagen sjocht hoe't it de Dútsers yn 'e oarloch fergiet, boazet syn wjersin tsjin it nazy-rezjym noch fierder oan. Hy beskôget diktator Adolf Hitler net inkeld as de fijân fan 'e rest fan 'e wrâld, mar ek as de wichtichste fijân fan Dútslân sels. Wannear't it bataljon fan Stauffenberg út 'e loft wei oanfallen wurdt troch in pear Australyske jachtfleanmasines, rekket er swierferwûne. Hy ferliest syn loftereach, syn rjochterhân moat bopp de pols amputearre wurde en ek de ringfinger en pink fan syn lofterhân wurde ôfset. Stauffenberg keart werom nei Dútslân om op te betterjen.

Underwilens bringt Hitler in besyk oan Werwolf, syn militêr haadkertier oan it Eastfront. Generaal-majoar Henning von Tresckow besiket him dêr te likwidearjen by in oanslach dy't Operaasje Funke neamd wurdt. Hy jout kolonel Brandt, in ofsier út Hitler syn gefolch, op 'e weromreis in kistke mei in pear flessen brandewyn mei, dêr't in tiidbom yn ferburgen sit. De bom giet lykwols net ôf en Hitler lânet feilich yn Berlyn. Tresckow fandelet neitiid by Brandt mei in ferlechje it kistke mei brandewyn wer op, ear't de bom ûntdutsen wurdt.

Om dyselde tiid hinne wurdt generaal Hans Oster, in lid fan 'e fersetsgroep fan Tresckow, oppakt troch de Gestapo, Hitler syn geheime plysje. Brigadegeneraal Friedrich Olbricht rekrutearret Stauffenberg om Oster te ferfangen en lid him oerpleatse nei syn stêf op it militêr haadkertier fan 'e Wehrmacht yn Berlyn. Stauffenberg jout him út folle oertsjûging by it ferset, mei't er fan miening is dat Dútslân inkeld te rêden is as Hitler fermoarde wurdt. By in geheime gearkomste komt er yn 'e kunde mei de lieders fan 'e groep: Olbricht, Tresckow, kolonel-generaal b. tsj. Ludwig Beck, fjildmaarskalk b. tsj. Erwin von Witzleben en opposysjepolitikus dr. Carl Goerdeler. Hy wol witte wat se fan doel binne te dwaan om 'e macht te gripen nei't Hitler út 'e wei romme is, mar it docht bliken dat dêr noch net goed oer neitocht is. Der is allinnich mar besletten dat Goedeler de nije rykskânselier wurde moat, wylst Beck en Witzleben oan it haad fan 'e Wehrmacht komme te stean.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Stauffenberg begjint sels plannen te meitsjen om nei de dea fan Hitler de SS, de Gestapo en oare nazy-loyalisten bûtenspul te setten. Hy slacht foar om dat te dwaan troch it gebrûk fan Operaasje Walküre, it nasjonale needplan dat foarsjocht yn 'e ynset fan 'e Dútske reservestriidkrêften. De nazys hawwe dat plan opsteld foar it gefal dat der in steatsgreep tsjin harren dien wurde soe, sadat se tsjin eltse priis de macht yn it Trêde Ryk behâlde kinne, mar Stauffenberg wol it tsjin harren brûke troch út te hâlden dat de moard op Hitler in steatsgreep troch de SS ynhâldt. De reservisten soene dan de steatsgreep fan it ferset beävensearje wylst se miene dat se foar it wiere nazyregear fjochtsje. Om dat slagje te litten, moatte der wol feroarings oan Operaasje Walküre trochfierd wurde. Stauffenberg-en-dy stelle it needplan hielendal op 'e nij op. In moaie ynstruier foar de fersetsgroep is dat Stauffenberg om dyselde tiid hinne befoardere wurdt ta stêfsjef fan 'e Reservestriidkrêften ûnder generaal Friedich Fromm. Om't it plan de hantekening fan Hitler sels nedich is, reizget Stauffenberg nei de Berghof, Hitler syn bûten yn Berchtesgaden, om 'e diktator deryn rinne te litten en syn goedkarring oan 'e feroarings te jaan, wat slagget.

Mei't inkeld de kommandant fan 'e reservestriidkrêften Operaasje Walküre yn wurking stelle kin, besykje Stauffenberg en Olbricht om 'e ambisjeuze en opportunistyske generaal Fromm foar it ferset te rekrutearjen. Sadree't er foar it ferstân kriget hokker kant it mei it petear útgiet, wegeret Fromm lykwols nei harren te harkjen. Mar hy jout oan dat er harren net oppakke litte sil troch foar te stellen dat se allegearre beare sille dat it petear nea plakfûn hat.

It plan foar de moardoanslach op Hitler nimt ûnderwilens fêstere foarm oan. Kolonel Albrecht ridder Mertz von Quirnheim, dy't ferstân fan eksplosiven hat, ûnderrjochtet Stauffenberg en syn jonge adjudant luitenant Werner von Häften op dat mêd. It idee is om in tiidbom yn in aktetas efter te litten by in gearkomste yn 'e Wolfschanze, it militêr haadkertier fan Hitler yn East-Prusen. Yn 'e finsterleaze bunker dêr't de gearkomsten dêr holden wurde, sil de útwurking fan 'e bom nammenste grutter wêze om't de skokweach nearne hinne kin, en sadwaande bestiet der gjin kâns dat Hitler it oerlibje sil. Stauffenberg bepraat generaal Erich Fellgiebel fan it Seinkorps fan 'e Wehrmacht om nei de oanslach alle ferbinings tusken de Wolfsschanze en de bûtenwrâld te ferbrekken. Goerdeler stelt as betingst dat de oanslach inkeld trochgong fine mei as behalven Hitler ek Heinrich Himmler, de sjef fan 'e Gestapo, by de gearkomste oanwêzich is.

Op 15 july 1944 is Stauffenberg oanwêzich by in gearkomste yn 'e Wolfsschanze, dêr't er in goede kâns hat om Hitler te deadzjen. Foarútrinnend op 'e oanslach wurde de reservestriidkrêften yn Berlyn yn 'e heechste steat fan paraatheid brocht op befel fan Olbricht. Mar Himmler is by de gearkomste ôfwêzich. Stauffenberg skillet Olbricht op om tastimming te krijen de oanslach dochs troch te setten, en Olbricht skillet Beck op, dy't by Goerdeler te rie giet. Dy beslút de oanslach te annulearjen. Quirnheim, dy't yn 'e tuskentiid Stauffenberg syn plak as adjudant fan Olbricht ynnommen hat, fiteret Stauffenberg oan om dochs troch te setten. It tillefoanpetear hat lykwols sa lang duorre, dat de gearkomste tsjin dy tiid foarby en Hitler fuort is. De reservestriidkrêften krije te hearren dat it mar om in oefening gie en wurde weromstjoerd nei harren kazernes. Wannear't Fromm ûntdekt dat Olbricht yn syn namme de reservestriidkrêften mobilisearre hat, reagearret er poerlulk en driget er Olbricht oppakke te litten as dy nochris sa'n streek úthellet.

Stauffenberg is tige min te sprekken oer de gong fan saken en by in gearkomste mei de oare lieders fan 'e fersetgroep seit er harren it mannewaar op oer harren beslútleazens. Goerdeler easket dêrop dat Stauffenberg út syn funksje yn it ferset ûntheft wurdt, mar Beck ynformearret him dat de SS in arrestaasjebefel tsjin him útfurdige hat. Dat betsjut dat Goerdeler fierders net mear by it ferset belutsen wêze kin en sjen moat dat er ûnderdûkt en nei Switserlân of Sweden flechtet. Nei't hy him ôfjûn hat, jout Beck oan Stauffenberg tenei carte blanche om sels beslissings te nimmen.

Op 20 july 1944 is der wer in gearkomste yn 'e Wolfsschanze dêr't Stauffenberg en Häften nei ta moatte. It is tige waarm waar en dêrom is de gearkomste ferpleatst fan 'e bunker nei in simmerbarak dêr't de finsters fan iepenset binne. Stauffenberg komt dêr pas efter nei't er de tiidbom al op skerp steld hat. Troch de haast hat er boppedat mar de helte fan 'e eksplosiven brûke kinnen, wat yn 'e bunker mear as genôch west hie, mar yn 'e iepen simmerbarak mooglik net. Hy hat no lykwols gjin oare kar as om troch te setten. Hy soarget dat syn aktetas deunby it sitplak fan Hitler stiet en ferlit dan de gearkomste. In oare ofsier, kolonel Heinz Brandt, dy't hast oer de aktetas stroffelet, set dy fierder ûnder de tafel, efter in massyf houten tuskenskot (dat Hitlet tsjin 'e eksploazje beskermet). As Stauffenberg syn auto berikt, giet de bom ôf. De barak wurdt hast hielendal ferwoastge. Stauffenberg en Häften meitsje har út 'e fuotten, bluffe harsels in paad by de kontrôleposten lâns en keare werom nei Berlyn yn 'e oertsjûging dat Hitler dea wêze moat.

Yn Berlyn wegeret Olbricht ûnderwilens en mobilisearje de reservestriidkrêften foar't dúdlik is dat Hitler dea is, om't er benaud is dat Fromm him yndie oppakke litte sil. Uteinlik fielt Quirnheim himsels twongen om Olbricht syn hantekening te ferfalskjen om 'e mobilisaasje-oarders dochs útgean te litten. Wannear't Stauffenberg weromkeart, hat er grutte argewaasje oer de gong fan saken. Hy druit Olbricht yn dat se it punt fan tebekwiken al lang foarby binne, en dat it no om syn libben giet. Dêrop jout Olbricht him út folle macht by it besykjen om in steatsgreep te dwaan. De gearspanners nimme de macht oer yn it Bendlerblock, it haadkertier fan 'e Wehrmacht yn Berlyn, en brûke de reservisten om 'e regearingswyk fan Berlyn yn 'e hannen te krijen. Wolf-Heinrich greve von Helldorf, de plysjekommissaris fan Berlyn, jout him by de gearspanning. Lieders fan 'e NSDAP, de SS en de Gestapo wurde arrestearre en ôffierd nei it tichthûs. Generaal Fromm, dy't fan fjildmaarskalk Wilhelm Keitel heard hat dat Hitler noch libbet en mei de skrik frij kommen is, wegeret him by de steatsgreep te jaan en wurdt yn it militêr haadkertier opsletten yn in ynrinkast. In oare generaal, Joachim von Kortzfleisch, dy't de steatsgreep besiket tsjin te kearen, wurdt dêr ek opsletten.

Tsjin 'e ein fan 'e middei hawwe de gearspanners de macht yn Berlyn fierhinne yn 'e hannen. Bûnsgenoaten yn Parys, Wenen en Praach nimme yn dy stêden de macht oer. Geroften dat Hitler de oanslach oerlibbe hat, docht Stauffenberg ôf as leagens en SS-propaganda. As majoar Otto Ernst Remer, de kommandant fan it Wachtbataljon Großdeutschland dat bestiet út reservisten, lykwols twa ferskillende arrestaasjebefellen tastjoerd kriget, ien foar minister fan Propaganda Joseph Goebbels, útfurdige troch de gearspanners, en ien foar Stauffenberg, útfurdige troch it nazy-rezjym, kriget er foar it ferstân dat er brûkt wurdt. Mar hokker kant is it rjochtlike regear en hokker kant binne de steatsgreepdoggers? Hy giet nei Goebbels ta, en dy stelt him tillefoanysk yn ferbining mei Hitler, dy't by de ûntploffing mei de skrik frijkommen blykt te wêzen. Dêrop jout Remer, in oertsjûge nazy, him daliks by de kant fan it regear en keart er him tsjin Stauffenberg-en-dy. Fan dat punt ôf wurdt de ynfloed fan 'e gearspanners stikje by stikje weromrôle. Dykôfsettings wurde opheft, de reservisten wurde weromstjoerd nei de barakken en de SS-ers en leden fan 'e Gestapo wurde frijlitten.

As de jûn fallen is, wurdt it foar de gearspanners dúdlik dat harren krewearjen om 'e nocht west hat en dat de steatsgreep mislearre is. Harren stêf naait út en Remer en syn mannen falle it Bendlerblock binnen, dêr't se Fromm en Kortzfleisch befrije. Stauffenberg, Olbricht, Beck, Quirnheim en Häften rinne yn 'e fûke as se it gebou besykje te ûntflechtsjen en wurde oppakt. Remer hat fan Hitler sels befel krigen om 'e lieders fan 'e gearspanning libben finzen te nimmen, mar Fromm, dy't yn noed sit oer wat de gearspanners oer syn stilswijen sizze sille, ymprovisearret in ad hoc-kriichsried en feroardielet Stauffenberg, Olbricht, Quirnheim en Häften ta de fuortendaliks út te fieren deastraf, wylst Beck, dy't net mear yn aktive militêre tsjinst is, ûnder arrest pleatst wurdt. Remer protestearret tsjin dy gong fan saken, mar Fromm hat in folle hegere rang as hy, dat hy kin it spul net keare.

Beck freget Fromm om in pistoal liene te meien "út persoanlike redens". Fromm stiet dat ta, wêrnei't Beck himsels troch de holle sjit. Olbricht, Quirnheim en Stauffenberg wurde stânrjochtlik eksekutearre op it binnenplak fan it Bendlerblock. Häften giet út eigen beweging by Stauffenberg foar it fjoerpeloton stean. Tresckow, dy't earder oerpleatst wie nei it Eastfront, docht dêr selsmoard yn in Russysk wâld troch de pin út in hângranaat te lûken en it eksplosyf dêrnei tsjin syn kiel oan te hâlden oant it ûntploft. Goerdeler en Witzleben wurde oppakt en nei in skynproses ophongen. Kommissaris Helldorf en oare meistanners fan 'e gearspanning wurde oppakt en krije allyksa de deastraf. Ien fan 'e lêsten dy't dat lot treft, is generaal Fromm, waans neatdwaan wylst er fermoede dat der in gearspanning geande wie úteinlings dochs útkomt. Hy wurdt in healjier letter, yn febrewaris 1945, noch eksekutearre.

De mislearre moardoanslach op Hitler troch Stauffenberg-en-dy en harren dêropfolgjende besykjen ta steatsgreep gie de skiednis yn as it Komplot fan 20 July. In postskriptum fan 'e film fertelt dat it de lêste wie fan 'e fyftjin bekende moardoanslaggen troch Dútsers op Adolf Hitler, dy't allegearre mislearren. Njoggen moannen letter, doe't it Reade Leger Berlyn ynsletten hie en op it punt stie de stêd te feroverjen, die Hitler selsmoard yn syn bunker ûnder it Ryksdeigebou. Stauffenberg syn frou, Nina Schenk grevinne fan Stauffenberg, en harren trije bern oerlibben de oarloch. Grevinne Stauffenberg ferstoar op 2 april 2006. De film einiget mei in diel fan 'e tekst fan it Dútske Fersetsmonumint yn Berlyn:

Jimme hawwe de skamte net hoegen te dragen
Jimme fersetten jimme
En offeren dêrby jimme libben op
Foar frijheid, rjochtfeardichheid en eare
Tom Cruise.
Bill Nighy.
Kenneth Branagh.
Terence Stamp.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise        
kolonel Claus Schenk greve von Stauffenberg Tom Cruise


byrollen
personaazje akteur/aktrise
brigadegeneraal Friedrich Olbricht Bill Nighy
generaal-majoar Henning von Tresckow Kenneth Branagh
kolonel-generaal b. tsj. Ludwig Beck Terence Stamp
generaal Friedrich Fromm Tom Wilkinson
kolonel Albrecht ridder Mertz von Quirnheim Christian Berkel
luitenant Werner von Häften Jamie Parker
Nina Scheck grevinne fan Stauffenberg Carice van Houten
dr. Carl Friedrich Goerdeler Kevin McNally
fjildmaarskalk b. tsj. Erwin von Witzleben David Schofield
generaal Erich Fellgiebel Eddie Izzard
Adolf Hitler David Bamber
majoar Ernst John von Freyend Warner Dähn
Margarethe von Oven Halina Reijn
fjildmaarskalk Wilhelm Keitel Kenneth Cranham
majoar Otto Ernst Remer Thomas Kretschmann
minister Joseph Goebbels Harvey Friedman
plysjekommissaris fan Berlyn Wolf-Heinrich greve von Helldorf Waldemar Kobus
kolonel Heinz Brandt Tom Hollander
luitenant-generaal Friedrich baron von Broich Bernard Hill
generaal Joachim von Kortzfleisch Ian McNeice
kaptein Haans Danny Webb
sersjant Helm Chris Larkin
rjochter Roland Freisler Helmut Stauss
luitenant-generaal Adolf Heusinger Matthew Burton
adjundant fan Tresckow Philipp von Schulthess
loftmaarskalk Hermann Göring Gerhard Haase-Hindenberg
SS-sjef Heinrich Himmler Matthias Freihof
Albert Speer Anton Algrang

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 die senarioskriuwer Christopher McQuarrie de Dútske haadstêd Berlyn oan foar ûndersyk yn tarieding op in oar filmprojekt. Troch omstannichheden ûntdiek er yn it Bendlerblock it tinkteken foar Stauffenberg-en-dy. Neitiid socht er op wat it Komplot fan 20 July krekt wie en rekke er fassinearre troch it feit dat de gearspanners har gjin inkele yllúzje makken oer wat der mei harren barre soe as se yn harren krewearjen fale soene. Hy besleat dat er it ferhaal fan dy moedige manlju en froulju bekender meitsje woe en bewurke it yn 'e mande mei Nathan Alexander ta in filmskript. Eins woed er de resultearjende film, dy't nei Operaasje Walküre Valkyrie kaam te hjitten, sels regissearje, mar hy besefte dat er inkeld oan 'e nedige finansiering komme koe as er in regisseur fan namme by it projekt beloek. Dat waard Bryan Singer, dy't syn reputaasje fêsige hie mei films as The Usual Suspects (1995) en X-Men (2000).

Regisseur Bryan Singer.

As produsinten wiene McQuarrie, Singer en Gilbert Adler by it projekt belutsen foar de filmstudio's United Artists, Bad Hat Harry Productions, Cruise/Wagner Productions en Studio Babelsberg. Valkyrie waard dêrmei in Amerikaansk-Dútske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $75 miljoen. De finansiering fan Valkyrie kaam foar in grut part fan Tom Cruise en syn sakepartner Paula Wagner. It Deutscher Filmförderfonds droech 4,8 miljoen by. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Newton Thomas Sigel, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Ottman, dy't ek de filmmontaazje die.

Hollywoodstjer Tom Cruise waard ree fûn om 'e haadrol fan Claus Schenk greve von Stauffenberg te spyljen. Hy fielde him benammen ta de rol oanlutsen omreden fan 'e likenis fan syn profyl (it silhûet fan syn gesicht) mei dat fan Stauffenberg. Yn in fraachpetear sei Cruise dat er, foar't er it senario fan McQuarrie en Alexander lies, noch nea fan Stauffenberg en it Dútske ferset tsjin Hitler heard hie.

Twa Nederlânske aktrises, Carice van Houten en Halina Reijn, waarden foar Valkyrie yn byrollen cast op basis fan harren aktearprestaasjes yn 'e oarlochsfilm Zwartboek, fan regisseur Paul Verhoeven. Van Houten krige in protte lof foar har fertolking fan 'e rol fan Stauffenberg syn frou Nina Schenk grevinne fan Stauffenberg. Reijn spile Stauffenberg syn sekretaresse Margarethe von Oven.

It Bendlerblock, de lokaasje dêr't de echte gearspanners stânrjochtlik eksekutearre waarden, wie in filmlokaasje foar Valkyrie.

De opnamen foar Valkyrie setten op 18 july 2007 útein. Foar de begjinsênes yn Tuneezje hie regisseur Bryan Singer mooglike filmlokaasjes yn Jordaanje en yn Spanje besocht, mar úteinlik waard om sawol estetyske as finansjele redens keazen foar de Mojavewoastyn by Cougar Buttes yn Kalifornje. Foar de rest waard Valkyrie hielendal opnommen yn Dútslân. It casten fan Tom Cruise yn 'e haadrol soarge dêrby earst foar swierrichheden by it krijen fan tagong ta filmlokaasjes, mei't hy in ferneamd en foaroansteand lid fan 'e Scientologysekte is, dy't yn Dútslân op in tige minne namme leit en mei in protte erchtinkendheid besjoen wurdt. Troch de stipe fan Dútske filmmakkers as regisseurs Wolfgang Petersen en Florian Henckel von Donnersmarck en akteur Armin Müller-Stahl, en foaroansteande sjoernalisten as Frank Schirrmacher waard dat obstakel lykwols oerwûn.

Der waard filme yn it Bendlerblock, it eardere haadkertier fan 'e Wehrmacht yn Berlyn, dêr't Cruise de rest fan 'e cast en de filmcrew om twa minuten stilte frege by it plak dêr't Stauffenberg en syn meistanners eksekutearre wiene. Oare lokaasjes yn Berlyn dêr't filme waard, wiene it Detlev-Rohwedder-Haus (it eardere Reichsluftfahrtministerium) en it Columbia Haus, in earder tichthûs foar politike tsjinstanners fan it nazy-rezjym op it terrein fan 'e Ynternasjonale Lofthaven Tempelhof. Der waard ek bûtendoar filme foar it eigentlike hûs yn Berlyn dêr't Stauffenberg útfanhûze by syn broer. Party foarbygongers fan ferskate filmsets dêr't nazysymboalen lykas it heakkekrús iepentlik te sjen wiene, tsjinnen dêr formele klachten oer yn by it stedsbestjoer om't it toanen fan sokke nazy-symboalen yn Dútslân as oanstjitjaand beskôge wurdt en yn prinsipe by wet ferbean is. (Mar de filmmakkers hiene dêrfoar in ûntheffing oanfrege en krigen.)

Likernôch 60 km besuden Berlyn waard in replika fan 'e Wolfsschanze boud, Hitler syn militêr haadkertier yn 'e bosken fan East-Prusen, wêrfan't de eigentlike lokaasje no yn noardeastlik Poalen leit. De measte binnendoarsênes waarden filme op sets dy't boud wiene yn it filmstudiokompleks fan Studio Babelsberg te Potsdam. It ynterieur fan 'e Berghof, Hitler syn lângoed yn it Eastenrykske Berchtesgaden, waard dêre neimakke op basis fan priveefilmkes dy't opnommen wiene troch Hitler syn mêtresse Eva Braun. Foar de loftoanfal fan 'e Keninklike Australyske Loftmacht op 'e troepen fan Stauffenberg yn Tuneezje waard gebrûk makke fan twa Amerikaanske P-40 Warhawks. Foar it loftferfier fan Stauffenberg tusken Berlyn en de Wolfsschanze waarden inkele Junkers Ju 52's ynset, wêrfan't ien letter, op 4 augustus 2018, delstoarte by Piz Senas yn Switserlân.

De distribúsje fan Valkyrie waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer, de memme-ûndernimming fan United Artists. Om utens waard de distribúsje dien troch 20th Century Fox. De film gie op earste krystdei, 25 desimber 2008 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre, mar waard yn Dútslân pas op 23 jannewaris 2009 útbrocht, nei't der op 20 jannewaris in galapremiêre oan 'e Potsdamer Platz yn Berlyn holden wie. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 desimber 2008 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Valkyrie waard op 19 maaie 2009 útbrocht op dvd en blu-ray. Yn ferskate lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, Dútslân, it Feriene Keninkryk en Nederlân, waard de nasjonale premiêre fan Valkyrie troch tsjinstanners fan Scientology oangrypt om demonstraasjes te hâlden.

De yngong fan Studio Babelsberg yn Potsdam, dêr't ferskate sênes foar Valkyrie filme waarden.

Mei't de Gestapo letter it Komplot fan 20 July mei deutscher gründlichkeit ûndersocht en dokumintearre, is der gâns oer de gearspanning bekend. Peter Hoffmann, in heechlearaar skiednis oan 'e McGill Universiteit yn Montreal en in liedende autoriteit op it mêd fan it Dútske ferset tsjin it nasjonaal-sosjalisme, tsjinne by de produksje as konsultant om rie te jaan oer en tafersjoch te hâlden op 'e historisiteit. Neffens him "jout [Valkyrie] yn 'e grûn in akkurate portrettearring fan Stauffenberg en de [oare] gearspanners. Der binne [ôfwikende] details dy't as dichterlike frijheid beskôge wurde moatte. Mar, as it derop oankomt, is de film fatsoenlik, respektfol en jout er de geast fan 'e gearspanning wer." Oare histoarisy kamen fierhinne ta deselde konklúzje.

In foarbyld fan in ôfwikend detail is dat Stauffenberg yn 'e film nei muzyk fan komponist Richard Wagner harket, wylst er dêr yn it echt in grouwéligen hekel oan hie. Dat elemint waard tafoege yn ferbân mei de titel fan 'e film, Valkyrie, dat "Walkuere" betsjut (en ferwiist nei Operaasje Walküre). Yn 'e syklus Der Ring des Nibelungen fan Wagner spylje Walkueren in wichtige rol (bgl. yn it bekende muzykstik Rit fan de Walkueren). Regisseur Bryan Singer liet fierders mei opsetsin beskate histoaryske details wei, om't er tocht dat it bioskooppublyk dy net leauwe soe. Sa wegere Stauffenberg nei it oprinnen fan ferwûnings yn Tuneezje eltse tatsjinning fan morfine út eangst om oan dat middel ferslave te reitsjen. (Singer: "Stel je foar dat Tom Cruise seit: 'Gjin morfine!' De minsken soene miene dat it in betinksel wie.")

Oan 'e ein fan 'e film, by de stânrjochtlike eksekúsje fan 'e lieders fan 'e gearspanning, stapt Stauffenberg syn adjudant Häften foar Stauffenberg om 'e kûgels op te fangen. Dat is histoarysk dokumintearre, mar doe't de filmmakkers de sitewaasje rekonstruëarren, kamen se ta de konklúzje dat as it hiele fjoerpeloton sketten hie, de kûgels dwers troch Häften hinne gien wiene en Stauffenberg ek deade hiene. Mar dat barde yn it echt net. Se besleaten doe om mar twa leden fan it fjoerpeloton op Häften sjitte te litten om út te lizzen wêrom't Stauffenberg net rekke waard. Oft dat yn wurklikheid ek sa gien is, kin net mear neigien wurde, mar is alteast in mooglikheid.

It earste besykjen fan Stauffenberg om Hitler mei in tiidbom yn in aktetas op te blazen wie net op 15 july 1944 yn 'e Wolfsschanze, sa't de film hawwe wol, mar op 11 july yn 'e Berghof. Singer en de senarioskriuwers feroaren dat om betizing by it bioskooppublyk foar te kommen en sadat se de earste kear de bunker yn 'e Wolfsschanze sjen litte koene, dêr't Hitler perfoarst omkommen wêze soe as de bom dêr ôfgien wie. De moeting yn 'e Berghof waard yn wichtigens werombrocht nei de sêne wêryn't Stauffenberg Hitler derta bringt om syn hantekening te setten ûnder de oanpaste ferzje fan Operaasje Walküre. Yn it echt barde dat oer in perioade fan ferskate wiken, wêrby't Friedrich Olbricht (en net Stauffenberg) him hieltyd in diel fan 'e nije ferzje ûndertekenje liet, sadat de Führer nea it hiele operaasjeplan ûnder eagen krige.

Ut 'e film waarden ferskate wichtige persoanen weilitten dy't by it Komplot fan 20 July belutsen wiene. Stauffenberg waard eins rekrutearre troch syn omke, Nikolaus greve von Üxküll-Gyllenband (nei wa't yn 'e dialooch koart ferwiisd wurdt as Stauffenberg foar it earst mei Ludwig Beck yn 'e kunde komt) en dy syn goede freon Fritz-Dietlof von der Schulenburg. Beide mannen wiene desyllúzjonearre nazys dy't skokt wiene oer de grouweldieden yn 'e konsintraasjekampen. De Holokaust wie lykwols, oars as de film suggerearret, mar foar inkele leden fan 'e gearspanning it primêre motyf om aksje tsjin Hitler te ûndernimmen. Ek fjildmaarskalk Erwin Rommel ûntbrekt yn 'e film. Rommel wist fan 'e gearspanning mar hold dat stil en waard dêrom neitiid troch nazys, ûnder bedrigings tsjin syn wiif en bern, twongen om selsmoard te dwaan mei't er te bekend en te populêr wie om foar de rjochter te bringen. Lang waard miend dat Rommel de gearspanning inkeld stipe as Hitler arrestearre en berjochte wurde soe mar net fermoarde. Yn 2018 kaam út nij ûndersyk lykwols oan it ljocht dat er folslein efter de oanslach op Hitler stie.

Fan 'e filmkritisy krige Valkyrie oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times fûn it aktearjen fan haadrolspiler Tom Cruise yn 'e rol fan Claus Schenk greve von Stauffenberg "sûnder lek of brek, sij it net besieljend". De rezjy fan Bryan Singer omskreau er as "heldhaftich" yn it "ús yn 'e kunde bringen mei de wichtichste figueren yn 'e gearspanning, it útlizzen fan harren rollen en it suggerearjen fan 'e ferskillen tusken de personaazjes". Yn The Wall Street Journal skreau Joe Morgenstern dat Cruise yn 'e haadrol "ridlik oertsjûgjend, hoewol net útsûnderlik" wie. De film as gehiel slagge neffens him "as in komplekse misdiefilm, dy't op yndrukwekkende wize op histoaryske lokaasjes opnommen is".

De Mojavewoastyn by Cougar Buttes, yn Kalifornje, giet yn 'e film troch foar Tuneezje.

Manohla Dargis fan The New York Times karakterisearre it aktearwurk fan Cruise as "in prima, typysk enegetysk optreden", mar se fûn dat Stauffenberg in te yngewikkeld personaazje wie om adekwaat te portrettearjen yn in film dy't as in skriller staljûn wie. De rezjy fan Singer wie har wat te dramatysk, wêrby't se as foarbylden de "spûkeftige muzyk" en de "lege kamerahoeken" neamde by de audiïnsje fan Stauffenberg by Hitler yn 'e Berghof. Yn it tydskrift Time skreau Richard Schickel: "Ik sil net beweare dat Valkyrie in geweldige film is. Mar op syn eigen wize is it in betochtsumen- en ûnderhâldenden-ien, yn 't bysûnder yn ferliking mei […] it meastepart fan wat der de kommende krystperioade fierders yn 'e bioskopen draait."

Yn The Boston Globe omskreau Ty Burr Valkyrie as "glêd, meislepend, hast spannend", mar ek as "in bytsje hol". Oer Cruise syn aktearjen woed er hawwe: "[…] syn Claus von Stauffenberg is in earber optinksel dat úteinlik te tin is om alhiel út 'e bledsiden fan 'e skiednis op te rizen." Dêr heakke er oan ta: "Dit ferhaal fertsjinnet it om ferteld te wurden, mar om redens dy't er sels it bêste wit, klammet [Cruise] him fêst oan in strikte nietzscheaanske ynterpretaasje [fan Stauffenberg], dy't er beriidt oant er derby delfalt." Claudia Puig fan 'e krante USA Today fûn Cruise "ûnoertsjûgjend en stiif" yn 'e rol fan Stauffenberg. Ek fûn se it begjin fan 'e film te traach en sels "sênes fan yntinse aksje […] mar minimaal meislepend".

Anthony Lane fan The New Yorker woe hawwe dat der tefolle karakteraktearjen yn 'e film siet fan Britske aktearfeteranen as Bill Nighy, Terence Stamp en Tom Wilkinson, wat "diskreet fermaaklike stúdzjes yn mylde neuroazes" opsmiet ynstee fan 'e yn 'e striid behurde nazy-ofsieren dy't se eins spylje moasten. Yn it blêd Variety fûn Todd McCarthy dat Valkyrie fisuele pracht by 't folop hie, mar dat it de film ûntbriek oan 'e nedige spanning. Mick LaSalle fan 'e San Francisco Chronicle hie fral in probleem mei de haadrolspiler: "Der is neat ynherint bespotliks oan it spektakel fan Tom Cruise mei in eachlapke en in missende hân dy't omstapt yn [nazy-unifoarm]. Mar likemin is der wat oan him dat echt Claus von Stauffenberg suggerearret […]". Hy rette syn lêzers oan: "Beskôgje Valkyrie as in ridlik fermaaklik drama oer dy kear dat Tom Cruise besocht om Hitler te fermoardzjen. As jo dat dogge, is it mooglik om fan 'e film te genietsjen."

Yn Dútslân beheinde de ûnienichheid mank filmkritisy him ta de kwaliteit fan Valkyrie; net ien stelde yn 'e kiif dat de film de oandacht fêstige op Stauffenberg en it Dútske ferset tsjin 'e nazys en dat soks in winsklike ûntwikkeling wie. Fierders bestie der fral opluchting dat de filmyndustry fan Hollywood net mei it ferhaal oan 'e haal gien wie troch der in aksjespektakel fan te meitsjen. Yn 't foar hie dêr gâns noed oer bestien, fral doe't bekendmakke waard dat aksjeheld Tom Cruise de haadrol krije soe. Bundeswehr-generaal b. tsj. Berthold Maria Schenk greve von Stauffenberg, de âldste soan fan 'e fersetsman, spriek dêr syn soarch oer út. Hy sei dat er net besykje soe om 'e produksje tsjin te kearen, mar foege dêroan ta: "Ik bin bang dat dit projekt inkeld ferskriklike kitsch opleverje sil. It sil sûnder mis rommel wêze. Cruise moat fan ús heit ôfbliuwe."

In Junkers Ju 52, sa't dy yn 'e film brûkt waard foar de reizen fan Stauffenberg tusken Berlyn en de Wolfsschanze.

Nei't de film útkommen wie, stelde Tobias Kniebe fan 'e Súddeutsche Zeitung lykwols ferromme fêst da de film "miskien net it masterwurk is dêr't wy fan dreamden […], mar it skeelt net folle." Krektsa neamde it tillefyzjekanaal ZDF Valkyrie "noch skandalige min, noch de film fan 'e iuw. […] Likemin is it de aksjeskriller dêr't wy benaud foar wiene dat it dy wêze soe; ynstee is it in knaphandich makke en serieuze film." De Kölner Stadt-Anzeiger, in krante út Keulen, skreau dat bliken dien hie dat de eangst dat de "myte fan it Dútske ferset troch in Hollywoodfilter helle wurde soe fout en befoaroardiele" west hie. Oer de aktearprestaasje fan Tom Cruise wiene de Dútske resinsinten lykwols oer it algemien folle minder te sprekken as Cruise syn lânslju. Hanns-Georg Rodek fan Die Welt skreau: "[Cruise] kin it bêste in Amerikaanske held spylje, dy't mei agresje en enerzjy foar respekt fjochtet. Mar Stauffenberg wie in Dútske held mei in aristokraryske hâlding, en it slagget Cruise net om dat oertsjûgjend oer te bringen." Der Tagesspiegel fûn sels dat "it imago [fan Cruise] as akteur troch Valkyrie einlings ferrinnewearre is". Mar neffens de Frankfurter Allgemeine Sonntagszeitung wie syn aktearprestaasje "oannimlik".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Valkyrie in goedkarringspersintaazje fan 62%, basearre op 196 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "It ûnderwerp yn acht nommen hie Valkyrie in treflike histoaryske skriller wêze kinnen, mar de film nimt der genoegen mei om in myld fermaaklik mar maklik te ferjitten ferhaaltsje te wêzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Valkyrie in goedkarringspersintaazje fan 56%, basearre op 36 resinsjes.

It Detlev-Rohwedder-Haus yn Berlyn (it eardere Reichsluftfahrtministerium fan nazy-Dútslân), dêr't opnamen foar Valkyrie dien waarden.


Valkyrie brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $83,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $117,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $200,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $75 miljoen betsjut dat in winst fan $125,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Valkyrie waard by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 7 kategoryen: bêste aksje-, aventoere- of skrillerfilm, bêste regisseur, bêste akteur (Tom Cruise), bêste byrol fan in akteur (Bill Nighy), bêste byrol fan in aktrise (Carice van Houten as Nina Schenk grevinne fan Stauffenberg), bêste filmmuzyk en bêste kostúmûntwerp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.