Springe nei ynhâld

Robert I fan Skotlân

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Robert Bruce)
Robert I fan Skotlân
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum 11 july 1274
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 7 juny 1329
stjerplak Dumbarton (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk
kening fan Skotlân
regear 13061329
foargonger Jan
opfolger David II
greve fan Carrick
regear 13181324
foargonger Edwert
opfolger David
greve fan Carrick
regear 1292 – ±1311
foargonger Marjorie
opfolger Edwert
hear fan Annandale
regear 13041312
foargonger Robert VI
opfolger Tomas
Dizze side giet oer Robert Bruce, Robert de Bruce of Robert fan Bruce, de kening fan Skotlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Robert Bruce (betsjuttingsside).

Robert I, ek wol bekend as Robert de Bruce, mei as alternative stavering Robert the Bruce (Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Roibert a Briuis; modern Skotsk-Gaelysk: Raibeart Bruis; Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; Skotsk: Robert Brus; Kastiel fan Turnberry, 11 july 1274Dumbarton, 7 juny 1329) wie kening fan Skotlân fan 1306 oant syn dea yn 1329. Hy wie fan Normandysk-Skotske adel en waard beskôge as ien fan 'e kundichste legeroersten fan syn generaasje. Robert klom ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen op ta lieder fan 'e Skotten, en wist úteinlik de selsstannigens fan syn heitelân mei trijehûndert jier te ferlingjen. Hy wurdt noch altyd beskôge as ien fan 'e nasjonale helden fan Skotlân.

Robert de Bruce waard yn 1274 berne, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, yn it Skotske Ayrshire, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, de famylje fan syn mem. Hy wie de âldste soan fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en Marjorie, grevinne fan Carrick. De famylje fan syn mem wie in âld Gaelysk laach, dat sûnt minskewitten it greefskip Carrick, yn Galloway, yn besit hie. Robert syn mem Marjorie wie de lêste fan har skaai, en as erfdochter wie se oant har houlik regearjend grevinne fan Carrick. Neffens it ferhaal wie hja in formidabele frou, dy't Robert syn heit op har kastiel finzen hold oant er deryn tastimde om mei har te trouwen.

Oan syn heitekant stamme Robert út in Normandysk riddergeslacht, dat him ûnder it regear fan kening David I yn 1124 yn Skotlân fêstige hie, en dat dêr de hearlikheid fan Annandale, yn Dumfries en Galloway, yn besit krigen hie. It Hûs Bruce hie lykwols ek grutte lânerijen yn Durham, yn it noarden fan Ingelân, en yn Esseks en Middelseks, yn súdlik Ingelân. Robert syn heit Robert fan Bruce stamme fia syn beppe oan heitekant Isabella fan Huntingdon fan (dy har oerpake) kening David I ôf, wat Robert letter in oanspraak op 'e Skotske troan jaan soe.

It stânbyld fan Robert de Bruce yn it Kastiel fan Stirling.

Oer Robert syn jonkheid is suver neat bekend. Nei alle gedachten waard er grutbrocht yn in ferminging fan 'e Anglo-Normandyske kultuer fan 'e aadlike fermiddens fan noardlik Ingelân en súdeastlike Skotlân, dêr't syn heite famylje ta hearde, en de Gaelyske kultuer fan súdwestlik Skotlân dêr't syn memme famylje út fuortkaam. Yn it doedestiden Skotsk-Gaelysktalige Carrick en Annandale soe Robert wierskynlik trijetalich grutbrocht wêze, sadat er like floeiend Normandysk-Frânsk, Skotsk-Gaelysk as Skotsk spriek. Robert hie njoggen bruorren en susters, en it is goed mooglik dat hy en syn broer Edwert in diel fan harren jonkheid as pleechbern troch oare aadlike famyljes grutbrocht binne, sa't wenst wie ûnder de âlde Gaelyske adel.

Nei it ferstjerren fan kening Aleksander III yn 1286, fjouwer jier letter folge troch de dea fan syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de Faam fan Noarwegen, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau. Robert wie doedestiden sechstjin jier, âldernôch om him bewust te wêzen fan 'e wichtigens fan sokke foarfallen, yn 't bysûnder mei it each op 'e eigen keninklike konneksje fan syn famylje. Om dyselde tiid hinne waard er ta ridder slein, en twa jier letter, yn 1292, kaam syn mem ûntidich te ferstjerren. Datselde jiers besleat Edwert I fan Ingelân, dy't him op fersyk fan 'e saneamde beskermhearen fan Skotlân oer de troanstriid, de saneamde 'Grutte Kwestje' (Great Cause), bûgd hie, dat de Skotske troan oan Jan fan Balliol jûn wurde moast, dat in efterneef fan Robert syn pake oan heitekant wie. Syn pake, Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale, joech suver fuort dêrnei net inkeld syn oanspraak op 'e Skotske troan, mar ek syn hearskippij oer Annandale op, mooglik sadat er net trou hoegde te swarren oan syn efterneef. Sadwaande waard Robert syn heit, Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale doe regearjend hear oer Annandale, en joech er syn regear oer Carrick, it greefskip fan syn frou, op, dat doe oan 'e jonge Robert tafoel.

By de kroaning fan Jan fan Skotlân, te Berwick-upon-Tweed, twong Edwert fan Ingelân lykwols foar himsels erkenning ôf as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Om't Robert syn pake en heit har eigen oanspraak op it keningskip as de iennichste jildige beskôgen en Jan fan Balliol as in usurpator seagen, dy't ûnrjochtlik de Skotske troan beset hold, stipen de leden fan it Hûs Bruce Edwert by it ûndergraven fan it gesach fan 'e nije kening. Jan wie dêrtroch twongen om him, ta argewaasje fan 'e measte Skotten, wat langer wat mear as in fazal fan 'e Ingelske kening te hâlden en dragen.

Robert de Bruce en syn earste frou Isabella fan Mar, op in tekening út 1562.

Yn 1294 easke Edwert I fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it fêstelân fan Jeropa tsjin 'e Frânsen focht. Dat wie sels foar Jan ûnakseptabel, dat ynstee sleat er in bûnsgenoatskip mei Frankryk, dêrby stipe troch syn regearingsrie, dy't dominearre waard troch it mei him ferbûne Hûs Comyn. Dat betsjutte oarloch mei Ingelân, mar doe't it oare jiers it Skotske leger oproppen waard, wegeren de leden fan it Hûs Bruce en de greven fan Angus en March om oan dy oprop te foldwaan. Ynstee loek it Hûs Bruce him tydlik út Skotlân werom nei harren lânerijen yn Ingelân, en Annandale en Carrick waarden dêrop troch kening Jan yn beslach nommen en oan syn bûnsmaat Jan Comyn, greve fan Buchan jûn. Yn dy ûnlijige snuorje fûn de jonge Robert noch tiid om tusken de bedriuwen troch mei syn earste frou te trouwen, Isabella fan Mar, de dochter fan Donald I, greve fan Mar, mei wa't er yn 1296 in dochter, Marjorie, krije soe.

It begjin fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch begûn op 26 maart 1296 mei in Skotske oanfal op 'e Ingelske fêstingstêd Carlisle, yn Kumbria. Dat wie net sasear in oanfal fan Skotlân of Ingelân, as wol in oanfal fan it Hûs Comyn op it Hûs Bruce. Sawol Robert syn pake as syn heit wiene nammentlik (efterinoar) warder (foar de Ingelske kening) fan it Kastiel fan Carlisle, en nei it ferlies fan Annandale en Carrick oan 'e Comyns, yn 1295, wie Carlisle de wichtichste sit fan 'e Bruces wurden. Robert moat grif holpen hawwe om dizze oanfal ôf te slaan, en dêrby yngeande kennis oangeande de ferdigeningswurken fan Carlisle opdien hawwe. De folgjende kears dat de Skotten foar dizze stêd belis sloegen, wie yn 1315, en doe stie Robert oan it haad fan 'e belegerers.

De oanfal op Carlisle waard troch Edwert I beäntwurde mei de ferovering fan 'e grinsstêd Berwick-upon-Tweed, wêrnei't er yn 'e Slach by Dunbar it Skotske ferset hielendal de kop yndrukte. Neitiid ûnttroane er Jan fan Balliol, en sette er dy finzen yn 'e Toer fan Londen. Skotlân waard fan doe ôf oan oerhearske troch in Ingelsk besettingsleger en regearre troch Ingelske bestjoerders dy't Edwert sels oansteld hie. As oanhingers fan 'e Ingelsen krigen de Bruces harren Skotske besittings werom, en de jonge greve fan Carrick en syn heit, de hear fan Annandale, wiene ûnder mear as 1.500 Skotske eallju dy't yn augustus 1296 te Berwick in eed fan trou oan 'e kening fan Ingelân swarden.

Minder as in jier letter, yn maaie 1297, briek der lykwols ûnder in William Wallace, in man fan nederich komôf, in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Robert syn heit naam gjin diel oan dy rebûlje, en loek him op 'e nij werom yn Carlisle. Ut brieven is dúdlik dat er syn soan der mei oandriuw ta besocht te bewegen om Jan fan Warenne, greve fan Surrey te stypjen, de Ingelske befelhawwer yn Skotlân, dy't yn 'e fierte oan 'e Bruces besibbe wie. De jonge Robert, lykwols, skynt tsjin dy tiid ûnder de ynfloed rekke te wêzen fan syn pake' freonen, Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân en Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, dy't har yn july by de opstannelingen joegen. Robert wie doedestiden 22 jier âld en harke net mear nei syn heite oarders. Hy bejoech him nei Annandale, dêr't er de lienlju fan syn famylje gearrôp en him by de opstân oansleat.

It stânbyld fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn Aberdeen.

Op 7 july sleaten Robert-en-dy in ferdrach mei de Ingelsen dat bekend kaam te stean as de Kapitulaasje fan Irvine. Dêrby waard fêstlein dat Skotske eallju nea tsjin har wil oersee yn it Ingelske leger hoege soene te tsjinjen, en waard de oangeande hearen harren opstannigens ferjûn, yn ruil foar it swarren fan in nije eed fan trou oan Edwert. Biskop Wishart, Jakobus Stewart en Aleksander Lindsay fan Barnweill stiene boarch foar Robert oant er syn jonge dochter Marjorie as gizelster oan Edwert útleverje soe. Dat barde lykwols nea, om't Robert koarte tiid letter alwer yn 'e opstân behelle wie.

It is mooglik dat Robert koart nei't de Skotten de Ingelsen ûnder Surrey yn 'e Slach by Stirling (1297) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei de fijân sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat Edwert nei de Skotske nederlaach yn 'e Slach by Falkirk (1298) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde Falkirk Roll, dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde. Boppedat paste Robert nei de slach yn Annandale de taktyk fan 'e ferskroeide ierde ta om foar te kommen dat de Ingelsen baat hawwe soene fan harren oerhearsking fan it gebiet, en stiek er om dyselde reden it Kastiel fan Ayr yn 'e brân.

Nei de nederlaach by Falkirk stapte William Wallace op as beskermhear fan Skotlân, en waard er opfolge troch Robert en Jan III Comyn, hear fan Badenoch. De beskermhearen wiene reginten, dy't it lân bestjoerden yn 'e ôfwêzigens fan 'e kening, mar it twatal Bruce en Comyn krige datoangeande neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren skeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn 1299 Willem fan Lamberton, de biskop fan St. Andrews, as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn 1300 op as beskermhear en waard er ferfongen troch Ingram fan Umfraville. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Umfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale Jan fan Soules, in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de Comyns en de Bruces. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.

Nei't yn 'e simmer fan 1301 in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Om dy tiid hinne ûnderwurp Robert him mei ferskate oare Skotske eallju oan Edwert fan Ingelân, mooglik om't derfan grute waard dat Jan fan Balliol mei koarten frijlitten wurde soe om wer kening te wurden. Dêr bliek lykwols neat fan oan te wêzen. Datselde jiers troude Robert ek mei syn twadde frou, Elizabeth fan Burgh, de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster. Mei har krige er fjouwer bern: de twilling David (dy't him letter opfolgje soe) en Jan (dy't as bern stoar), en fierders twa dochters, Matilda en Margareta.

De kop fan it stânbyld fan Robert de Bruce foar it Marisschal Kolleezje te Aberdeen.

Yn 1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan Glasgow en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.

De moard of Jan Comyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't Robert, krektlyk as syn hiele famylje, totaal leaude yn syn eigen rjocht op it Skotske keningskip, waard er yn dy ambysje dwerseide troch twa dingen. Yn it foarste plak hiene syn eigen dieden by in protte Skotten wantrouwen opwekke, mei't er noris foar Skotlân fochten hie, en dan wer miene saak mei de Ingelsen makke hie. Boppedat hied er yn Jan III Comyn, hear fan Badenoch, in earsten rivaal. Comyn hie folle risluter as Robert west yn syn stipe foar de Skotske saak, en hy wie besibbe oan withoefolle machtige Skotske eallju, wêrûnder de greven fan Buchan, Mar, Ross, Fife, Angus, Dunbar en Strathearn, de hearen fan Kilbride, Kirkintilloch, Lenzie, Bedrule en Scraesburgh en de sheriffs fan Banff, Dingwall, Wigtown en Aberdeen. Dêropta stamme er oan syn heite kant ôf fan kening Donald III en oan syn memmekant fan kening David I, en wied er in omkesizzer fan Jan fan Balliol. Dêrmei hied er nei alle gedachten in bettere oanspraak op 'e Skotske troan as Robert.

Neffens it histoaryske fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan Comyn yn 'e simmer fan 1305 in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon Ralf fan Montermer, dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve pinnings en in pear spoaren ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.

De dea fan Jan Comyn yn 'e Greyfriars Kirk te Dumfries.

Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op 10 febrewaris 1306 in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan it fransiskaner kleaster, de saneamde Greyfriars Kirk, te Dumfries. Dêr beskuldige er Comyn fan ferrie, mei as gefolch dat se slaande deilis rekken. Neffens Barbour soe Robert Comyn dêrby lyk foar it heechalter fan 'e kapel deadien hawwe. Neffens in oare boarne, de histoaryske kronyk Scotichronicon, oerlibbe Comyn it earste hângemien en waard er behannele oan syn ferwûnings, doe't Robert-en-dy hearden dat er noch yn libben wie. Roger fan Kirkpatrick soe doe mei de wurden "I mak siccar" ("Ik sil it bewissigje") mei Jan fan Lindsay ôfset wêze om Comyn wier út 'e ljochten te helpen. By Barbour ûntbrekt dit ferhaal. Hoe dan ek, foar Robert de Bruce wie it momint fan 'e moard yn 'e Greyfriars Kirk beslissend, om't er dêrmei syn opsjes werombrocht ta twa: hy moast sjen dat er kening waard, en oars soed er fûgelfaai ferklearre en as misdiediger ferfolge wurde.

Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it tsjerkhôf fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei Glasgow, dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te bycht gie en absolúsje krige. Wishart rôp de geastlikheid yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't paus Klemins V fan it barren yn 'e Greyfriars Kirk hearde, ekskommunisearre er Robert dêrfoar.

Robert de Bruce ta kening fan Skotlân kroane troch Isabella MacDuff (modern tablo yn it Kastiel fan Edinburch).

Oarloch om 'e troan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 25 maart 1306, seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn Scone, by Perth, troch biskop Willem fan Lamberton fan St. Andrews kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat Robert Wishart foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan Glasgow en Moray en de greven fan Atholl, Menteith, Lennox en Mar. De oare deis arrivearre Isabella MacDuff, de frou fan Jan Comyn, greve fan Buchan (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de MacDuff-greven fan Fife, opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, Duncan IV, dy't minderjierrich en yn Ingelske hannen wie. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.

Yn juny 1306 waard Robert ferslein yn 'e Slach by Methven, en yn augustus kamen de Ingelsen him oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve of Atholl, nei Kildrummy, wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren Tomas, Aleksander en Edwert, Jakobus Douglas (better bekend as de Swarte Douglas), Gilbert fan La Hay, Neil Campbell en Malcolm II, greve fan Lennox.

Yn 'e maityd fan 1306 late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette Annandale, Carrick en de lânerijen fan Robert syn folgelingen, en skonk dy oan syn eigen oanhingers. Yn juny 1306 waard Robert ferslein yn 'e Slach by Methven, en yn augustus kamen de Ingelsen him oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve of Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy, wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren Tomas, Aleksander en Edwert, Jakobus Douglas (better bekend as de Swarte Douglas), Gilbert fan La Hay, Neil Campbell en Malcolm II, greve fan Lennox.

Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters Kristina en Marije en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, yn Tain finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije fan Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.

In fiktoriaansk groepsportret fan 'e Skotske lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen: Robert de Bruce is de 3e f. rj., mei de reade liuw op it boarst; l. fan Bruce de Swarte Douglas; rj. fan Bruce Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan; en rj. fan har William Wallace.

It is noch altyd ûnwis wêr't Robert de winter fan 1306 op 1307 trochbrocht. It wierskynlikst is dat er syn taflecht socht hie op 'e Hebriden, dêr't er mooglik beskûl krige by Kristina fan Garmoran. Oare serieuze mooglikheden binne dat er yn Ierlân siet, mooglik by syn skoanfamylje yn Ulster, of op 'e Orkney-eilannen, dy't doedestiden noch ûnder Noarsk bestjoer stiene. Unwierskynliker, mar net ûnmooglik, is dat er de winter trochbrocht yn Noarwegen sels, dêr't syn suster Isabella keninginne-dûairiêre wie.

Hoe dan ek, yn febrewaris 1307 kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch. It oare legerke, mei oan it haad Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by Stranraer. De leden fan dy troepemacht waarden lykwols nei de Slach by Loch Ryan ynsletten en oppakt, en de beide bruorren Bruce waarden letter eksekutearre yn Carlisle. Yn april behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e Slach by Glen Trool, en koart dêrnei fersloech er Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke, in favoryt fan Edwert I, yn 'e Slach by Loudoun Hill. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn Douglasdale oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op 7 july 1307, stoar Edwert I fan Ingelân, en liet er de oarloch tsjin Robert de Bruce oer oan syn folle minder krêftdiedige soan Edwert II.

Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan Inverlochy en Urquhart ynnaam, de kastielen fan Inverness en Nairn platbaarnde en doe in mislearre wraam op Elgin die. Yn it neijier fan 1307 befûn Robert him yn Aberdeenshire, oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er Banff bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan Balvenie en Duffus te feroverjen en doe dat fan Tarradale, op it Swarte Eilân. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin 1308 wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn maaie yn 'e Slach by Inverurie einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan Aberdeen.

Ien fan syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't Robert de Bruce it befel joech ta de Ferwuostging fan Buchan, om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei Argyll, oan 'e Skotske westkust, dêr't er de Clan MacDougall, ûnder Jan MacDougall fan Lorn, in trouwe bûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'e Slach yn 'e Pas fan Brander. Nei dy oerwinning koed er it Kastiel fan Dunstaffnage ynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.

It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan Bannockburn.

Yn maart 1309 rôp Robert foar it earst in parlemint gear te St. Andrews, en tsjin augustus fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden de rivier de Tay. Yn 1310 waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'e Tsjerke wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykas Linlithgow yn 1310, Dumbarton yn 1311 en Perth yn jannewaris 1312. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn 1313 lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilân Man, yn 'e Ierske See, dêr't er letter dat jier Castletown ynnaam en yn 1314 de rest fan it eilân ferovere.

Yn it foarjier fan 1314 sloech Edwert fan Bruce mei in leger belis foar it Kastiel fan Stirling. De kastlein, Filips fan Mowbray, stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr 24 juny net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn maart fan dat jier Roxburgh, wylst Tomas Randolph, greve fan Moray, it Kastiel fan Edinburch ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde Slach by Bannockburn beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant 1603) feilichsteld waard.

Fierdere oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

No't it gefaar fan in Ingelske ferovering fan Skotlân ôfkeard wie, giene de Skotten sels yn 'e oanfal. It Ingelske leger waard weromdreaun oer de Skotske súdgrins, wêrnei't Skotske legers de Noardingelske greefskippen Kumbria, Noardumberlân, Yorkshire en Lancashire plonderen. Mei de oerwinning te Bannockburn noch farsk yn oantinken foel Robert yn 1315 Ierlân binnen, dat ek troch de Ingelsen oerhearske waard. Dêr kamen se Donal mac Brian O'Neill, de kening fan Tyrone, te help, en iepenen se in nij front tsjin 'e Ingelsen.

Robert de Bruce sprekt syn troepen ta foarôfgeande oan 'e Slach by Bannockburn.

Dizze ynfaazje moat yn it ljocht sjoen wurde fan Robert syn houlik mei Elizabeth fan Burgh, de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, en teffens stamme Robert sels fia syn heit ôf fan leden fan Ierske keningshuzen, wêrûnder Eva fan Leinster (†1188), dy't sels wer ôfstamme fan kening Brian Boru fan Munster en de keningen fan Leinster. Yn Robert de Bruce syn tiid bestie der noch gjin dúdlik etnysk of taalkundich ûnderskie tusken de Ieren en de Gaelen fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre er in pan-gaelyske uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.

Yn 't earstoan liek dat aardich te slagjen, en de Ieren kroanen Robert syn broer Edwert yn 1316 sels ta hege kening fan Ierlân. Súdlik fan Ulster wisten de Skotten lykwols de Ierske lieders en befolking net foar harren te winnen, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking. Uteinlik kaam oan it Ierske aventoer fan it Hûs Bruce in ein doe't Edwert fan Bruce yn 1318 yn 'e Slach by Faughart omkaam. Dy Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en hongersneden dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.

Diplomatike súksessen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under it regear fan Robert de Bruce waard yn 1320 de Ferklearring fan Arbroath ôfkundigje, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring. Dêrfoar wist Robert úteinlik de stipe te winnen fan paus Jehannes XXII, dy't yn 1328 syn ekskommunikaasje ynloek. Fan gefolgen moast doe ek de Ingelske Kroan him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn maaie 1328 tekene kening Edwert III fan Ingelân einlings en te'n lêsten it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.

Underwilens wie Robert yn 'e minnichte rekke troch in sykte dêr't er teminsten sûnt 1327 al oan litte. Neffens guon kontemporêne, mar útlânske boarnen (de Kronyk fan Lanercost en de Scalacronica) soed er mei lepra oanhelle rekke wêze, mar dat liket ûnwierskynlik, mei't gjin inkele Skotske boarne dy sykte neamt en der ek gjin inkeld bewiis is dat de kening by syn neiste famylje, freonen, hôvelingen of bûtenlânske diplomaten weiholden waard (wat doedestiden de iennichste wize wie dat besmetting mei lepra foarkomd wurde koe). Boppedat betsjut de Midsiuwske ûnkunde op it mêd fan krupsjes, dat eltse hûdsykte wol foar lepra holden wurde koe. Moderne histoarisy binne sadwaande fan betinken dat it folle wierskynliker is dat Robert litte oan tuberkuloaze, syfilis, in senuwsykte of in rige oerhalen.

Mar wat syn oandwaning ek west hawwe mei, tsjin mids 1329 lei Robert yn it stjerren. Neffens Barbour rôp er doe de geastlikheid en adel fan Skotlân by him foar in lêste gearkomste, wêryn't er rynske jeften oan ferskate kleasters die, dat dêr nei syn ferstjerren foar syn siel bidden wurde soe, en teffens om blyk te jaan fan syn berou oer in ûnferfolle eed om op krústocht te gean. Syn lêste winsk wie dat nei syn dea syn hert út syn lichem snien wurde soe en dat dat meinommen wurde soe nei de Bertetsjerke yn Jeruzalim foar't it wer thúsbrocht wurde soe yn Skotlân. Net lang nei dy gearkomste, op 7 juny 1329, ferstoar Robert de Bruce yn 'e âlderdom fan 54 jier yn syn slot Cardross, deunby Dumbarton. Hy waard opfolge troch syn doe fiifjierrige soan David II, foar wa't syn freon Tomas Randolph, greve fan Moray, as regint fungearje soe.

De Abdij fan Dunfermline, dêr't Robert I fan Skotlân begroeven leit.

It lichem fan Robert de Bruce waard nei syn dea balseme, en syn boarstbonke waard midstwa seage sadat syn hert út syn boarstholte helle wurde koe. Neitiid waard it lichem yn 'e Abdij fan Dunfermline njonken syn earste frou byset ûnder it heechalter. Troch lettere ferbouwings en reorganisaasjes fan 'e abdij gie it plak fan it keninklike grêf lykwols ferlern. Mar doe't fiifhûndert jier letter in nij koar oan it gebou fêstboud wurde moast, ûntdieken wurklju op 17 febrewaris 1818 in ûnbekende grêftombe, mei dêryn de restanten fan in ikehoutene deakiste mei in stoflik omskot dat hielendal beklaaid wie mei twa lagen fan 5 mm tsjûk lead. Boppe de holle wie dat lead bewurke yn 'e foarm fan in kroan. Men kaam ta de konklúzje dat it grêf fan Robert de Bruce weromfûn wie.

Nei't de ferbouwing fan 'e abdij foltôge wie, waard it stoflik omskot op 5 novimber 1819 fierder ûndersocht anatomen fan 'e Universiteit fan Edinburch. Dêrby seach men dat de boarstbonke fan it skelet yn 'e lingterjochting trochseage wie, wat bewiisde dat it yndie om Robert de Bruce gie. Fierders waard û.m. fêststeld dat Robert by syn dea 1.80 m lang west hie, en nei't men oannimme mocht as jongeman noch langer, wat útsûnderlik wie foar immen út 'e fjirtjinde iuw. Fuort neitiid waard it skelet fan 'e kening boppe-op in nije leadene deakiste lein om koarte tiid besichtige te wurden troch in grutte skare nijsgjirrigen dy't by de abdij gearklofte wie. Nei't it skynt waarden der doe ferskate lytsere lichemsdielen (tosken en fingerbonkjes) ûntfrjemde, nei't men oannimme mei om 'e dieven ta relikwy te tsjinjen. Dyselde deis noch waard it stoflik omskot yn 'e leadene deakiste lein, wêrnei't dêr in grutte hoemannichte raande pik by yn getten waard (om 'e bonken te preservearjen), foar't de kiste fersegele waard. Dêrnei waard de kening werbegroeven yn 'e Abdij fan Dunfermline, dêr't er noch altyd leit.

It stânbyld fan Robert de Bruce oan 'e muorre fan it Kastiel fan Edinburch.

Nei't it hert fan 'e kening út syn boarst helle wie, waard it troch de Swarte Douglas yn in sulveren kistke pleatst, dat de ridder neitiid om syn hals droech. Der wie yn dy tiid praat fan in nije krústocht, mar doe't dat neat waard, sylden Douglas en ferskate selskipslju, wêrûnder de ridders Willem Keith fan Galston, Willem fan St. Clair fan Rosslyn en de bruorren Robert Logan fan Restalrig en Walter Logan, op eigen gelegenheid nei it Ibearysk Skiereilân. Dêr wie doedestiden in oarloch geande tusken it kristlike Kastylje en it Moarske emiraat Granada.

Neffens it ferhaal beaen Douglas-en-dy harren tsjinsten oan kening Alfûns XI fan Kastylje oan en namen se yn augustus 1330 diel oan 'e Slach by Teba. By it efterfolgjen fan it Moarske ruterfolk nei it ôfslaan fan in oanfal, naam de Swarte Douglas doe it kistke mei it hert fan Robert de Bruce yn 'e hân en spriek de wurden: "Now pass thou onward before us, as thou wert wont, and I will follow thee or die." ("Geane jo ús no foar, sa't jins wenst wie, dan sil ik jo folgje of stjerre.") Dêrop ûnderhelle er de earm en smiet it kistke foarút tusken de Moarske kavalery. Mar de Moaren, dy't trochkrigen dat se mar troch in lyts tal ridders efterfolge waarden, kearden op dat stuit de hynders en foelen op 'e nij oan.

Douglas soe tebekwike, mar seach doe dat Willem fan St. Clair fan Rosslyn besingele rekke wie troch de fijân. Mei de oare Skotten besocht er syn lânslju te help te kommen, mar hja wiene fier yn 'e minderheid, en Douglas en de measte oaren, wêrûnder St. Clair fan Rosslyn en de beide Logan-bruorren, fûnen yn dat gefjocht de dea. Neitiid waard troch de oerlibbenen it kistke mei it hert fan Robert de Bruce op it slachfjild weromfûn, fuortby it lichem fan 'e Swarte Douglas. De ridders Willem Keith fan Galston en Simon Locard fan Lee (dy't syn namme nei oanlieding fan dit foarfal letter feroare fan 'Locard' yn 'Lockhart') bewurkmasteren dat sawol it kistke mei it hert as it lichem fan 'e Swarte Douglas weromstjoerd waarden nei Skotlân.

Neffens de lêste winsk fan Robert de Bruce waard syn hert neitiid begroeven yn 'e Abdij fan Melrose, yn Roxburghshire, dêr't it yn 1920 ûntdutsen waard troch archeologen en werbegroeven, sûnder dat de eksakte lokaasje fêstlein waard. Yn 1996 waard ûnder in ferbouwing yn 'e abdij in kistke fûn, dat neffens wittenskiplik ûndersyk yndie minsklike resten fan in tapaslike âlderdom befette. Yn 1998 waard it op 'e nij werbegroeven yn 'e Abdij fan Melrose.

Foarâlden fan Robert I fan Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Kristina
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. David fan Skotlân, greve fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
9. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford
 
 
 
 
 
 
 
10. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Amice FitzRobert
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
11. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
1. Robert I fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Duncan, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
12. Cailean, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
6. Neil, greve fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
13. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
3. Marjorie, grevinne fan Carrick
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Alan FitzWalter, 2e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
14. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Alesta, grevinne fan Mar
 
 
 
 
 
 
 
7. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Gille Críst, greve fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
15. Bethóc, grevinne fan Angus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Marjorie, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 

Neiteam fan Robert I fan Skotlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
bern by Isabella fan Mar
namme berte ferstjerren opmerkings
Marjorie 1296 1316 troude yn 1315 Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân, mei wa't hja ien bern krige, Robert II fan Skotlân, de earste Stuart-kening fan Skotlân
bern by Elizabeth fan Burgh
namme berte ferstjerren opmerkings
Matilda (Maud) 1303 1353 troude Thomas Isaac, hie twa dochters
Margareta ±1315 1346/1347 troude yn 1345 Willem fan Moraavje, 5e greve fan Sutherland, hie ien soan, Jan (1346-1361)
David 1324 1371 folge syn heit op as kening; troude (1) yn 1328 mei Jehanna fan Ingelân (gjin neiteam); (2) yn 1364 mei Margareta Drummond (gjin neiteam); opfolge troch syn omkesizzer Robert II
Jan 1324 1327 jongere twillingbroer fan David; mei 3 jier stoarn
erkende ûnwettige bern by ferskate ûnbekende memmen
namme berte ferstjerren opmerkings
Robert fan Bruce ±1300 1332 sneuvele yn 'e Slach by Dupplin Moor
Walter fan Odistoun ûnbekend ûnbekend stoar foàr syn heite dea (1329)
Margareta fan Bruce 1308 ûnbekend troude Robert fan Glen; libbe noch yn 1364
Katerine fan Bruce ûnbekend ûnbekend troude David Lindsay; libbe noch yn 1342
Elizabeth fan Bruce ±1317 1364 troude Walter Oliphant fan Aberdalgie
Kristina fan Carrick ûnbekend ûnbekend libbe noch yn 1329
Neil fan Carrick ûnbekend 1346 sneuvele yn 'e Slach by Neville's Cross

Fia syn dochter Marjorie hearre alle lettere keningen fan Skotlân ta de ôfstammelingen fan Robert I, teffens alle keningen fan Ingelân nei 1603, en dêropta alle Britske keningen en keninginnen fanôf de stifting fan Grut-Brittanje yn 1707 oant hjoed de dei ta.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.