Annandale
- Dizze side giet oer de eardere Skotske hearlikheid Annandale. Foar oare betsjuttings, sjoch: Annandale (betsjuttingsside).
Annandale (Ingelsk: Annandale, útspr.: ['ænənde:l], likernôch: "ennendeel"; Skotsk-Gaelysk: Srath Anann, útspr.: [sraθ 'anan], likernôch "sraz annan") is in delling en in eardere hearlikheid yn it súdwesten fan Skotlân. De krite leit binnen it moderne Skotske greefskip Dumfries en Galloway en is ferneamd nei de rivier de Annan. Annandale rint yn noard-súdrjochting troch de heuvels fan it Súdskotsk Berchlân, fan Annanhead Hill, by Moffat, yn it noarden, oant Annan, oan 'e kust fan 'e Solway Firth yn it suden. Oan 'e eastkant wurdt de delling omsletten troch de Moffat-heuvels en yn it westen troch de Lowther-heuvels. Yn 2009 waard de Annandalewei iepene, in 85 km lang kuierpaad dat de rin fan 'e rivier de Annan súdoan troch de delling folget fan it plak dêr't er ûntspringt yn 'e heuvels oant it plak dêr't er útmûnet yn 'e see.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk wie Annandale in hearlikheid dy't ien fan 'e distrikten foarme dêr't it Midsiuwske Keninkryk Skotlân út opmakke wie. De hearlikheid Annandale grinzge yn it easten oan Liddesdale, yn it noarden oan Tweeddale, yn it noardwesten oan Clydesdale, yn it westen oan Nithsdale en yn it suden oan 'e see. Annandale is ferneamd om syn konneksje mei de Midsiuwske Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce, waans famylje goed twahûndert jier lang de titel 'hear fan Annandale' droech.
Annandale waard yn 1124 troch kening David I fan Skotlân oan it Hûs Bruce yn lien jûn. Yn dy tiid wie it krekt as bygelyks Carrick in grinsgebiet dat as buffersône fungearre tusken David syn eigen gebieten yn Strathclyde en Kumbria en it kwasy-ûnôfhinklike keninkrykje Galloway. Under de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1296-1328), doe't Robert de Bruce himsels kroane liet ta kening fan Skotlân en lieding joech oan in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking, hiene it lân en de befolking fan Annandale bytiden slim te lijen ûnder oarlochsgeweld.
Annandale makke ûnderdiel út fan it sheriffskip fan Dumfries, en kaam sadwaande letter ta it bestjoerlike greefskip Dumfriesshire te hearren, dat yn 1889 opgie yn Dumfries en Galloway. Hjoed de dei is Annandale ien fan 'e trije tradisjonele kriten yn it histoaryske Dumfriesshire, yn 'e mande mei Nithsdale en mei Eskdale, dat yn 'e Midsiuwen in ûnderdiel fan Liddesdale wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |