Marije fan Bruce

Ut Wikipedy
Marije fan Bruce
aadlik persoan en/of hearsker
nasjonaliteit Skotsk
bertedatum ±1282
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum 1323
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Normandysk
Skotsk
Iersk

Marije fan Bruce (Ingelsk: Mary Bruce, Normandysk-Frânsk: Marie de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1282 – yn Skotlân, 1323) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hja wie in suster fan kening Robert I fan Skotlân, en waard fan 1306 oant 1314 troch de Ingelsen finzen holden, wêrfan fjouwer jier efterinoar yn in koai yn 'e iepen loft.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marije wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Hja kaam omtrint 1282 te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Marije wie in jongere suster fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam.

Koart nei't er him ta kening kroanje litten hie, litte Marije har broer Robert mids juny 1306 in nederlaach yn 'e Slach by Methven, en yn augustus fan dat jier kamen de Ingelsen him suver oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie. Dat hy moast er halje-trawalje de wyk nimme, wêrnei't er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk gie. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy. Dêrûnder wiene Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie, syn susters Marije en Kristina en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.

Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, wylst de froulju sels útsûnderlike ûnmeilydsum behannele waarden. Marije fan Bruce en Isabella MacDuff waarden op befel fan 'e Ingelske kening Edwert I op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, sadat se foar eltsenien te sjen wiene. Yn dy steat brochten de folgjende fjouwer jier troch.

Yn 1310 waarden Marije en Isabella út harren koaien helle en ûnder bettere omstannichheden finzen set. Dat hie neat mei humanitêre omtinkens te krijen; om't Robert I tsjin dy tiid almar mear oerwinnings begûn te boeken, waarden de froulju sa njonkelytsen weardefolle gizelders foar de Ingelsen, en soe it sûnde west hawwe om harren stjerre te litten fan kjeld en ûntbearings. Uteinlik waard Marije fan Bruce nei de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, útwiksele tsjin Ingelske eallju dy't troch de Skotten kriichsfinzen makke wiene.

Marije troude twa kear. Har earste houlik wie mei de ridder Neil Campbell, in fertrouling fan har broer Robert, dy't yn 1316 stoar. Mei him krige se teminsten ien soan, Jan Campbell, greve fan Atholl (†1333). Letter wertroude se mei de ealman Aleksander Fraser fan Touchfraser en Cowie. Marije fan Bruce ferstoar yn 1323, yn 'e âlderdom fan 41 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.