Dumbarton (Skotlân)
Dumbarton | ||
Polityk | ||
Lân | Skotlân | |
Kiesdistrikt Britsk parlemint | West-Dunbartonshire | |
Lieutenancy area | Dunbartonshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 20.527 (2001) 19.9901 (rûsd foar 2006) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC-0 | |
Simmertiid | UTC |
Dumbarton (Skotsk-Gaelysk: Dùn Bhreatainn) is in stêd (town) yn Skotlân mei sa'n 20.550 ynwenners (2001). De stêd leit oan de Firth of Clyde, oan de mûning fan de rivier de Leven.
Op de fulkanyske basaltrots Dumbarton Rock stiet Dumbarton Castle, dat as âldste boarch fan Skotlân jildt. Dumbarton wie yn de 5e iuw it haadplak fan it ier-midsiuwske Keninkryk Strathclyde en dêrnei haadstêd fan it tradisjonele greefskip Dunbartonshire. Dumbarton is no it haadplak fan it kiesdistrikt West- Dunbartonshire. Fan de 18e iuw oant likernôch 1960 wie de skipsbou ekonomysk wichtich yn Dumbarton.
Dumbarton is it berteplak fan de keunstskilders George Harcourt en William Strang, fan de sjonger en muzikant fan de Talking Heads David Byrne en de Formule 1-koereur Jackie Stewart.
-
Yn 't sintrum
-
Wenten oan 'e igge fan de Leven
-
Dumbarton Rock
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Robert Burns, keppelings mei Dumbarton (in)
- Skotsk Maritym Museum (in)