Ryksdeibrân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Brânwachtlju besykje de Ryksdei te dwêsten
Utsicht op de Ryksdei rûn 1900
De Ryksdei nei de brân

De Ryksdeibrân wie in brân yn it Dútske Ryksdeigebou op 27 febrewaris 1933. De Ryksdei wie it Dútske parlemint yn de Weimarrepublyk. De Nederlânske kommunist Marinus van der Lubbe, dy't sjoen waard by it Ryksdeigebou op it momint fan de brân, waard derfan beskuldige en oppakt en ta dea feroardield. Tagelyk mei Van der Lubbe waarden ek de Dútske kommunist Ernst Torgler en de Bulgaarske kommunisten Georgi Dimitrov, Blagoi Popov en Wassil Tanev oppakt. Mar dy oare fjouwer kommunisten waarden letter wer frijlitten.
De brân kaam krekt nei't Hitler op 30 jannewaris fan dat jier beneamd waard ta Rykskânselier troch Rykspresidint Paul von Hindenburg. De brân kaam Hitler en de nazys goed út. Hja beskuldigen de kommunisten derfan en tochten foargoed mei de loftsen ôf te rekkenjen. It is net iens wis dat Van der Lubbe en/of de kommunisten de brân oanstutsen hawwe of der sels by belutsen wiene. Guon tinke dat de nazys der sels efter sieten.
Hitler hie oant no ta net de mearderheid yn syn kabinet en measte fan syn ministers wiene gjin nazys. Boppedat hie er te krijen mei in sterke sojalistyske en kommunistyske opposysje. Utstellen dy't troch him en syn kabinet yntsjinne wiene, waarden gauris fuortstimd. Foar maart 1933 waarden der nije ferkeizings útskreaun en de nazys sochten in reden en rekkenje mei de tsjinstanners ôf.
Nei de brân waard it gebou wer opboud en kundige Hitler needwetten oan dy't de oarder wer ophelpe soene. De Ryksdeibrânferoardering en de Machtigingswet beheinden de macht fan de Ryksdei en joegen Hitler mear macht. Hy hie dêr twatredde fan de stimmen nedich. Dêrtroch koene de nazys de kommunisten befjochtsje en yntimidearje en waard it dus slimmer foar de KPD en fier in effektive kampanje. In soad Dútsers trapen yn dy propaganda. Mei de ferkiezings fan maart 1933 ferlearen de sosjaaldemokraten en kommunisten stimmen en wûnen de nasjonaalsosjalisten 44 persint fan de stimmen. Hja hiene noch gjin absolute mearderheid, mar mei help fan de konservative en monargistyske DNVP, dy't lykwols ek 8 prosint ferlern hiene, koene de nazys genôch sitten krije. Doe koene de nazys sa stadichoan de Ryksdei bûtenspul sette en wiene de Rykspresidint, it leger en de SA de iennigen dêr't Hitler om tinke moast, mar nei de Nacht fan de Lange Messen en it ferstjerren fan Hindenburg rekke it paad frij foar totale diktatuer.
Marinus van der Lubbe waard op 10 jannewaris 1934 yn Leipzig ûnthalze.