Halina Reijn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Halina Reijn
Halina Reijn
Halina Reijn
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlanner
berne 10 novimber 1975
berteplak Amsterdam
jierren aktyf 1997 - no
prizen De Colombina as "Best Supporting Actress" foar Shopping and Fucking (1998)
Special Jury Prize foar De Prins en het meisje (2007) tegearre mei Fedja van Huêt
offisjele webside
Halina Reijn


Halina Reijn (Amsterdam, 10 novimber 1975) is in Nederlânsk aktrise en skriuwster. Sy waard grut yn Wildervank en Grins en wennet yn Amsterdam.

Halina Reijn krige har beropsoplieding oan de Teater Akademy yn Maastricht. Doe't hja noch studint wie waard sy frege om mei te dwaan by de Teaterkompanjy; dêr spile sy grutte rollen yn stikken sa as Hamlet (as Ophelia) en Shopping and Fucking (as Lulu), dêr't sy de prestiizjeuze teaterpriis, de Colombina foar krige yn 1998. Yn 2003 gie sy by Toanielgroep Amsterdam.

Yn it seizoen 2006/2007 spile sy yn leafst fjouwer stikken: “The Taming of the Shrew”; “Hedda Gabler”; “Oresteia”; en “Rouw siert Electra”; hja krige der in Theo d’Or-nominaasje as “Beste Frouljus Aktrise” foar.

Halina wie ek de sjen yn de film Hotel Paraiso (fan Paula van der Oest, dy't in Oscarnominaasje krige), A Father’s Affair (fan Maarten Teurniet) en Grimm (fan Alex van Warmerdam).

Yn 2006 hie hja in grutte rol yn Ik omhels je met 1000 armen fan regisseur Willem van de Sande Bakhuijzen, Zwartboek ûnder rezjy fan Paul Verhoeven en Blind fan Tamar van den Dop.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Telefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2015 Bagels & Bubbels - Vanessa
  • 2014 Jeuk - Halina
  • 2013 Charlie - Charlie Bloem
  • 2011 Flikken Maastricht - Hannie de Groot (gastrol)
  • 2011 Van God los - Nadia
  • 2010 In Therapie (2010) - Lara
  • 2007 De Prins en het Meisje - Mabel Wisse Smit
  • 2006 Voor een paar knikkers meer - mem fan Michiel (stim)
  • 2002 De Afrekening
  • 1999 Suzy Q - prostituee

Muzyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Reijn spile mei Jeroen van Koningsbrugge yn de fideoklip My Demons fan ZEUS.

Teater[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Yn de perioade 2005-2009 wie hja kollumniste foar it wykblêd Viva.
  • Yn 2007 wûn sy in Gouden Kalf foar De Prins en het Meisje (Spesjale Jury Priis).
  • Yn 2006 waard Reijn neamd foar in Gouden Kalf (Bêste Frouljus Byrol) foar Zwartboek.
  • Yn 2004 waard sy neamd foar in Theo d'Or foar har haadrol as Lavinia (Vinny) yn Rouw Siert Electra.
  • Yn 1998 wûn sy in Colombina foar har rol fan Lulu yn de foarstelling Shopping and Fucking.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]