Jan fan Menteith

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan fan Menteith
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1275
berteplak Menteith (Skotlân)
stjerdatum ±1323
stjerplak ? (Skotlân)
dynasty Hûs Menteith
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk

Jan fan Menteith (Ingelsk: John de Menteith; ±1275 – ±1323) wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen oan 'e Ingelske kant stie. Hy is yn oantinken bleaun as de ferrieder fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider William Wallace.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Menteith waard omtrint 1275 berne as de soan fan Marije I, grevinne fan Menteith suo jure, en har man Walter 'Bailloch' Stewart. Hy en syn âldere broer Aleksander, greve fan Menteith, brûkten 'Menteith' as harren famyljenamme (ynstee fan 'Stewart'). Jan fan Menteith besiet lânerijen by Ruskie, yn Stirlingshire.

Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328) bleau Menteith trou oan kening Edwert I fan Ingelân. Dyselde beneamde him ta kastelein fan it Kastiel fan Dumbarton, mei't er dat fêstingwurk, dat in wichtige oerseeske tagongsrûte ta Skotlân behearske, graach stevich yn 'e hannen hâlde woe.

Neffens de Skotske tradysje wie it Menteith dy't de frijheidsstrider William Wallace oan 'e Ingelsen ferrette of oerdroech, wat late ta Wallace syn berjochting en feroardieling foar ferrie en syn dêropfolgjende marteldea op it skavot yn Londen. Sadwaande kaam Menteith neitiid yn Skotlân bekend te stean as the Fause Menteith (Skotsk foar "de Falske Menteith"). Neffens de Ingelske kronykskriuwer Piers Langtoft ûntdiek Menteith Wallace syn skûlplak te Robroyston, yn 'e neite fan Glasgow, troch de ferriedlike ynformaasje fan Jack Short, Wallace syn tsjinstfeint. Neitiid soe Menteith Wallace by nacht oer it mad kommen wêze.

Oer Menteith is fierders net folle bekend. Hy moat omtrint 1323 stoarn wêze, yn 'e âlderdom fan likernôch 48 jier.

Neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in ûnbekende oarehelte hie Menteith teminsten trije bern:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side.