Marjorie, grevinne fan Carrick

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marjorie fan Carrick
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1253
berteplak Kastiel fan Turnberry? (Skotlân)
stjerdatum koart foàr 9 novimber 1292
stjerplak Kastiel fan Turnberry? (Skotlân)
dynasty Hûs fan Carrick
Hûs MacDuff (fia 1e houlik)
Hûs Bruce (fia 2e houlik)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
grevinne fan Carrick
amtsperioade 12561292
(fanôf 1272 ûnder regintskip fan man)
foargonger Neil
opfolger Robert
frouwe (gemalinne) fan Annandale
amtsperioade 12721292

Marjorie fan Carrick, grevinne fan Carrick (wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1253Kastiel fan Turnberry? (Skotlân), koart foàr 9 novimber 1292) wie in Midsiuwsk Skotsk ealfrouwe, dy't jierrenlang yn eigen namme it greefskip Carrick regearre. Hja is benammen bekend wurden as de mem fan 'e ferneamde Skotske kening Robert I (Robert de Bruce).

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marjorie waard omtrint 1253 berne, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, de residinsje fan 'e greven fan Carrick, yn Ayrshire, yn súdwestlik Skotlân. Hja wie de âldste fan 'e fjouwer of mooglik fiif dochters fan Neil, greve fan Carrick, en dy syn frou Margareta Stewart, en kaam út in âld Gaelysk laach. Nei it ferstjerren fan har heit, yn 1256, regearre Marjorie sa'n fyftjin jier lang yn eigen namme oer it greefskip Carrick. Har earste man wie Adam fan Kilconquhar, dy't ta de Clan MacDuff hearde en yn 1271 ûnder de Njoggende Krústocht yn it Hillige Lân sneuvele yn 'e striid tsjin 'e Sarasenen.

Neffens in troch de measte moderne histoarisy as apokryf beskôge ferhaal soe in wapenbroer fan Kilconquhar, Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, neitiid de jonge widdo de deatynge fan har man oerbrocht hawwe. Marjorie soe doe fereale rekke wêze op 'e kreaze boadskipper, en Annandale op har kastiel finzen holden hawwe oant er deryn tastimde om mei har te trouwen. Yn elts gefal fûn dat houlik plak yn 1272, mar om't it breidspear fersomme hie en freegje tastimming oan 'e Skotske Kroan, waarden neitiid Marjorie har kastiel en lânerijen tydlik yn beslach nommen, oant der oan in foarse boete foldien wie.

Fanôf harren trouwen regearre Annandale, sa't doedestiden wenst wie, yn 'e namme fan syn frou oer har greefskip. Hja krigen ferspraat oer fyftjin jier mar leafst alve bern. Oer Marjorie fan Carrick is fierders net in protte bekend. Hja ferstoar koart foàr 9 novimber 1292, yn 'e âlderdom fan likernôch 39 jier.

Houliken en neiteam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Marjorie, grevinne fan Carrick, troude omtrint 1270 mei Adam fan Kilconquhar, dy't yn 1271 ûnder de Njoggende Krústocht yn it Hillige Lân sneuvele. Der bestiet in tradysjoneel ferhaal dat Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, de soan wie fan Marjorie har ienlingsdochter út har earste houlik mei Adam fan Kilconquhar. Moderne histoarisy wize dit fan 'e hân, mei't in dochter út har earste houlik neffens de Gaelyske gewoanten it greefskip Carrick fan har mem urven hawwe soe. Men giet der dus fanút dat Marjorie har earste houlik sûnder bern bleau. It ferhaal oer in docher waard wierskynlik letter betocht om te ferklearjen wêrom't de greve fan Moray wol in omkesizzer fan Robert I fan Skotlân neamd waard.

Marjorie, grevinne fan Carrick, wertroude yn 1272 op it Kastiel fan Turnberry mei Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale (1243-1304). Hja hiene 11 bern:

Guon histoarisy binne fan betinken dat Margareta en Elizabeth Bruce gjin dochters fan Marjorie fan Carrick wiene, mar mooglik oerwûne bern fan har man en ien of mear mêtresses.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources, op dizze side.