Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Robert fan Bruce
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum july 1243
berteplak wierskynlik Writtle (Ingelân)
stjerdatum koart foàr 4 maart 1304
stjerplak Abdij fan Holm Cultram (Ingelân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Ireland.svg Iersk
hear fan Annandale
amtsperioade 12921304
foargonger Robert V
opfolger Robert VII
greve fan Carrick
amtsperioade 12721292
foargonger Marjorie
opfolger Robert VII
kastelein fan it Kastiel fan Carlisle
amtsperioade 12951304
foargonger Robert V

Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, troch syn houlik greve fan Carrick (Ingelsk: Robert Bruce, Normandysk-Frânsk: Robert de Brus; wierskynlik yn Writtle (Ingelân), july 1243Abdij fan Holm Cultram (Ingelân), koart foàr 4 maart 1304), wie in Skotsk ealman fan Normandysk (en foar in diel Iersk) komôf. Hy besiet lânerijen yn sawol Skotlân as Ingelân, en wie sadwaande by politike ûntwikkelings yn beide keninkriken belutsen. Hy wie de heit fan 'e Robert fan Bruce dy't yn 1306 kening fan Skotlân waard.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Annandale waard yn july 1243 berne, wierskynlik yn Writtle, in hearlikheid yn it Ingelske greefskip Esseks dy't yn it besit fan syn famylje wie. Hy wie de âldste soan en erfgenamt fan Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale en Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford. Fia syn beppe oan heitekant Isabella fan Huntingdon wied er in oer-oer-oerpakesizzer fan 'e Skotske kening David I. Oare foarâlden fan sines wiene de ferneamde Anglo-Normandyske aventoersman Richard fan Clare, 2e greve fan Pembroke, byneamd 'Sterkbôge'; Dermot MacMurrough, de Ierske kening fan Leinster; en kening Hindrik I fan Ingelân. Behalven hear fan Annandale, yn Skotlân, wied er ek hear fan Hartlepool (ek wol bekend as Hartness), yn it Noardingelske greefskip Durham, en fan Writtle en Hatfield Broad Oak yn it Súdingelske Esseks.

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de Twadde Baronne-oarloch, in opstân ûnder lieding fan Simon fan Montfort, 6e greve fan Leicester, tsjin kening Hindrik III troch in oansjenlik diel fan 'e Ingelske adel, waard Annandale syn heit ûnder de Slach by Lewes, yn 1264, troch de opstannelingen kriichsfinzen makke. Neitiid ûnderhannele er mei syn omke Bernard en syn neef Gilbert fan Clare, 7e greve fan Gloucester, dy't har by de opstân oansletten hiene, oer de lospriis foar syn heit. Nei de úteinlike nederlaach fan 'e rebellen yn 'e Slach by Evesham, yn 1265, profitearren sawol Annandale as syn heit fan 'e ynbeslachname fan 'e besittings fan 'e rebellen, doe't kening Hindrik III harren trou beleanne troch guon fan 'e lânerijen oan harren ta te partsjen. Derby krige Annandale lân yn 'e greefskippen Yorkshire, Noardumberlân en Bedfordshire yn 'e hannen.

Yn 'e mande mei syn heit en syn jongere broer Richard naam Annandale yn 1270 diel oan 'e Njoggende Krústocht nei it Hillige Lân. Neffens it ferhaal soe Annandale, doe't datselde jiers noch ien fan wapenbruorren, Adam fan Kilconquhar, yn 'e striid sneuvele, himsels ferplichte field hawwe en reizgje werom nei Skotlân om 'e deatynge oer te bringen oan Kilconquhar syn widdo, Marjorie, grevinne fan Carrick. Dy soe doe lykwols sa fereale rekke wêze op 'e kreaze boadskipper, dat se him op har kastiel finzen hold oant er der yn 1271 mei ynstimde om mei har te trouwen. Lykwols lâne de Njoggende Krústocht pas yn maaie 1271 by Akre en setten de gefjochtshannelings pas yn juny útein, dat dit ferhaal wurdt yn 'e regel as apokryf beskôge. Oan 'e oare kant is der in dokumint oerlevere dat de jonge Annandale al yn oktober 1271 wer yn Esseks pleatst.

Neffens offisjele stikken troude Annandale yn 1272 mei Marjorie fan Carrick, sûnder dat foar dat houlik de tastimming fan 'e Skotske Kroan socht wie. Fan gefolgen ferlear Marjorie tydlik har kastiel en lânerijen yn Ayrshire en Dumfriesshire, oant der in foarse boete foldien wie. Om dyselde tiid hinne moat Annandale syn mem kommen wêze te ferstjerren, want syn heit wertroude yn 1273 mei Kristina fan Ireby. It liket der sterk op dat Annandale en syn styfmem net mei-inoar koene, mei't hy har nei syn heite dea, yn 1295, de lânerijen besocht te ûnthâlden dy't har breidsskat foarme hiene. Dy antypaty soe ek ferklearje kinne wêrom't Annandale syn heit neitiid eigenhandich de noardlike famyljebesittings bestjoerde, wylst er de súdlike lânerijen oan syn soannen oerliet.

Yn dy snuorje brocht Annandale in soad tiid troch oan it hof fan kening Edwert I fan Ingelân, dêr't er ynformeel funksjonearre liket te hawwen as wurdfierder foar de Skotske kening Aleksander III. Yn 1281 makke er diel út fan in Skotsk gesantskip oan Gwijde fan Dampierre, de greve fan Flaanderen. Yn 1282 naam er yn it ramt fan Edwert syn Welske Oarloggen diel oan 'e Ingelske ferovering fan Wales.

Oanspraken op 'e Skotske troan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1290 nei it hommels ferstjerren fan sawol Aleksander III as fan syn iennichste erfgenamte Margareta, de saneamde 'Faam fan Noarwegen', de Skotske troan foarearst leech bleau, stipe Annandale de oanspraken fan syn heit op it keningskip fan Skotlân. Yn 1292 waard Jan fan Balliol lykwols ynstee kening; dêrop loek Annandale syn heit him werom yn Ingelân, en droech de hearlikheid Annandale oan syn soan oer. Sadwaande naam Annandale doe it bestjoer dêroer op, en droech sels it bewâld oer Carrick, dat er sûnt syn trouwen foar syn frou regearre hie, oer oan syn âldste soan Robert. Datselde jiers kaam syn frou Marjorie te ferstjerren. Yn 1293 besocht Annandale Noarwegen, dêr't er syn dochter Isabella fan Bruce yn Bergen úthylke oan kening Earik II.

Yn maaie 1295 stoar Annandale syn heit. Dêrop waard er yn eigen namme mei syn famyljebesittings beliend, en swarde er trou oan kening Edwert I fan Ingelân. Teffens krige er it amt fan kastelein fan it Kastiel fan Carlisle taparte, dat syn heit foàr him beklaaid hie. Datselde jiers wegere er gehoar te jaan oan in oprop fan 'e Skotske kening Jan om him by dy syn leger te jaan. Dêrop waarden de Skotske besittings fan it Hûs Bruce yn beslach nommen. De iepeningsset fan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie yn 1296 in Skotske oanfal op Carlisle, dy't troch Annandale ôfslein waard. Neitiid focht er yn it leger fan Edwert I doe't de Ingelske kening letter dat jiers de Skotten fersloech yn 'e Slach by Dunbar en harren lân besette. Dêrop waarden him syn Skotske lânerijen weromjûn. Ek yn 1296 wertroude er mei in (wierskynlik folle jongere) Eleönoara, oer wa't fierders frijwol neat bekend is.

Minder as in jier letter, yn maaie 1297, briek der lykwols ûnder in William Wallace, in man fan nederich komôf, yn Skotlân in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út. Dêrop loek Annandale him wer werom op it Kastiel fan Carlisle, mar syn soan Robert rekke ûnder ynfloed fan Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, en Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, by de rebûlje belutsen. Annandale bepleite by syn soan de Ingelske saak, mar de jonge Robert wie doe 22 jier âld en joech net mear om syn heite sizzen. Hy fermoedsoene him yn july mei Edwert I by de saneamde Kapitulaasje fan Irvine, mar rekke koart dêrnei wer yn 'e opstân behelle. It is mooglik dat de jonge Robert, koart nei't de Skotten de Ingelsen yn 'e Slach by Stirling (1297) ferslein hiene, fannijs in oerienkomst mei Edwert I sleat. In sterke oanwizing dêrfoar kin wêze dat de Ingelske kening nei de Skotske nederlaach yn 'e Slach by Falkirk (1298) Annandale en Carrick net konfiskearre, sa't er dat wol die mei de besittings fan oare opstannige eallju. Ien histoaryske boarne wol hawwe dat de reden dêrfoar wie dat Robert by Falkirk foar de Ingelsen focht, mar oan 'e oare kant is syn namme net te finen op 'e saneamde Falkirk Roll, dêr't alle by de slach oanwêzige eallju yn it Ingelske leger yn neamd wurde.

Lêste jierren en dea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin dy tiid wie Annandale âld en siik. Yn 1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, wêrûnder de jonge Robert (mar mei útsûndering fan William Wallace), joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Dizze ûntwikkeling moat foar Annandale nei alle gedachten as in ferromming kommen wêze. Hy besleat doe sels ek werom te kearen nei Skotlân, mar stoar koart foàr 4 maart 1304 ûnderweis nei Annandale, yn 'e âlderdom fan 60 jier. Hy waard begroeven yn 'e Abdij fan Holm Cultram, yn Kumbria. Minder as twa jier letter soe syn soan Robert ta kening fan Skotlân kroane wurde.

Annandale yn 'e film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It byld dat in protte minsken fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, hawwe sille is dat út 'e bekroande Hollywood-film Braveheart, út 1995. Dêryn waard syn rol fertolke troch de akteur Ian Bannen, en waard him de sykte lepra tatocht, wêrfoar't gjin histoarysk bewiismateriaal is. Fierders hat Annandale yn 'e film de hân yn it ferrie fan 'e frijheidsstrider William Wallace oan 'e Ingelsen, hoewol't er dêr yn it echt neat mei te krijen hie, om't er stoar yn 1304, wylst Wallace finzen nommen waard yn augustus 1305. Dejinge dy't wier efter dy die siet, wie de Skotske ridder Jan fan Menteith, dat in skoansoan fan Annandale syn dochter Kristina wie.

Houliken en neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, troude yn 1272 op it Kastiel fan Turnberry mei Marjorie, grevinne fan Carrick (1254-1292), de erfdochter fan Neil, greve Carrick. Hja hiene 11 bern:

Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, troude yn 1296 mei in Eleönoara (†1331), oer wa't fierders frijwol neat bekend is. Ut dit houlik gjin bern.

Foarâlden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Robert fan Bruce, 2e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
8. Willem fan Bruce, 3e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Eufemia fan Aumale
 
 
 
 
 
 
 
4. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
9. Kristina
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. ûnbekend
 
 
 
 
 
 
 
2. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Hindrik fan Skotlân, 3e greve fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
10. David fan Skotlân, greve fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Ada fan Warenne, grevinne fan Surrey
 
 
 
 
 
 
 
5. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Hugo fan Kevelioc, 5e paltsgreve fan Chester
 
 
 
 
 
 
 
11. Maud fan Kevelioc, paltsgrevinne fan Chester
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Bertrande fan Montfort, frouwe fan Evreux
 
 
 
 
 
 
 
1. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Roger fan Clare, 3e greve fan Hertford
 
 
 
 
 
 
 
12. Richard fan Clare, 4e greve fan Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Maud fan St. Hilary
 
 
 
 
 
 
 
6. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Willem FitzRobert, 2e greve fan Gloucester
 
 
 
 
 
 
 
13. Amice FitzRobert
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Hawise fan Beaumont
 
 
 
 
 
 
 
3. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. greve Jan Marshal
 
 
 
 
 
 
 
14. Willem Marshal, 1e greve fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Sybilla fan Salisbury
 
 
 
 
 
 
 
7. Isabel Marshal, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Richard fan Clare, 2e greve fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
15. Isabella fan Clare, grevinne fan Pembroke
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Eva MacMurrough, prinsesse fan Leinster
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.