Ryksdeigebou

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Ryksdeigebou
It Ryksdeigebou fanút it westen
It Ryksdeigebou fanút it westen
lokaasje
lân Flag of Germany.svg Dútslân
dielsteat Flag of Berlin.svg Berlyn
plak Flag of Berlin.svg Berlyn
adres Platz der Republik
bysûnderheden
type bouwurk Parlemintsgebou
boujier 1884-1894
boustyl Eklektisisme
It earde Racsynskpaleis om 1880 hinne
Foargevel fan de Ryksdei
Ryksdei rûn 1900
Ryksdei skansearre nei de Twadde Wrâldkriich

It Ryksdeigebou (Dútsk: Reichstaggebäude) is it Dútske parlemintsgebou yn de haadstêd Berlyn en stiet op it Plein fan de Republyk (Platz der Republik). Yn 1884 waard mei de bou úteinset en yn 1894 wie de bou foltôge. It gebou hat de funksje fan parlemint hân ûnder it Dútske Keizerryk, de Weimarrepublyk en it Tredde Ryk. It gebou krige syn folsleine funksje werom yn 1999 foar it parlemint fan de Bûnsrepublyk Dútslân.

Bou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebou waard yn eklektisyske styl ûntwurpen troch de Frankfurter arsjitekt Paul Wallot. Earder stie op dat plak it Racsynskpaleis, dat yn 1884 ôfbrutsen waard foar de Ryksdei. Mei de bou waard úteinset yn 1884 en dy waard foltôge yn 1894. De tekst Dem Deutschen Volke (Foar it Dútske Folk) yn brûns op de fries fan de foargevel waard ûntwurpen troch Peter Behrens yn 1916. Keizer Willem II woe de tekst der ynearsten net op hawwe, mar joech letter dochs tastimming.

Brân en weropbou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Ryksdeibrân.

Op 27 febrewaris 1933 rekke it Ryksdeigebou foar in grut part skansearre troch in grutte brân. De Nederlânske kommunist Marinus van der Lubbe krige de skuld fan de nazys, waard oppakt en ta dea feroardield. Ek beskuldigen hja de kommunisten derfan dat hja mei de brân meiholpen hiene. It is lang net wis dat Van der Lubbe it dien hie en oft er der ek help by hie. Wierskynlik sieten de nazys der sels efter. De brân kaam Hitler dêrfoaroer goed út en hy kundige in stikmannich needferoarderings oan dy it paad frijmeitsje koene foar totale diktatuer.
Nei de brân waarden wurksumheden begûn en help it gebou wer op en der waarden yn de neikommende jierren in soad propagandafilms makke. De machteleaze Ryksdei kaam tenei yn it neiere 'Kroll Oper' byïnoar. Hitler hat nea yn it Ryksdeigebou sprutsen.
Yn de rin fan de Twadde Wrâldkriich waard it gebou gauris brûkt as kreamôfdieling fan it neiere sikehûs Charité. Stikmannich berte-aktes jouwe Berlyn-Ryksdeigebou (Berlin-Reichstaggebäude) oan.
De Georgyske serzjant Meliton Kantaria liet op 2 maaie 1945 de Sowjetrussyske flagge op it Ryksdeigebou wapperje. Der waard hurd om it gebou fochten, want it gebou waard as in machtsymboal fan Dútslân sjoen.

Kâlde Kriich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It swier skansearre gebou kaam nei it ferpartsjen fan Dútslân en Berlyn yn West-Berlyn te lizzen, net fier fan de Berlynske Muorre ôf. It gebou waard wer opholpen, mar wie net langer symboal foar ien Dútslân, mar foar in ferdield lân en in ferdielde haadstêd. Mei de tins dat in weriening fan Dútslân noch lang duorje soe, waard it gebou fan 1971 ôf net mear foar politike doelen brûkt, mar krige it de funksje fan in Dútsk Histoarysk Ynstitút en útstallings.

Nei de weriening[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn oktober 1990 Dútslân fannijs werienige, waard men warber en brûk it Ryksdeigebou wer foar it parlemint. Lang om let waard it yn 1999 nei jierrenlange restauraasjes wer folslein yn gebrûk naam en waard alles foargoed fan Bonn nei Berlyn ferhûze. Arsjitekt Norman Foster ûntwurp wiid fiemjende oanpassings, mei benammen de koepel op it tek fan it gebou. Men kin fan it tek ôf troch dy koepel sjen nei de haadferdjipping, dêr't it parlemint gearkomt. It trochskinen dêrfan wurdt as in metafoar foar de hjoeddeiske demokrasy sjoen. De kombinaasje fan âlde en nije arsjitektuer wurdt sjoen as in foarbyld fan itpostmodernisme yn de arsjitektuer. In part fan de Russyske graffiti en kûgelgatten út 1945 is efter pleksyglês bewarre.
Foar de westlike yngong wappert de Flagge fan de Ienheid, dat in grutte ferzje fan de Dútske flagge is.

Ryksdei hjoed-de-dei